• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

3 sept 2025: yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

4 augustus 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Foto: Paul van Dijk, fia Tresoar

Dyn literêre talint ûntwikkelje? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 24 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 3 septimber is der in fergees tagonklike yntroduksjeles. 

Yn it lesblok Skriuwtechniken A komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken A, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is.

De 12 lessen fan de kursus Skriuwtechniken A binne fan 24 septimber ôf op woansdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert. It lesjild is 540 euro. Krigest les fan Arjan Hut.

Yntroduksjeles

Op woansdei 3 septimber fan 19:00 oant 21:30 oere is der in fergees tagonklike yntroduksjeles Skriuwtechniken A by Tresoar yn Ljouwert.
Oanmelde foar de yntroduksjeles kin troch in mail te stjoeren nei de Skriuwersfakskoalle.

Wolst earst mear ynformaasje? Mail dan mei info@leeuwardencityofliterature.nl.Oer de Skriuwersfakskoalle

De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken A is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei fakken as Proaza, Essay of Poëzij. Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goede wize kommentaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle.

Nije lesblokken /data:

  • Skriuwtechniken A: 24 septimber; 1, 15 en 29 oktober; 5, 19 en 26 novimber; 10 en 17 desimber 2025; 7, 21 en 28 jannewaris 2026.
  • Skriuwtechniken B: 24 septimber; 1, 15 en 29 oktober; 5, 19 en 26 novimber; 10 en 17 desimber 2025; 7, 21 en 28 jannewaris 2026.
  • Poëzy 1: 24 septimber; 1, 15 en 29 oktober; 5 en 12 novimber; 3 en 17 desimber 2025; 7 en 21 jannewaris 2026.

Ynskriuwe foar de lesblokken kin op www.skriuwersfakskoalle.frl. Neist de lesblokken jout de Skriuwersfakskoalle ek losse kursussen. Ynformaasje dêroer is ek te finen op de webside.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: skriuwersfakskoalle, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d