• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Ynternasjonale studinten yn Grins foar ‘Old Frisian Summer School’

8 juli 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Fan 7 oant en mei 11 july binne studinten fanút de hiele wrâld yn Grins foar de ‘Old Frisian Summer School’. De OFSS fynt sûnt 2019 twajierliks plak, om-en-om yn it Britske Oxford en yn Grins, as in gearwurking fan dy beide universiteiten. Dochs is dit pas de earste kear dat de ynternasjonale studinten yn de Martinistêd delstrike: yn 2021 moast de Grinzer edysje noch online troch koroana. De 33 dielnimmers krije in wikelang fan allerhanne ekspêrs les oer it Aldfrysk. Op de woansdeis is der in dei yn Ljouwert, dêr’t hja ûnder oaren delgean by de Fryske Akademy, it Frysk Museum, it Provinsjehûs en Tresoar, dêr’t se ek de Aldfryske hânskriften fan de ferneamde Richthofenkolleksje besjen sille.

It Aldfrysk is it Frysk fan de midsiuwen, doe’t Fryslân noch folle grutter wie as no, ynklusyf de Grinzer Ommelannen en it Dútske Ostfriesland. De Friezen skreauwen foaral rjochtsrigels op – yn it Frysk, om’t de Friezen doe frij wienen en dy frijheid útdrukten troch harren eigen rjocht yn harren eigen taal fêst te lizzen. De ynternasjonale oandacht foar it Aldfrysk nimt al mar ta, mei troch de takenning fan in UNESCO-erfgoedstatus oan de Richthofenkolleksje fan Tresoar, yn 2022. Mar foaral om’t it Aldfrysk tige nei besibbe is oan it Aldingelsk, dat troch tûzenen minsken oer de hiele wrâld bestudearre wurdt.

De Old Frisian Summer School is in inisjatyf fan Anne Tjerk Popkema (Ryksuniversiteit Grins) en Johanneke Sytsema (Oxford University), dy’t ek de organisaasje yn hannen hawwe. Tresoar en de Fryske Akademy binne partners, wylst de Stifting FFYRUG finansjele stipe ferlient.

Op de website fan de OFSS is ek it programma te downloaden: https://www.rug.nl/education/summer-winter-schools/old-frisian/

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte Tags: aldfrysk, Old Frisian Summer School

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d