
Op sneon 11 oktober o.k. set de kursus Leewarders (‘Liwwadders’) útein. Pieter de Groot (publisist oer Ljouwert en âld-sjoernalist fan de Ljouwerter Krante) en Reitze Jonkman (wittenskiplik ûndersiker fan it stedsdialekt yn Ljouwert) jouwe yn oktober 4 kear om bar les (De kursus wurdt oek in die taal geven). Krekt as in pear jier lyn wurdt de kursus organisearre foar wa’t wat mear witte wol oer en/of skriuwen leare wol yn it prachtige Stedsk fan Ljouwert. By dizze lessen komme achterinoar skiednis, fiksje, taalkunde en skriuwen op it aljemint.
Der sil dêrby ek gebrûk makke wurde fan it spesjaal foar dizze kursus útjûne boekje mei de âldste tekst ‘in eenen platte Leeuwarder taal’ Het Vermaak der Slagterij (1768) fan Anne Jeltema, de doetiidske stedsdichter (sjoch hjirboppe).
ynformaasje
- Plak: HCL Grienewei 1 Ljouwert
- Datums lessen: 11 oktober, 18 oktober, 25 oktober, 1 novimber
- Begjin: 14.00 oere oant uterlik 17.00 oere.
Kosten meidwaan oan kursus: € 40,00 pp (foar û.o. Het Vermaak der Slagterij). Dat kin op it HCL sels foldien wurde by de resepsjebaly. Organisaasje: HCL en Aed Levwerd. Oanmelde: https://cursusliwwadders.eventbrite.nl
Dy link kinne jo ek fine by de ynformaasje oer de aktiviteit en op it HCL-webstek. Slagget dat net, stjoer dan in mail nei: historischcentrum@leeuwarden.nl of belje mei 058 -2332350. Fanwegen de feilichheid foar alle aktiviteiten: fol is fol.

Laat een reactie achter