
Yn de Fryske literatuer falt in soad te laitsjen. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme. Douwe Kootstra, Doeke Sijens, Bouke Oldenhof en Babs Gezelle Meerburg ferdjippen har yn de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart, en hâlden dêr it ôfrûne foarjier in lêzing oer yn Kafee De Gouden Leeuw by Tresoar. Yn dit dossier fynst de teksten fan harren lêzingen.
Diel III: Bouke Oldenhof oer Rink van der Velde
Humor as tagong ta it wurk fan Rink van der Velde
Om 1980 hinne sleat ik myn byfak Frysk ôf mei in skripsje oer fjouwer romans fan Rink van der Velde. Underwerp: in analyse fan it proaza útrinnend op in literêr weardeoardiel. It wie de tiid fan it omtinken foar literatuer bûten de elitêre kanon. De tsjinstelling literatuer-lektuer waard ferfongen troch de termen emansipatoarysk lêze tsjinoer befêstigjend lêze. Wie it wurk fan Van der Velde earne te pleatsen tusken dy beide ekstremen? Belangryk om rjocht te dwaan oan de meast-lêzen Fryske skriuwer. En belangryk om it Fryske proaza serieus te nimmen en te hifkjen op syn literêre wearde.
Yn it ramt fan in rige lêzingen yn Tresoar krige ik in oare ynstek oanbean om nochris nei it wurk fan Van der Velde te sjen: humor. Ik besleat my te beheinen ta de wurken dy’t ik my as meast grappige fiksje herinnere. Fansels Foroaring fan lucht, Pake Sytse en de bondels mei de Bokwerter stikjes.
By werlêzing nei fjirtich jier blykt Foroaring fan lucht noch altyd like humoristysk. De kursive kommentaren fan de skriuwer op de literêre easken dy’t oan syn wurk steld wurde, binne noch hieltyd kostlik. De haadstiktitels dêr’t de anekdoates yn oankundige wurde, – in njoggentjinde-iuwske konvinsje – bliuwe in moai anagronisme. De ferteller leit folslein ûngebrûklik syn hiele artistike kredo mei gâns satire bleat (s. 28), bekent sûnder euvelmoed dat er de lêzer ferlakt (s. 29) en ferklapt sels hokker opdracht er him oangeande de plot steld hat (s. 39). Skamteleas jout er ta dat er de omslaggen by de haadpersoan net motiovearje kin (s. 112) en einiget mei te sizzen dat syn hiele opset mislearre is (s. 177/8). De iroany en de satire dript derfan ôf. De humor is mear as in heale iuw nei de earste publikaasje noch like oansprekkend.

In twadde boarne fan humor is Durk as karikatuer fan de natuerman. Foar my namste mear om’t ik wilens yn de Wâlden kaam te wenjen. Troch de toan fan Van der Velde is it gjin romantisearring, gjin oanklacht, mar in mylde satire fan it minslik tekoart: ferdwaald te wêzen yn in oar syn tiid. Al by syn yntroduksje (s. 5) wurdt Durk syn gedrach fergelike mei it ynstinkt fan bisten.
Foroaring fan lucht is it ferhaal fan in man dy’t libbet fan it fjild en as der sokssawat moderns as in auto opdûkt, is dat om mei in ketting derûnder kninen te fangen. It is gjin romantysk byld; Durk is in anagronisme. Mar foar wa’t noch twifelet, leit de ferteller noch mar in kear út dat der neat romatysk oan it libben fan Durk is (s. 38). It hichtepunt fan de anagronistyske karikatuer fan Durk Snoad is fansels as er yn it moderne Drachten wennet: twa werklikheden dy’t inoar net ferdrage.
De tredde boarne fan humor is Durk syn militêre wize fan tinken. De agresje, sa’t jo wolle. Unferjitlik is dat syn grutte húshâlding op appèl komme lit as in peloton soldaten. Ek de nije skoansoan moat der oan leauwe. Durk hat aardichheid oan in sekere selsredsumens: as twa jonges fjochtsje sjogge Durk en de ferteller dat mei genoegen oan (s. 6/7). It lit jin soms tinke oan de humor fan Popeye mei syn ûnbidige kracht nei it iten fan spinaazje, of fan de âlde soldaten yn Dad’s Army.
De fjirde boarn is de satire op regel- en beskaafsucht. Durk hat neat op mei noarmen fan de oerheid om wenjen hinne (s. 108), en oer goedbedoelde bedillerij fan it maatskiplik wurk (s. 109). Mar ek froulju binne net frij fan it oplizzen fan fatsoensnoamen. Sels ien fan Durk syn dochters (s. 90), mar ek in skoansoan (s. 90). De satire wurket it bêste as der nammen falle as Peyton Place, NVSH en de Libelle.
Fuort fan it begjin ôf is dúdlik dat it ferhaal humoristysk bedoeld is. Troch de beskriuwing fan it boek (s. 4) en de âldfrinzige oankundiging fan de ynhâld fan de haadstikken wit de lêzer hoe’t er lêze moat: der mei lake wurde. Yn it teäter hjit dat: der hearsket in komysk klimaat. Durk Snoad is gjin realisme, mar in soarte fan útfergrutting, krekt as yn strips. Comics, sizze de Ingelsen. De humor sit der yn bebakt. Troch de grutte ôfwikseling fan ûnderwerpen dêr’t om lake wurde mei, is de humor hieltyd ferrassend en ôfwikseljend. Foroaring fan lucht is dêrom noch altyd it lêzen wurdich.

Dêrneffens foel Pake Sytse my, earlik sein, ôf. It duorre folle langer ear’t Pake Sytse yn De Deelen yn syn arkje siet as dat ik my herinnere. Dêrfoar breidet Rink van der Velde tefolle lapen en lapkes oaninoar. Der wurde stikken skiednis opdist, en sels in kompleet kroechferhaal ferteld fan in dikke frou dy’t út in te goedkeape lykkiste knapt. Van der Velde brûkt in protte dialooch om minsken útstapkes fertelle te litten, dy’t op de keper besjoen amper mei it lot fan Pake Sytse te meitsjen ha.
Oars as Foroaring fan lucht hat Pake Sytse net fuortendaliks in komysk klimaat. Van der Velde liket in soarte fan realisme nei te stribjen. Mar dat makket er net wier. De motivearring fan it barren sjit tekoart. Wat de ferteller, in pakesizzer, siket by syn pake wurdt net dúdlik. De driuwfearren fan Pake Sytse om nei Frankryk te gean en om fjirtich jier letter werom te kommen, likemin. Sels in reis nei Durk syn Frânske frou jout gjin antwurden.
Alle humor yn it boek komt goed besjoen fuort út ien boarne: it gedrach fan natuerminske pake Sytse dat syn fatsoenlike boargerbern de holle gek makket. Pake wol net ûnder de dûs (s. 28). De bern ha wat krisisbyienkomsten fanwegen pake. Mar ek dat wurdt net útwurke: noch de soan mei in saak op De Gordyk, noch de dochter by it Leger des Heils, sette troch as sy der mei oan binne hoe’t Pake him gedraacht. As pake lang om let, oer de helte fan it boek, nei De Deelen ta giet te wenjen, hat de tragyk de oerhân al nommen. Mar dy oertsjûget troch it gebrek oan motivaasje ûnfoldwaande. Humor is der amper mear te finen. Uteinlik moat de lêzer it kwa humor dan ha fan satiryske passaazjes dy’t bûten it ferhaal falle, oer genealogy (s. 54/5), grifformearden (s. 38), de AFUK (s. 20) en de parse (s. 125).
Pake Sytse is net botte humoristysk, en dan allinne noch iensidich oer de rûge pake en syn boargerlike bern. En as realistyske roman sjit it ferhaal tekoart. Soe it tafallich wêze dat ik beswierren ha sawol oer de humor as oer de motivaasje fan de plot? En is it faaks sa dat de humoristyske ynstek de essinsje fan it wurk fan Van der Velde útmakket?

De bondels mei stikjes út it Bokwerder Belang wiene de grutste ferrassing by it werlêzen. Sy binne folle riker as dat my bystie. En sprankeljender kwa humor.
De Fryske ynterferinsjes yn it Nederlânsk ha namme makke as Bokwerters. Oant de dei fan hjoed ta. It lêzen derfan, seker yn in fermidden fan Frysktaligen, is in kabaretesk súkses. Mar mei de ôfstân tusken de tijd fan it skriuwen en hjoeddedei is it ek in rike boarne fan Frysk taaleigen, dat in heale iuw letter ferdwûn is. Ek it moadefrysk fan de jierren santich en tachtich plopt wer op yn myn ûnthâld. It rike idioom is grappich troch de ynterferinsjes, mar ek in weelde foar taalferleafde minsken lykas ik. Wat koe Van der Velde de folkstaal!
Taalboarterij
Wat minder nei foaren sprong yn myn ûnthâld is de folle bredere taalboarterij. Ik wist noch wol dat de sinnen yn de stikjes ûnmooglik lang wiene, geregeldwei ferbûn troch âldfrinzige bynwurden. Wurden as welke, zeide, daar soene wy no net mear brûke. De plechtige toan fan de bynwurden stiet yn effektyf kontrast mei it knoffelige fan de ynterferinsjes. Mar Van der Velde is ek net te beroerd om taalflaters te meitsjen. Lykas wij kunnen persoonlijk een paar Groningers. Hy skriuwt d/t-flaters en makket ferkearde gearlûkingen fan sinnen.
Neist dizze taallaach spat de persoan fan de redakteur fan it papier. Krekt as Durk Snoad is it in karikatuer. Hy is útsprutsen konservatyf, fynt de FNP en Frysksinnigens gau te bot, en is tsjin al te rije oerheidssubsydzjes. Ek dit personaazje hat wat fan in stripfiguer. Ik koe my der kostlik mei fernuverje. Fierder lit Van der Velde syn redakteur in prachtige karikatuer fan it doarpslibben beskriuwe. Bokwert is in doarp dêr’t in houliksjubileum in grut barren is, dêr’t de froulju warber binne mei har breidzjen en nifeljen en dêr’t it ûntsach foar it keningshús grut is. Alles dat foar in bûtensteander ryklik ûnbenullich is, wurdt yn Bokwerder Belang ferslach fan dien as wie it in wrâldbarren. Ek dizze skets hat wat fan in strip, in komyske útfergrutting.
Wat hjir opfalt is dat it ferskaat oan komyske strategyen folle grutter is as by Pake Sytse. De bondels mei stikjes út Bokwerder Belang fertsjinje in plakje neist it bêd: alle jûnen in stikmannich foar’t it fel oer de eagen komt.

As humor sa populêr is as dat it is, dan rekket it grif oan wearden dy’t foar minsken belangryk binne. Oars soe it net sa’n grutte rol spylje. Der binne genôch tinkers dy’t der ûndersyk nei dien ha. Freud sjocht yn humor in lytse tydlike ûntspanning foar it ûnderbewuste, dêr’t seksuele drift, deadseangst en agresje foar master opslaan. Foar de humor by Van der Velde kin ik der net safolle mei.
Biologen wize op it gedrach fan apen. Dy laitsje om soartgenoaten dúdlik te meitsjen dat sy wier net agressyf binne. Tink ek oan de foeterjende, skellende kabaretiers: yn essinsje net gefaarlike agresje. It ferklearret de humoristyske wearde fan de appèls fan Durk Snoad en syn wille oan slaanderij fan de bern. Mar dat is it dan ek wol. Bergson wiist op de laits as in fitaal protest tsjin starre regels dy’t minsken inoar oplizze, en automatysk gedrach. Van der Velde mei graach amtners as regelôfdwingers foarstelle. Heale automaten. Redakteur Wabbe Wisses is ek net frij fan in rjochtlinige wize fan tinken. Durk Snoad krijt fan syn ferset tsjin de maatskiplike regels sels wat fitaals, krekt sa’t Bergson ha woe.
Mar it measte ha ik oan wat Schopenhauer fynt. Dy sjocht in wanferhâlding tusken in begryp of gedachte en datjinge dêr’t it nei ferwiist. Dat is wat Van der Velde yn syn humoristyske wurk docht. Hy túcht in hiele fiktive wrâld op fan Durk Snoad, Pake Sytse en Bokwerd. Elk wit lykwols dat dy wrâld net de echte wrâld is. Der sit in ferskil tusken de libbensomstannichheden fan de lêzer en de werklikheid fan Van der Velde syn personaazjes. Dat makket it wurk fan Van der Velde sa komysk. Wy as lêzers lêze de folsleine oertsjûging fan Durk Snoad, Pake Sytse en de Bokwerters dat harren wrâldbyld folslein doocht en relevant is, mar witte sels wol better.
Mar no in stapke fierder. Beskriuwt Van der Velde dan in net-besteande wrâld? Ja en nee. It is in wrâld dy’t yn syn uterlike foarm by it skriuwen doe en seker by it lêzen no net mear bestiet. Mar tagelyk is it noch wol de wrâld dy’t wy kenne yn ús siel: ús oantinkens en faaks ek wol ús winsken. Wa wit sels ús net-útsprutsen wrâldbyld. Ik leau dat wy minsken noait ús eigen tiid oant de essinsje sjogge. Wy libje ornaris mentaal jierren achter de feitlikheden oan. Wy rekkenje yn kwartsjes en ryksdaalders dy’t der by de euro noait west ha. De bern binne al folwoeksen wylst wy sa noch as bern sjogge. Wy wolle leauwe yn in Frysk Fryslân, wylst der oeral nije ynkommelingen wenje.
Fergiene wrâld
Troch de tiid feroarje der dingen, en dy hieltyd ferarbeidzje kostet enerzjy. It ynskikken dat de feilige wrâld fan ús berneoantinkens ferdwynt, docht sear. Van der Velde sketst dy wrâld dy’t fergien is. Alteast fan bûten, mar minder fan binnen. En hy lit ús der om laitsje. Dêrmei liedt hy ús nei in nije werklikheidsbesef, in folgjende libbensfaze fan de mienskip dêr’t wy yn libje. It is in soarte fan kollektive rite de passage, in oergongsritueel. Sa’t in bern ôfskie nimt fan syn bernetiid as er trout, sa nimme wy ôfskie fan it Fryslân dat libbet mei de natoer, it doarpslibben en in sletten wrâldbyld fan fêste noarmen en regels.
Dêrmei set de beskriuwing fan de humor ús op it spoar dat, faaks mear as it ûnderbouwen fan in literêr oardiel, rjocht docht oan it wurk fan Van der Velde. Humor is essinsjeel foar it wurk fan Van der Velde, dat doar ik wol út te hâlden. Yn alle gefallen past de oanpak út de humor wei better by ús tiid. De humor bringt ús by in ynterpretaasje yn termen fan identiteit. It liket my ta dat dizze ynstek net allinne by Van der Velde as skriuwer past, mar ek by ús as lêzers yn 2025.
Dit is de tekst fan in lêzing dy’t Bouke Oldenhof hâlden hat op 22 maaie 2025, earder ferskynd op de webside fan Tresoar.

Laat een reactie achter