
Okkerlêsten kaam yn Gent in trettjinde-iuwsk hânskriftfragmint fan in kommentaar op de Institutiones grammaticae (‘Ynlieding ta de taalkunde’) fan Priscianus oan it ljocht. Oan ’e ein fan de Latynske tekst wurdt as auteur ien “Johannes de Frisia” neamd. Dy Jan de Vries koe dêrmei wolris de âldstbekende Fryske taalkundige wêze.
Fragminten fan hânskriften binne foar ûndersikers fan de midsiuwske skriuw- en lêskultuer wat potdiggels foar de archeologen binne. Hja befetsje allerhanne ynformaasje, mar it kin in heikarwei wêze om dy ynformaasje derút te heljen. Dat wie net it gefal mei twa grutte siden perkamint dy’t it restant binnen fan wat earder in grut hânskrift west hawwe moat en dat no yn de universiteitsbiblioteek fan Gent bewarre wurdt. De tekst is yn twa kolommen skreaun en nei it skrift te oardielen kin it hânskrift datearre wurde op de twadde helte fan de trettjinde iuw. Boppedat, nei’t it liket, waard it hânskrift net yn Fryslân skreaun, mar yn wat no Noard-Frankryk is. It hânskrift sil wol net in autograaf wêze, dêrfoar is it te kreas skreaun.
Faaks nijsgjirriger is de tekst sels. It giet om in kommentaar op de Institutiones grammaticae fan de Latynske taalgelearde Priscianus Caesariensis (ein 5e/begjin 6e iuw). De man wie berne yn it Caesarea dat yn Algerye leit, mar wurkse as dosint Latyn yn Constantinopel. Syn ‘Ynlieding ta de taalkunde’ waard ien fan de populêrste Latynske grammatika’s yn de midsiuwen. It bestie út achttjin boeken. Boek I–XVI gean oer de lûden, wurdfoarmen en bûgings en wurdt wol de Priscianus maior neamd. Boek XVII en XVIII behannelje de sinsbou en stean tegearre bekend as de Priscianus minor. Dit taalkundich hânboek wie tige populêr oant de Renaissance ta en is bewarre in wol sa’n tûzen hânskriften en hânskriftfragminten. Yn it Gentske fragmint wurdt ferwiisd nei Boek XVIII, dat wy soene hjir wolris te krijen hawwe mei de Priscianus Minor.
Oan ’e ein fan ’e tekst stiet “Explicit sentencia magistri Johannis de Frisia super totum […] volumen […]” (‘Hjir einiget de Sententia fan master Jehannes út Fryslân oer it hiele […] diel […]’). Wat tusken kante heakjes stiet is net goed lêsber. Jehannes wie net sa mar ien. Hy wie ‘magister’. Dat wol yn de trettjinde iuw sizze dat er oan ’e universiteit studearre hie en no nei alle wierskynlikheid sels dosint wie. Boppedat kaam er út Fryslân. Dy kwalifikaasje jout oan dat Jehannes in Fries om utens wie. Hy hie it heitelân ferlitten en syn plak fier fan hûs fûn. Sententia wol safolle sizze as ‘prakkesaasje’. Faaks dat Jehannes sa faken oer Priscianus dosearre hie, dat er syn gedachten en ideeën dy’t er by dy tekst krige hie foar oaren op perkamint sette woe. Of oaren der ferlet fan hienen? Oant no ta is it fragmint it iennichste wat wy fan Jehannes syn Sententia hawwe. Hy is dus lang net sa populêr wurden as Priscianus sels. Mar is it net nuver dat wy neist twa tweintichste-ieuske taalkundigen, dy’t Jan de Vries hieten, no ek in trettjinde-iuwer mei dyselde namme hawwe?
Mei tank oan Godfried Croenen, haad fan it Flaamske projekt ‘Comites latentes: verborgen handschriften aan het licht gebracht’. Foar it hânskriftfragmint fan Johannes de Frisia, sjoch hjir.

Laat een reactie achter