
Op sneon 4 oktober is de 71ste útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen yn Jellum. By dy útrikking is der muzyk fan KASPAR. De prizen wurde útrikt troch wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert.
Trije ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Blineman’ fan Gertrud Palstra, ‘In simmerjûn yn Seachlum’ fan Gerrit Hoekstra en ‘Psych Aid’ fan Sytse Jansma. De winnende gedichten binne ‘Refleksje’ fan Fedde Douwes Dijkstra, ‘Meiboartsje’ fan Pim Rodenboog en ‘De swimmers’ fan Tryntsje van der Steege.
Foar de Rely Jorritsmapriisfraach 2025 wienen 90 ynstjoeringen ynkommen, te witten 43 ferhalen en 47 gedichten. De sjuery bestie diskear út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman.
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.
Mear ynformaasje en opjefte
- datum: 4 oktober 2025
- tiid:15.00 oere
- plak: de Teatertsjerke It Mammemahûs te Jellum, Hegedyk 15
- opjefte: Yn ferbân mei de neisit wol de organisaasje graach foar tiisdei 30 septimber o.s. witte wa’t fan doel is der by te wêzen. Opjaan kin troch te mailen nei antje.postma@ventoux-org.com.

Laat een reactie achter