• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

PLURILINGMEDIA AI-kommisje ûnder Fryske lieding siket kandidaten

29 oktober 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Language Plurality In Europe’s Changing Media Sphere (PLURILINGMEDIA) is in ynterdissiplinêr ûndersyksnetwurk dat finansierd wurdt troch de Europeeske gearwurking op it mêd fan wittenskip en technology COST Association. PLURILINGMEDIA befoarderet ûndersyk nei media yn regionale en minderheidstalen. Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy sil no in spesjale ad-hoc AI-kommisje liede foar PLURILINGMEDIA.

It netwurk hat fjouwer wurkgroepen, elk mei in oare fokus. Wurkgroep 1 hâldt him dwaande mei ‘Gewoanten fan publyk en programmamakkers’, wurkgroep 2 hat as tema ‘Wetjouwing en konvinsjes’, de tredde wurkgroep wurket oan ‘Taalfitaliteit’, en de fjirde hat ‘Sjoernalistyk’ as ûnderwerp. Ut namme fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, binne Jelske Dijkstra en Ydwine Scarse belutsen by de PLURILINGMEDIA-wurkgroepen 2 en 3. 

Kommisjefoarsitter

De ad-hoc AI-kommisje fan PLURILINGMEDIA sil de kommende tiid de rol fan AI yn elk fan de oandachtsgebieten fan de wurkgroepen ûndersykje en oanbefellingen formulearje. Under lieding fan Jelske Dijkstra fan it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy hat dizze ad-hocgroep no in iepen oprop dien foar kommisjeleden mei ekspertize en/of kompetinsje op it mêd fan AI foar regionale en minderheidstalen en de Europeeske AI-wet.

Taken 

De earste taak sil wêze om foar alle fjouwer de wurkgroepen in yntern rapport op te stellen oer de tapassingen, foardielen en útdagings fan AI yn harren ûnderwerpen. 

Gearstelling 

De kommisje sil bestean út 8-10 leden. By de seleksje sil stribbe wurde nei in lykwichtige regionale fertsjintwurdiging en in earlike genderferhâlding. 

Tiidskema en gearkomsten 

De AI-kommisje komt yn prinsipe elke ien à twa moanne online byinoar, te begjinnen mei in online kick-offgearkomste op 19 novimber, en hat in rintiid fan ien jier. De leden fan de AI-kommisje moatte ree wêze om gearkomsten by te wenjen, aktyf by te dragen oan de diskusjes yn de kommisje, belutsen te wêzen by de tariedende wurksumheden foarôfgeand oan de gearkomsten, en de te besprekken dokuminten te bestudearjen, mei te skriuwen en fan kommentaar te foarsjen. 

Sollisitaasjeproseduere 

Kandidaten dy’t ynteresse hawwe om lid te wurden fan dizze ad-hoc AI-kommisje wurde fersocht in koarte motivaasjebrief te stjoeren dêr’t hja harren ynteresse en ekspertize yn op it mêd fan AI taljochtsje en beskriuwe wat hja oan dizze kommisje bydrage kinne. De deadline foar sollisitaasjes is 31 oktober 2025. 

Mear ynformaasje en sollisitearje 

Mear ynformaasje is te finen op de website fan PLURILINGMEDIA. Sollisitearje kin fia in google-formulier.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: AI, Europees, journalistiek, media, regionale talen, taalbeleid, taalvitaliteit

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d