
Dit jier wurdt de Gysbert Japicxpriis útrikt oan Elmar Kuiper foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. Yn de wike foarôfgeand oan de útrikking op sneon 11 oktober, binne ferskate aktiviteiten om Elmar Kuiper en syn wurk yn it sintsje te setten. Op snein 5 oktober fynt in hommaazje plak: in muzikale en literêre middei yn Kafee de Gouden Leeuw yn Tresoar. Kom op dizze middei yn ‘e kunde mei de skriuwer en it priiswinnende boek: Ferlosboartsje.Programma
13.30
– Ynrin mei kofje/tee
14.00
– Start programma mei muzyk fan de Tigers fan Greonterp
– Iepening programma troch Arjen Dijkstra fan Tresoar
– Oer de bondel troch Abe de Vries
– Muzikaal yntermezzo
– Ynterview troch Abe de Vries mei Elmar Kuiper
– Gedichten troch Remco Kuiper
– Muzikaal yntermezzo
– Priuwke út de bondel troch Elmar Kuiper
15.30
Neisit mei fris/in flaubyt en boeksinjearjen troch Elmar Kuiper. De boeken fan Elmar Kuiper binne te keap.
16.30
Ein
Oanmelde foar de middei kin fia Tresoar. Fol = fol!

Laat een reactie achter