• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

MAYTE winner Frysk Sjongfestival Liet 2025

15 september 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Winner MAYTE. Foto: Piet Douma/PDF-Grafi

MAYTE hat tongersdei 11 septimber it Frysktalige sjongfestival Liet wûn. Fan de sân finalisten krige MAYTE de measte punten fan de fak- en publyksjuery. Derneist
wûn MAYTE ek de Gryt van Duinen-tekstpriis.

It nûmer dêr’t MAYTE de finale mei wûn, hjit ‘It dûnset yn my’. “Myn eigen proses fan famke nei jonge frou is myn ynspiraasjeboarne west foar it liet”, sei MAYTE. Yn’e wike fan 15 septimber sil Mayte tegearre mei Anna Spark en Anke Stilma, stride om’e ticket foar it Regiosongfestival. De winner fan dizze striid fertsjintwurdiget Fryslân en Omrop Fryslân op 1 novimber op it Regiofestival yn Arnhem.

Op it twadde plak einige Anna Spark mei ‘Hjir wei’ en tredde waard Anke mei ‘By alles watst dochst’.

De Gryt van Duinen-tekstpriis foar de bêste tekst gong ek nei MAYTE mei ‘It dûnset yn my’’. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje. De foarsitter fan de faksjuery, Christa Niklewicz, rikke de tekstpriis út. ‘It dûnset yn my’ is in tekst, dy’t dy meinimt yn in persoanlik proses. Nijsgjirrich is it gebrûk fan werkenbere libbensfragen, en dat der neist it swiere, ek romte is foar it lichte. De orizjinaliteit sit him benammen yn it net foarsisbere yn de tekst, wêrtroch’t de sjuery fan miening is dat der wier wat te belústerjen is.”

Anke Stilma en Anna Spark krigen nei MAYTE de measte publyksstimmen en dêrmei pleatsten hja har streekrjocht foar de battle om in ticket nei it Regio Songfestival yn
Arnhem.

De finale fan Liet yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn sette út ein mei de winner fan de finale fan Liet 2024, Fegebart. It publyk kaam fuortendaliks los mei it liet
‘Bingojûn’. Grymtosk, de tip fan Aaipop, brocht ‘It Houten Bankje’ op it poadium en Max Bosman song syn Frysktalige ferzje fan it liet ‘De Held en de Lul’. Wat wie it wer in feest! Mar wy hawwe benammen genoaten fan de finalisten, wat in jong talint en wat in ferskaat oan muzyk en teksten krige it publyk te hearren.

De folsleine útslach fan Liet 2025:

  • MAYTE, 58 punten
  • Anna Spark, 44 punten
  • Anke, 42 punten
  • Anke Stilma, 35 punten
  • Sym&Sanne, 32 punten
  • WEL MOED, 25 punten
  • Rowan Veltman, 24 punten

    Delen:

    • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
    • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
    • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
    • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
    • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
    • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

    Vind ik leuk:

    Vind-ik-leuk Aan het laden...

    Gerelateerd

    Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: muzyk, regionale talen

    Lees Interacties

    Laat een reactie achterReactie annuleren

    Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

    Primaire Sidebar

    Wurd fan ‘e wike

    Temjitte

    yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
    Nederlânsk: tegemoet

    ➔ Lees meer
    • Facebook
    • YouTube

    Aginda

    o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

    o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

    3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

    ➔ Lees meer
    1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

    1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

    1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

    ➔ Lees meer
    o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

    o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

    28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

    ➔ Lees meer
    7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

    7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

    23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

    ➔ Lees meer
    4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

    4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

    23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

    ➔ Lees meer

    Footer

    Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

    ISSN 0929-6514
    Bijdragen zijn welkom op
    redactie@neerlandistiek.nl
    • Homepage
    • E-books
    • Neerlandistische weblogs
    • Over Neerlandistiek
    • De archieven
    • Contact
    • Facebook
    • YouTube

    Inschrijven voor de Dagpost

    Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

    Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

    • Homepage
    • Categorie
      • Voor de klas
      • Vertelcultuur
      • Naamkunde
    • Archief
      • 10 jaar taalcanon
      • 100 jaar Willem Frederik Hermans
    • E-books
    • Neerlandistische weblogs
    • Jong Neerlandistiek
    • Frisistyk
    • Mondiaal Neerlandistiek
    • Over Neerlandistiek
    • Contact
     

    Reacties laden....
     

      %d