
Mei mar leafst 59 ûndersykslêzingen, 1 diskusjepanel en 16 posterpresintaasjes hie it trijejierlikse Conference on Frisian Humanities wer in fol en boeiend programma. Wittenskippers fan hjir, mar ek út Spanje, Dútslân, Noarwegen, Lúksemboarch en België, ferbûn oan mear as 35 Europeeske universiteiten en oare ûndersyksynstituten, reizge fan 12 oant en mei 14 novimber nei Ljouwert ôf om diel te nimmen oan dit kongres mei it tema Brêgen en Grinzen: Fryslân yn mondiale kontekst.
Foto’s
Kollega Ydwine Scarse wie trije dagen oanwêzich om fan alle presintaasjes foto’s te meitsjen. In moaie seleksje dêrút stiet no op de konferinsje-website.
Organisaasje
It kongres, yn it Leonardo Oranje Hotel, waard organisearre troch Fryske Akademy, Ljouwert (NL), Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Ljouwert (NL), NHL Stenden University of Applied Sciences – Lektoraat Meartaligens en Geletterdheid, Ljouwert (NL), Ryksuniversiteit Grins – Fryske taal en kultuer, Grins (NL), RuG/Campus Fryslân – Taal, Technology en Kultuer, Ljouwert (NL), Christian-Albrechts-Universität Kiel (DE), Europa-Universität Flensburg (DE), Nordfriisk Instituut (DE) en de Ostfriesische Landschaft (DE).
Sjoch ek ris op de webside fan Conference on Frisian Humanities.
Nije edysje
Yn 2028 wurdt wer in nije edysje organsiearre.


Laat een reactie achter