• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Syds Wiersma, Pieter Tjeerdsma & Douwe Breimer beneamd ta nije leden fan de Fryske Akademy

13 september 2025 door Redaksje Frisistyk

Foto: Marieke Balk

Op grûn fan harren bysûndere bydrage op it wittenskiplik dan wol maatskiplik mêd fan de Fryske taal, kultuer en Fryslân yn it algemien, hat it ûndersyksynstitút Fryske Akademy trije nije leden beneamd: em. prof. dr. Douwe Breimer, dokumintêremakker Piter Tjeerdsma en wittenskipper en dichter Syds Wiersma.

Tjeerdsma en Wiersma hawwe op de 87e Akademydei, yn BOEL (Zalen Schaaf) yn Ljouwert harren ûnderskieding krigen út hannen fan Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Breimer sil op in letter momint yn it sintsje set wurde.

De leden binne wichtich as ambassadeurs foar de Fryske Akademy, dy’t oantrune wurde om aktyf mei te tinken op it mêd fan it wittenskiplik ûndersyk en de maatskiplike posysje fan ‘e Fryske Akademy. Mar boppe alles is it lidmaatskip in erkenning fan immens wittenskiplike of kulturele fertsjinsten.

Oer de nije leden Tjeerdsma en Wiersma

De laudaasjes binne skreaun en op de Akademydei útsprutsen troch ds. Liuwe Westra. Hjirûnder in koart fragmint.

Piter Tjeerdsma

Piter Tjeerdsma wie oant syn pensjoen programmamakker by Omrop Fryslân, mar syn programma’s rikke folle fierder as de grinzen fan ús provinsje. Benammen mei syn skitterjende rige dokumintêres FryslânDOK hat er namme makke yn ’e wrâld fan ’e media, en wat dat oanbelanget Fryslân op in kaart set dêr’t it noarden fan Nederlân earder noch in fierhinne wyt en leech gebiet like te wêzen. Tanksij Piter Tjeerdsma witte wy net allinnich better, mar ek de minsken bûten Fryslân. Dat is net de fertsjinst fan ien fertúnlike tafaller of in kear it gelok hawwe op it goeie stuit op it goeie plak te stean, nee, it giet hjir om 40 jier konsistint leverjen fan kwaliteit. En dat fertsjinnet erkenning.

Syds Wiersma

Njonken syn bjusterbaarlik wurk by it Frysk Film- en Audio-argyf, dat ús ûnder oare bylden brocht hat fan ’e earste froulike Alvestêderider yn ’e hel fan 1963, is Syds Wiersma ek in betûft wittenskipper, promovearre op ’e midsiuwske Katalaanske teolooch Ramon Martí. De Katalaanske link jout er ek as literator syn gerak troch it oersetten fan it wurk fan dichters út Kataloanje. Fan ’e weromstuit wurdt no ek it wurk fan Syds Wiersma yn it Katalaansk oersetten. Alles mei alles is hy dus in wittenskipper yn ’e bêste tradysje fan ’e Fryske Akademy, dy’t drege Fryske boarnestúdzje kombinearret mei ynspiraasje oer de grinzen hinne, benammen op oare plakken dêr’t guon fan Europa’s minder machtige talen praat wurde.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte Tags: akademydei, Fryske Akademy

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d