• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Humor yn Fryske literatuer: Hylkje Goïnga

19 september 2025 door Douwe Kootstra Reageer

Yn de Fryske literatuer falt in soad te laitsjen. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme. Douwe Kootstra, Doeke Sijens, Bouke Oldenhof en Babs Gezelle Meerburg ferdjippen har yn de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart hâlden dêr it ôfrûne foarjier in lêzing oer yn Kafee De Gouden Leeuw by Tresoar. Yn dit dossier fynst de teksten fan harren lêzingen.

Diel I: Douwe Kootstra oer Hylkje Goïnga (1930-2001).

Hylkje Goïnga wié humor en sa ad rem as in wynhûn

Hylkje Goïnga stiet ergens yn de Súdwesthoeke op it plein fan in basisskoalle. Se is dêr, omdat se foarljochting jaan sil oer ‘mondhygiëne’. Se wurket as konsulinte ‘Voorlichting Jeugdtandverzorging’. In knaap út groep acht komt op har ta en freget: ‘Hasto ek in kut?’ ‘Jawis,’ gniist Hylkje, ‘wolst ’em sjen?’

In foarbyld fan Hylkjehumor. Noch ien. De Strikelredaksje sit al rokend, drinkend en kedizend by elkoar oan de grutte tafel yn hotel-restaurant De Pauw yn Ljouwert foar it grutte rút links fan de yngong. It is al desennia in soarte fan tradysje dat der yn ’e rin fan ’e jûn út en troch ien of twa kultureel besibbe oanrinners oanskowe. Diskear is it Cees Bijlstra, musikus, komponist en programmamakker by Omrop Fryslân. Daliks is al dúdlik dat er omraak fan syn favorite wite wyn preaun hat, want hy kin amper út ’e wurden komme. As it petear in momintsje stil falt – in unicum tidens in Strikelgearsit – sjocht Hylkje Cees mei har ‘pretoogjes’ strak oan en seit sabeare ferheard: ‘Wat no Cees, hast it gebit der út?’

Ik moat Strikelje

Foardat de Strikelders by elkoar kamen yn De Pauw sieten se jierrenlang yn it Oranjebierhuis midden yn ’e stêd. Hylkje kaam dêr mei de auto. Dat mocht doe noch. Se arrivearre ek wol ris te let. Yn it minyboekje Hjir de foto wer, briefkes fan Hylkje (ien fan de bysûndere útjeften fan Willem Winters syn útjouwerij Perio), beskriuwt âld-Strikelredakteur Pieter de Groot ûnder de titel ‘In bysûndere einredaktrise’ wêrom’t se te let kaam.

“Doe’t se ienkear wist hoe’t se dêr komme moast, wie se op ’e tiid (om healwei achten hinne). As in strjitte opbrutsen wie of de brêge der út lei, liet har oriïntaasjegefoel har yn ’e steek. Hylkje: ‘Mar twa kear hat de plysje my te plak brocht: ‘Wêr moatte jo hinne, mefrou?’ ‘Ik moat Strikelje yn it Oranjebierhûs. En ien kear bin ik achter de plysjeauto oanriden de stêd út, doe’t ik yn de hoeristyske kontreien fêstrûn wie.’ “ Stik foar stik typys Hylkje-sênes.

Yn deselde ynlieding fermeldt Pieter de Groot dat se 37 jier yn de redaksje siet, like lang as dit moanneblêd bestien hat (1958-1995). ‘Ja, der hat noait ien west dy’t sei, dat ik derút moast, mar ek noait ien dy’t sei, dat ik bliuwe moast,’ joech se yn it allerlêste nûmer as ferklearring op har geastige Hylkje-eigen wize.

Se wie humor

Never a dull moment mei Hylkje der by. Hylkje wié humor en sa ad rem as in wynhûn. It spatte har ta de eagen út. Yn de roman Frijende kikkerts (1985) beskriuwt se de haadpersoan Martha as ‘… in fleurige frou, mei in soad gefoel foar humor en mei in waarme belangstelling foar de minsken om har hinne …’ Dêr omskriuwst se harsels. Sa ha ik Hylkje ek kennen. Earst skreau se oer Martha, letter wie se Martha.

Krekt as yn har ferhalen, belibbe se, foaral yn de jierren sleepjende relaasjeperikelen mei har eks-man Anne Wadman, de meast gekke en hilarise dingen. Se moast oan it begjin fan elke redaksjegearkomst stoom ôfblaze en fertelde smaaklik en yn detail oer wat se allegear meimakke hie. It iennichste ferskil mei har ferhalen wie, dat der yn Hylkje har eigen belibbenissen gjin deaden foelen.

Cakes, tassen en skelken

Trettjin jier ha ik mei Hylkje yn ’e Strikelredaksje sitten. By oare gelegenheden, û.o. op ’e skriuwerswykeinen yn Koartehimmen, troffen we elkoar ek geregeld. Se wist my altyd wer te ferrassen en oan it laitsjen te bringen. Sa stie se in kear ynienen by ús op ’e stoepe en sei: ‘Sjoch dit is altyd handich,’ en treau my in feger en blikje en in sels makke skelk yn ’e hannen.

It bakken fan hiele rigen cakes en it naaien fan steapels skelken wienen orizjinele aksjes, dy’t hielendal by dizze handige en sosjale frou pasten. Ek kocht se in partij tassen, hiele deeglike, fan seildoek. Dy joech se, krekt as de cakes en de skelken, rûnom kado. Ien fan dy tasse-aventoeren is ûnder de titel ‘Foar in goed doel’ werom te finen yn de bondel In superman fersûpt net en oare ferhalen (1982).

Hast alle korrespondinsje gong doe noch oer de post. Dus krige ik geregeld in briefke fan Hylkje. Faak siet der wat ekstra’s by de slúf yn: in teepûdsje, in fearke, in bierfiltsje of wat se ek mar ûnder hânberik hie by it skriuwen. Bysûnder.

Humor yn de Martha-ferhalen

De Martha-ferhalen sitte grôtfol humor. Galgehumor faak, want leed, lijen en tragyk rinne lykop mei alle gekkichheid yn har teksten. De bekende ‘lach en een traan’. Se koe as gjinien mei help fan it hilarise aspekt de finger lizze op de seare plakken fan de minske en syn bestean.

Twa foarbylden. Yn it ferhaal ‘Optimaal funksjoneare’ is Martha te iten by freondinne Jessica. Jessica har man is fuort. Nei lang trochfreegjen bekent Jessica dat se him dea sketten en yn stikjes yn ’e friezer opburgen hat. No’t se him kwyt is, kin se wer optimaal funksjoneare yn it libben. ‘En sa hat Pyt it wollen, Martha.’ Tidens dizze konversaasje stookt se syn klean op yn ’e iepen hurd, in hiel gestjonk. It fleis by harren waarme miel is fan Pyt. Mar Jessica hat noch wol in probleemke:

‘Bliuwst fansels mei dingen sitten: syn eagen, syn earen, syn noas, fingers en fuotten en dan natuerlik syn witst-wol en noch wat fan dat lytse guod.’
Martha hat ûnderwylst slim it soer krigen en besiket de knoop fan har broek wer ticht te krijen. Jessica wol Martha graach wat fleis mei jaan, dat rommet moai op. Martha is net happich, mar wol nijsgjirrich. Wylst se yn ’e iepen friezer steane te koekeloeren, konstatearret Martha: ‘Ik seach mar ien ear, de skonken hie se by it ankel ôfseage, de hannen by de polsen. Ik koe it net litte. Ik frege: ‘Wêr hast syn ding, Jessica?’
As Martha thús komt, seit se tsjin Jaap, har man: ‘Jessica hat it net sa maklik. Se sit freeslik mei him yn ’e mage. En ik ek …’

Yn alle fazes fan Martha har libben bliuwt de faktor humor, bedoeld en ûnbedoeld, in konstante. Yn it boekewikegeskink Nei it park (1992) bygelyks moat de justjes deminte Martha fan har bern en de hûsarts nei in fersoargingshûs. Martha ferrekt it. Se wol yn har hûs bliuwe. Noch altyd in tige eigentiidse problematyk. Dat wegerjen komt har op geregelde ynspeksjebesites fan de dochters te stean. Diskear is it Janna dy’t in slach troch Martha har keet docht.

‘Makket mem har bêd net mear op?’
Ik sei: ‘Nee, dat docht mem net mear.’
‘En ferskjinnet mem de lekkens noch wol en it sloop?’
‘Nee,’ sei ik, ‘dat docht mem ek net mear. Is it smoarch?’
It wie noch net smoarch, sei se en se rûkte der oan, ‘mar it moat wol. It heart wol sa. En hoe sit it mei it ûnderguod? Docht mem wol alle dagen in skjinne ûnderbroek oan? ‘Nee,’ sei ik. ‘Dêr bin ik ôfstapt. Ik kear him om, dat kin likegoed.’

En sa soe ik noch siden lang troch gean kinne mei it jaan fan foarbylden fan Hylkje en har humor. Folle better is it en lês de ferhalen (wer). Se bliuwe kwa thematyk aktueel, ommers it gedonder tusken man en frou is fan alle tiden. En de humor hat neat oan krêft ferlern.

Har boeken binne útferkocht, mar op fersyk fan soan Thys Wadman ha ik twa bondels gearstald mei in seleksje fan tsien Marthaferhalen:

Tsien fan Hylkje (2016) en It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen (2019). Beide útjeften binne noch te krijen.

Dit is de tekst fan in lêzing dy’t Douwe Kootstra hâlden hat op 24 april 2025. Dit stik is earder ferskynd op de webside fan Tresoar.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: humor, letterkunde, literatuur, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d