
Al wer aardich mear as in heale iuw lyn, yn 1969, waard yn Utert in stúdzjekonferinsje hâlden oer de bestudearring fan de Fryske taal en letterkunde oan de Nederlânske universiteiten. De ynlieder oer de stúdzje fan it Aldfrysk wie drs. (letter prof. dr.) H.D. Meijering. Ik wol hjirre graach ien fan de stellingen by syn ynlieding oanhelje:
Beschrijving en bestudering van het Middelnederlands zoals dat in Friesland geschreven werd, is van even groot belang als beschrijving en bestudering van het gelijktijdige Oudfries.
Ik tink net dat alle dielnimmers oan de konferinsje dat radikale stânpunt (“van even groot belang”) dielden. Dat skuort lykwols net út dat njonken it Aldfrysk út soarte ek it yn Fryslân skreaune Middelnederlânsk beskriuwing en bestudearring fertsjinnet. Krektgelyk as by de bestudearring fan it Aldfrysk binne dêr tekstútjeften foar needsaaklik. Al yn 1883 binne de yn it Middelnederlânsk optekene stedsrjochten fan Boalsert en Snits útjûn. Wat dêrnei foaral noch miste, wie in edysje fan de Middelnederlânske oarkonden út Fryslân. In part dêrfan koe wol al yn âldere útjeften rieplachte wurde, mar dy foldogge winliken net oan de easken fan betrouberens dy’t benammen foar taalkundich ûndersyk steld wurde. Der bestie dus ferlet fan in edysje – foar in part in nije edysje – fan Middelnederlânske oarkonden út Fryslân.
Oarkonden
Oarkonden binne skriftlike dokuminten dy’t tsjinje kinne as bewiis fan in rjochtshanneling. Oars as wetsteksten jouwe se in byld fan de praktyk fan it rjocht. It seit himsels dat se fan grut belang binne foar histoarysk ûndersyk. Lykwols, ek foar de taalkundige befetsje se weardefolle ynformaasje, teminsten wannear’t se net yn it Latyn, mar yn folkstaal skreaun binne. In sterk punt fan oarkonden is dat se datearre en boppedat yn ‘e regel ek goed te lokalisearjen binne. Noch better is it wannear’t ek noch út te finen is wa’t it stik skreaun hat. Sa leverje folkstalige oarkonden prachtich materiaal op foar it bestudearjen fan taalferoaring en ek fan regionale taalfariaasje.
Myn belangstelling giet al lang út nei oarkonden. Sa ha ik my earder al set ta it útjaan fan de Aldfryske oarkonden dy’t net opnommen wienen yn de earder ferskynde edysje (yn trije dielen) fan Piter Sipma. No is it sa dat it útjaan fan oarkonden njonken it bieden fan in transkripsje fan de tekst net mear ynhâldt as it jaan fan in koarte gearfetting fan de ynhâld (‘regest’) en ynformaasje oer fynplak, foarm fan oerlevering (orizjineel of kopy), besegeling en eventuele eardere edysje. Yn oarkonde-edysjes wurdt dus gjin oersetting en alhielendal net in ynhâldlike taljochting by de tekst jûn. Sels fielde ik lykwols it ferlet om dat krekt wól te dwaan. Dêrta ha ik in seleksje fan hûndert Aldfryske oarkonden makke dy’t ik oerset ha yn it Nederlânsk én it Nijfrysk en dêr’t ik in wiidweidige ynhâldlike taljochting by jou. Dat hat in mânsk boek opsmiten, dat yn 2021 ûnder de titel Ferdban. Oudfriese oorkonden en hun verhaal ferskynd is.
Doe’t ek dat boek klear wie, ha ik my, mei Meijering syn oantrún yn de efterholle, útlein op it útjaan fan de Middelnederlânske oarkonden út Fryslân. Dat projekt is no ek ôfsletten en wol mei it ferskinen, yn july 2025, fan Middelnederlandse oorkonden uit Friesland (tot 1501), bewerkt door Oebele Vries (útjouwerij Noordboek; FA nr. 1144). Dat is, foar alle dúdlikens, in ‘klassike’ útjefte, dus sûnder oersetting en ynhâldlike taljochting.
Taljochting by de edysje
De âldste fan de goed twahûndert oarkonden yn Middelnederlandse oorkonden uit Friesland datearret út 1374. Dy stiet oars wol wat op himsels, want de folgjende is pas fan 1413. It giet yn dizze edysje dus, op dy iene útsûndering nei, om oarkonden út de fyftjinde iuw. Dêrby is it fan belang om te witten dat yn dy tiid yn Fryslân, oars as nei 1500, net it Nederlânsk, mar it Frysk de dominante skriuwtaal wie. Der binne út dy tiid út Fryslân dan ek folle mear Aldfryske as Middelnederlânske oarkonden bewarre bleaun.
Yn de ynlieding fan it boek gean ik koart yn op ‘e ‘taalkleur’ fan de opnommen oarkondeteksten. Dat bliuwt beheind ta in ferwizing nei de licht eastlike ynslach fan in lyts tal oarkonden, dy’t bliken docht út skriuwwizen lykas apen ynstee fan open en auer ynstee fan ouer. Fierders neam ik dêr dat ien inkelde oarkonde in sterk eastlike ynslach sjen lit. Hjirre kin dêr noch fan sein wurde dat wy dêr foarmen yn fine lykas vnde (= unde) ynstee fan ende, nycht ynstee fan nyet en nyghen ynstee fan nyen. It sil wol gjin tafal wêze dat dy oarkonde [nr. 41 yn de útjefte] ôfkomstich is út it uterste easten fan Fryslân, te witten út Gerkeskleaster. Wat wy yn dizze oarkonde foar ús ha is de eastlik-middelnederlânske of westlik-leechdútske skriuwtaal – it ferskil tusken dy beiden is hast net út te meitsjen – fan de Ommelannen.
Ut in taalkundich eachpunt wei besjoen ek nijsgjirrich is dat yn guon oarkonden Fryske ynterferinsjes oan te wizen binne, wylst dy yn oaren krekt hielendal ôfwêzich binne. Yn dy lêsten sjogge wy inkeldris ek wol ris in wrakseling om typysk Fryske begripen yn it Middelnederlânsk wer te jaan. Hjirby ien foarbyld. Yn keapakten fan lân út de fyftjinde iuw út Fryslân komt ornaris in bûten Fryslân net bekende alliterearjende pearformule foar dêr’t yn útdrukt wurd dat de ferkeaper greed ende grund (letterlik: greide [yn de oarspronklike betsjutting fan wat groeit op it lân] en grûn) of, ek wol oarsom, grund ende greed oan de keaper oerdraacht. Ien oarkondeskriuwer, dy’t blykber net goed wist wat mei greed bedoeld waard, hat dy útdrukking nijsgjirrigernôch werjûn mei de wurden grunt ende greten [nr. 102 yn de útjefte]. Yn hast alle oare Nederlânsktalige keapakten fan lân út Fryslân út de fyftjinde iuw wurdt it yn it Middelnederlânsk ûnbekende begryp greed net oerset. Sadwaande hat it Middelnederlânsk Wurdboek fan Verwijs en Verdam, dêr’t ek de Middelnederlânske teksten út Fryslân yn achtslein binne, wól in lemma grede, mar dêr wurdt dan it folgjende fan sein: Een woord dat alleen in friesche rechtsbronnen voorkomt, en slechts in verbinding met gront, waarmede het eene alliteratie vormt.
Om ôf te sluten: ik hoopje dat ik mei dizze útjefte net allinnich prof. Meijering, mar ek gâns oaren in tsjinst bewiisd ha.

It is in hiele moaie weardefolle útjefte, Oebele! Tige tank
“Dêrby is it fan belang om te witten dat yn dy tiid yn Fryslân, oars as nei 1500, net it Nederlânsk, mar it Frysk de dominante skriuwtaal wie.” Freegje ik my dochs ôf, wêrom waard it Middelnederlânsk dan eins opskreaun? Fryslân wie selsstannich, der hoechde net kommunisearre te wurden mei frjemde machthawwers dy’t gjin Frysk prate. Dus yn hokfoar kontekst wie dat Nederlânsk brúkt?
Op dy fraach ha ik besocht antwurd te jaan yn myn boek ‘Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal’.