
Op sneintemiddei 7 desimber wurdt fierd dat Grûnwetter ferskynd is by Utjouwerij DeRyp.
Grûnwetter is in rike bondel dy’t sêft fan toan is. Yn hechte, mar linige taal set de dichter it lichte neist it swiere, op in tige persoanlike wize. Dit yn in lânskip dat feroare is, mei hieltyd it wetter dat troch de grûn syn gongen fynt, it ferline suveret, de boarne siket. Foar it earst is Remco syn poëzy no bondele.
De bondel leit al yn de boekhannel en docht mei oan de Fryske Boekewike (8-16 nov).
Fansels sil de dichter foardrage út eigen wurk en ek is der in gastoptreden te ferwachtsjen.
Fierder komt der muzyk (en it ferhaal) fan Solanum
Datum & lokaasje
- snein 07 desimber 2025
- 15:30 oere
- gratis
- Theater De Bres, Schoolstraat 4 Ljouwert

Laat een reactie achter