
Op 17 en 18 oktober 2025 fiert de Ynterfryske Ried it hûndertjierrich jubileum fan it earste Fryske Kongres yn de moderne tiid. Dizze histoaryske gearkomste, dy’t yn 1925 ôffurdigen út West-, Noard- en East-Fryslân byinoar brocht, wurdt beskôge as in mylpeal yn de bopperegionale gearwurking tusken de Fryske regio’s.
Der is noch plak op it Frysk Kongres 2025 yn Jever: hûndert jier Frysk kongres. Mar wês fluch.
Programma fan it Friesenkongress yn Jever 2025
Freed 17 oktober
- 18:00
- Ûntfangst fan de Ynterfryske Rie yn it Schloss yn Jever (Schlossplatz 644, Jever).
- 18:30
- Antje Sander fertelt oer it Schlossmuseum.
- 19:00
- Begroeting troch Jan Edo Albers (boargemaster fan Jever). / Begroeting troch de plakferfangende Landrätin (van de Landkreis Friesland) Marianne Kaiser-Fuchs. / Feestrede fan Thomas Steensen oer Hûndert jier Friezenkongressen, skiednis en balâns (yn it Dútsk).
Sneon 18 oktober
- 10:00
- Iepening yn it Theater am Dannhalm (Schulstraße 5a, 26441 Jever)
- 10:10
- Presintaasjes oer wittenskiplik wurk yn de trije Fryslannen:
- Fryske Akademy (Han Nijdam) / Nordfriisk Instituut (Christoph Schmidt) / Ostfriesische Landschaft (Rico Mecklenburg) / Oldenburgische Landschaft (Franziska Meifort)
- 11:30
- Begroeting troch de Fryske deputearre Eke Folkerts. / Begroeting troch Falko Mohrs, minister fan wittenskip en kultuer yn Niedersachsen.
- 12:00
- Skoft.
- 12:15
- Lêzing fan Tessa Leppers: Sprachen unter der Lupe: Saterfriesisch und Niederdeutsch.
- 13:00
- Middeisiten.
- 14:00
- Utstapke nei Neustadtgödens (û.o. it museum Landrichterhaus, oer de ferskate religieuze mienskippen yn dat plak).
- 16:00
- Ofskie mei kofje yn ‘e eardere fermoanje (Mennonitenkirche Neustadtgödens).
Oanmelde
Jo kinne jo oanmelde by: arno.ulrichs@ewetel.net, of: sekretariaatfryskerie@gmail.com.
Kosten: 25 euro foar it hiele programma; 10 euro foar de freedsbesiters, 15 euro foar de sneonsbesiters). Oermeitsje oan Interfriesischer Rat, banknûmer (IBAN): DE81 2175 0000 0166 0541 30.
Tourist-Information: tillefoan 04461-939261, mail Tourist-Info@stadt-jever.de). Oernachtsjen is moglik yn de jeugdherberch: 04461-909202; https://www.jugendherberge.de/jugendherbergen/jever/.

Laat een reactie achter