
Op sneon 11 oktober 2025 krijt Elmar Kuiper foar syn bondel Ferlosboartsje de Gysbert Japicxpriis 2025 útrikt troch deputearre Eke Folkerts yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De Lytse Gysbert wurdt op dizze middei troch wethâlder fan Gemeente Súdwest Fryslân Petra van den Akker útrikt oan Alen Hrustic.
De provinsjale Gysbert Japicxpriis is sûnt 1947 de heechste ûnderskieding foar oarspronklik Frysktalich wurk. De priis is neamd nei Gysbert Japicx (1603-1666) út Boalsert en wurdt twajierliks takend, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. De lêste trije winners binne Jetske Bilker (2023), Eeltsje Hettinga (2021) en Aggie van der Meer (2019).
Programma
14.15 : Ynrin mei kofje/tee en oranjekoeke
15.00:
– Wolkom troch Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar
– Ferslach fan de advyskommisje troch Johanneke Liemburg, foarsitter fan de advyskommisje
– Taspraak troch Eke Folkerts, deputearre fan Provinsje Fryslân
– Utrikking fan de Gysbert Japicxpriis
– Tankwurd troch Elmar Kuiper
– Muzikaal yntermezzo
– Laudatio troch Sjirk Bruinsma fan De Fryske Beweging
– Utrikking fan de Lytse Gysbert Japicxpriis troch Petra van den Akker, wethâlder fan Gemeente Súdwest-Fryslân
16.30: Sluten
Yn in lyts selskip gean de winners fan de Gysbert Japicxpriis en de Lytse Gysbert Japicxpriis nei it Gysbert Japicxhûs ta om
dêr har hantekeningen te setten op de balke yn it bertehûs fan Gysbert Japicx (1603-1666).
Lokaasje
Martinitsjerke
Groot Kerkhof 26
8701 HG Boalsert

Laat een reactie achter