• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

9 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, mei it literatuerfestival Meet Me at the Lightgouse syn ekposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties.

De Dichter fan Fryslân socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden.

Net elkenien kin Frysk lêze en poëzij is in sjenre dat selden it grutte publyk berikt. Mar byldtaal is in stik universeler. In omslach kin je yn krekt sa’n steat fan betsjoening bringe as in byldzjende tekstrigel.

De omslaggen binne útsocht op har oantreklikheid as affysje foar de bondel. Binne se keapsjoch? It is nijsgjirrich om te sjen hoe’t guon útjouwers of skriuwers wurk meitsje fan in útjefte. Hoe belangryk is it omslach foar de dichter? Hoe ferhâldt it ûntwerp him ta de poëzij yn de bondel?

Mei it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse nimt Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, dy op in kuier mei oer it eilân by in seleksje fan de tentoanstelde affysjes del en ljochtet in tal dichters út troch in foardracht út harren wurk.

De titel ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ is ynspirearre op de bondel ‘Lytse Ivichheit’ fan Jan Dotinga út 1965, ien fan de omslaggen dy’t diel útmeitsje fan de útstalling. Elkenien is fan herte útnûge om oanwêzich te wêzen by de iepening.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de ekposysje, de literêre kuier by de affysjes del en it programma fan Meet Me at the Lighthouse op www.mmatl.nl.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: dichter fan fryslân, expositie, literatuer, Poëzy

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

18 april 2026: lezingen en concert rond ‘Fries en Friezen in Fryslân’ aan de ULiège

18 april 2026: lezingen en concert rond ‘Fries en Friezen in Fryslân’ aan de ULiège

5 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
23 april: Twalûk ‘Moard en deaslach yn de Fryske literatuer’

23 april: Twalûk ‘Moard en deaslach yn de Fryske literatuer’

3 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 april 2026: Deadline Rely Jorritsmapriisfraach

15 april 2026: Deadline Rely Jorritsmapriisfraach

3 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
13 april 2026: Intensivwoche Saterfriesisch

13 april 2026: Intensivwoche Saterfriesisch

31 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 april 2026: KFG-Sieperda-sympoasium: ‘It lân fan dream en winsken? Friezen en de Feriene Steaten (1776-2026)’

10 april 2026: KFG-Sieperda-sympoasium: ‘It lân fan dream en winsken? Friezen en de Feriene Steaten (1776-2026)’

27 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d