De earste wike fan oktober is de lanlike Kinderboekenweek. Ynspirearjend Meartalich Underwiis slút alle jierren by it lanlike tema oan mei in Fryske Berneboekewike wêr’t Fryske boeken de basis foarmje om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean.
Alle jierren fersoarget YMU in pear wiken foar de Berneboekewike in Masterclass foar leararen, taal- en lêskoördinatoaren en lêskonsulinten. Der is in ynspiraasjemerk, de skriuwers fan de boeken komme te sinjearjen, der is muzyk, toaniel en in tal wurkwinkels. Koartsein: in middei foar moeting, ynspiraasje opdwaan en gesellichheid.
In 2025 fynt de Masterclass plak op 10 septimber. De ynrin is om 14.30 oere mei kofje, tee en nijsgjirrige stands. Nei ôfrin fan de Masterclass, om 17.00 oere hinne, krijt elkenien fergees in boek én in magazine dêr’t in skat oan lêsideeën foar elke bou yn te finen is.
Mear ynformaasje en opjefte fia Ynspirearjend Meartalich Underwiis


Laat een reactie achter