
Nei oanlieding fan de Conference of Frisian Humanities 12-14 novimber 2025 yn Ljouwert.
Konferinsjes mei fakgenoaten binne meast hiel ynspirearjende gearkomsten dêr’t men yn koarte tiid in hiel soad nije ynsichten en fynplakken op in skaaltsje oanrikt krijt. Yn de skoften kin der fuort moai oer trochpraat wurde. Der hoecht (noch) net yngeand literatuer- of argyfûndersyk foar dien te wurden, want it bywenjen fan in tal lêzingen en it hâlden fan in eigen lêzing kin al in aardige rispinge opsmite. Koartsein, it wittenskiplik bedriuw ûnderweis yn optima forma.1
Iksels hie op de Conference of Frisian Humanities yn Ljouwert fan novimber ll. in presintaasje oer it taalhistoarysk plak fan Jan Althuysen yn de ‘tsjustere lange achttjinde iuw’ mei fruchtbere reaksjes út it publyk wei. By in pear oare foardrachten hearde ik noch oare brûkbere ynformaasje oer ûnderwerpen dêr’t ik my op it stuit mei dwaande hâldt. Yn in artikel foar Taal en Tongval ferline jier hie ik de kontoeren foar de sosjale posysje fan it iermoderne Frysk2 sketst dat in ferdriuwen fan Frysk út de stêd en út de hegere fermiddens wei sjen liet. It kaam sa linkendewei op in minne namme te lizzen; it waard mei ‘Boersk’ of ‘Boerefrysk’ oantsjut. It neier ûndersyk fan my rjochtet him no mear op it sykjen fan ûntbrekkende puzelstikjes binnen dat gruttere ramt lykas de sosjale ynhâld fan dy beneaming yn de lange iermoderne perioade fan 1550-1800: is der ûnderskied yn konnotaasje by dat Boersk yn de renêssânse en by dat yn de ferljochting? Hjir no in pear stappen fan it konferinsjeproses.
Opstap
Myn eigen lêzing wie op 14 novimber en gong oer it taalhistoarysk plak fan dûmny Jan Althuysen (1715-1763) fan de Lytse Jouwer yn syn tiid. Hy wie foar my nijsgjirrich omdat er libbe yn de ‘lange tsjustere achttjinde iuw’, de tiid tusken it hichtepunt fan de santjinde-iuwske renêssânse (Gysbert Japix) en dy fan de njoggentjinde-iuwske romantyk (Joast Halbertsma). Omdat der al in soad oer dy twa hichtepunten skreaun is, woe ik besykje neier ynsjoch te krijen yn it djiptepunt yn de tiid fan de achttjinde-iuwske ferljochting dêr tuskenyn, benammen wat de beneaming ‘Boersk’ oan gong. Dochs ûndernaam Althuysen – dy’t yn 1750 foargonger wurden wie fan de grifformearde gemeente fan De Lytse Jouwer-Boarnwert yn de Klassis Dokkum – twa opmerklike aksjes om it Frysk op in heger maatskiplik plak te krijen. Op syn pastory op De Lytse Jouwer pleatste er in Frysktalige gevelstien mei de neikommende tekst:

Tot tijenst fin dij, dij weij úwz lærre
Neij t iewig Hymmelcsk huwz om hæg
Der Goad wúrt fin zijn tijenners ærre,
Stiet hier dit ierdsche húwz om læg
Mar zoa wij wol dwaan, in ùwz neij Goadts wille flije,
Dan zille wy hier neij ien better wenning krije.
(Althuysen 1755: 140
Syn grutse bewegingsdie wie in pear jier letter mei de publikaasje fan de Friesche Rymlerije yn 1755.

Nei ferskate rymstikken, wêrûnder ‘forstjærrings’-rimen, brocht er yn it twadde diel de oersettingen fan de psalmen fan David út. Sels hie er de hûndert dy’t Gysbert Japix net dien hie foar syn rekken nommen. Hoe opmerklik dy die yn syn tiid wie, docht wol bliken út de ‘Taoegening’ oan Fryske eallju:
HAEG WOL BERNE HAERREN.
(…) dat ’er ûnder uwz eyn Friesen zoafolle binne, dy har eyn aade moerstaal ynne gruwn foragtje; ja dy it byney schânne for har miene toa wezzen, om boersck (zoa as min ’t naemt) toa sprekken; (…) dit mey for Boerren, in gemiene lieuw jyet ien byttie hinne rinne, mar for dy ien byttie meer binne stiet it (: ney har tinken.) bydroefde lits Boers toa sprekken, (…).
(Althuysen 1755: x2r-x2v)3
Myn fragen nei oanlieding fan dy twa bewegingsaksjes wienen:
- Hoe kaam it dat de Friezen it Frysk sa ferachten dat se it ‘Boersk’ neamden?
- Wêrom kaam Jan Althuysen krekt yn dy tiid op foar it Frysk as taal4?
- Wat hawwe dat leechlizzen en dat heechsetten út te stean mei de ferljochting?
Yn de ynlieding fan de presintaasje haw ik de ûntjouwing fan de sechtjinde iuw ôf oant de midden fan de ferljochtng koart útlein. Nei’t Fryslân nei it ferlern gean fan de Fryske frijheid (1498) opnommen wie yn it Habsburchske ryk kamen der in ymmigraasje fan hegere amtners mar ek ien fan hannelsju op gong dy’t har foar it meastepart ek yn de Fryske stêden festigen. It Frysk ferdwûn út de stêden en út de offisjele rûnten; it waard in sprutsen taal fan it plattelân. Dêrtroch ferlear it ek syn eigen status fan selsstannige taal mei it opgean yn de Republyk (1581) en waard ûnderdiel fan de samling provinsjale fariëteiten fan it Nederdútsk. It Fryske Nederdútsk waard nêst de oare provinsjale soarten set (Jonkman en Versloot 2025). Under ynfloed fan it humanistyske tinken fan de Grykske âldheid waard nammentlik de foarming fan de ienheidstaal, de koinè, troch de doetydske filologen as út ferskillende dialekten wei beskôge. Dat wurdt ek dúdlik út de earste grammatika fan it Nederlânsk de Twespraack der Nederduytsche spraack trochde AmsterdammerHendrik Laurenszoon Spiegel fan 1584.
Gedeon]. wiens wyze van spreken [fan it Nederdútsk] zoud’ ick u Neefken dan leren? R[oemer]. de beste. G. hier zal t’ gheschil zich wydlustig delen; de Brabander zal zegghen de vrindelyckste taal te hebben/ de Hóllander de zuyverste/ de Vlaming zal óóck de zyne willen voorstaan/ de Stichtse en Gelderse desghelyken om dat zy het Hóóghduyts wat naarder komen/ de Vries zal zyn spraacxoudheyd by brenghen.
(Spiegel 1584: 38-39)
Petrus Montanus (1594/95-1638)) joech yn 1635 noch mear ynformaasje oer de yndieling fan de soarten taal yn de santjinde iuw. It Frysk stie as ‘Hooft- of Volctael’ tusken de oare foarmen Nederdútsk dy’t ek wer ûnderferdield wurde koenen yn ‘Hoofs’ en ‘Boers’.
(…) iemant [die] in Hoofttaelen of Volctaelenzou willen onderwijzen (…): Als by voorbeelt, Braebants, Gelders, Vlaems, Vries,Zuithollants, Noorthollants, Delfs, Schiedams, &c. Insgelijx Hoofs, Boers, &c. Want elc van die ooc inde uitspraec verandering en zonderlinge eigenschappen, en letteren hebben; die door deeze Const licht; en zonder die niet, of quaelijc te leeren zijn.
(Montanus 1635: 11)
Foar it Frysk sil der ek in yntern ûnderskied tusken beskaafder (Hoofs) en minder beskaafd (Boers) makke wurde. Dúdlik út Montanus syn tekst wurdt dat der in grut ferskaat oan foarmen wie en der dus noch gjin dúdlike ôfbeakene ienheidstaal bestie. De farianten sille yn dy tiid noch net maatskiplik skerp ûnderskaat en wurdearre wurde. De omskriuwing ‘platte taal’ kin noch lang sjoen wurde as suvere taal (Daan 1985). Boersk kin yn de earste helte fan de santjinde iuw noch stean foar it ûnbedoarne, pastorale lânslibben yn tsjinstelling mei it ferdoarne stedske. Dêroer kaam in moai fynplak op de konferinsje foarby.
Utstapke
André Looijenga fan de Fryske Akademy spruts nammentlik yn syn foardracht ‘Yn ‘t Fjild ist best’ oer de tsjinstelling tusken it stedslibben en dat op it plattelân. Syn foardrachtstitel is de konklúzje fan it petear tusken Egge, Winering en Godsfreon fan Gysbert Japix oer de fraach (yn oersetting fan Klaas Bruinsma en Jan Popkema 2003: 74): ‘Hat libben op it lân of yn ‘e stêd it foardiel?’ Yn it koarte fragmint dat Looijenga joech wurdt it stânpunt fan de renêssânsedichter dúdlik.
Egge
Wylst stedlju tûk yn alles binn’,
Is ’t lânfolk bot en lomp en min.
Winering
Neam d’iene snoad, it oar net botte
It brein kin op it lân ek hotte [slipe, skerp wurde]
(…)
Godsfreon
’t Lân moat ik ’t heechste plak taskriuwe.
(Bruinsma en Popkema 2003: 79-80)
Looijenga makket mei it fragmint dúdlik dat it positive fan ûnder oaren lân en fjild ek assosjearre wurde moat mei de lântaal, it Lânfrysk. Yn de boarne sels (Breuker 2003) seach ik noch dat Godsfreon ek repte oer ‘Hier giet nin Hoafsche feynserij’ [gjin grutske hûchlerij]. Foar Japix gong it ‘rjucht en sljucht’ fan it lân (en syn taal) boppe it stedske fan it ûnoprjochte hoofsk. Mei it sukses fan syn Friesche Rymlerij by de Fryske elite (Gabbema-en-dy) hat it Lânfrysk in relatyf heech oansjen. It paste ek hiel moai yn de humanistyske pastorale literatuer dy’t yn de santjinde iuw weromgriep op klassike auteurs as Ovidius en Vergilius (ferl. bgl. Hooft mei Granida en Vondel mei De Leeuwendalers).
Ferfolch opstap
Mar hoe lang hâldt dy positive assosjaasje mei de taal fan it plattelân yn dy tiid noch oan? Der binne tsjinstelde berjochten út it begjin fan de achttjinde iuw as de renêssânse foarby is. Guon fan de elite lykje it pastorale fan de lântaal noch wol te sjen. Rektor Johannes Hilarides (1648-1725) fan de Latynske skoalle yn Dokkum joech yn 1715 in positive beskriuwing.
Tsjinwurdich binne der yn Fryslân twa sprektalen, ien fernijd (lykas yn hiele ‘Belgje’), (…) de oare fan in edeler tongslach, (…) Dêrom wurdt it Frysk ûnderskaat yn it Stedsk (‘de Stadtaal’) en it Boersk (‘de Landtaal’) [Ek hjir wer it beflappen fan it Frysk as tongslach ûnder de daktaal Nederdútsk, RJ]
(Chamberlaynius 1715: fxxxxxx3r).
Tagelyk wie yn dy earste helte santjinde iuw it toanielstik Waatze Gribberts brulloft (Anonym 1701) in grutte hit mei ferskillende werprintingen: ‘In ’t platte Friesch’. ‘Platte’ betsjutte dan noch wol dat it yn suver (Lân)Frysk skreaun is,5 mar de omskriuweng ‘vertoonende de slechten [simpele] Boeren Aerd / plompe Zeeden en drollige Reden’ wiist op in aardich legere ambysje foar it Frysk as dat Gysbert Japix mei syn skriuwen hie.

It liket in oergong nei nije tiden, nei it trochsetten fan de ferljochting. It wrâldbyld feroare yn de twadde helte fan de santjinde iuw nei de opkomst fan de natuerwittenskippen (Newton-en-dy) yn in meganysken-ien. De beskriuwing fan taal waard no ek basearre op de rede, op taalwetten.Lambert Ten Kate beskreau yn syn Aenleiding tot de kennisse fan het verhevene deel der Nederduitsche sprake fan 1723 hoe’t op grûn fan dy wetten in beskaafde taal ûntwikkele wurde koe.

‘’t Is vrij gemeen in de wereld, dat men netter [preciezer] denkt als men spreekt; maer ’t is de opperste lof van een Tael, dat ze die netheid agterhaelen of nabijkomen kan.’. It beskaafde, ‘het verhevene deel’ fan de sprektaal krige fan dy tiid ôf mear de klam; de leie waard linkendewei fierder oanhelle. Hy hie it ek oer de ‘gemeenzame spreektaal, die vrij wat na ’t platte trekt’; in oanwizing dat der ek in sosjaal negative konnotaasje yn dy beneaming slûpte
(Ten Kate 1723: resp. 354 en 4).
In dúdliker knik yn de tiid kaam doe’t de Fryske steedhâlder Wil.Car.Hen.Frizo steedhâlder Willem IV (1747) fan de hiele Republyk waard.
Troch de ûntjouwing fan de desintrale sân provinsjes fan de Republyk nei ien naasjesteat dy’t stribbe nei in dúdliker omskreaune standerttaal Nederdútskwaard nei alle gedachten net allinnich as bedriigjend foar it Frysk (‘dy âdde lântaal mey er tyed alheel in ’t ferjytboek reytze’ (1755: x4v)) mar dêrmei ek de eigenheid fan de eigen taal troch Althuysen ûnderfûn. Syn hjirboppe omskreaune reaksje wie mooglik ek in reaksje op de standerttaalideölogy dy’t yn dy tiid oanwinnend manifest waard. Heechlearaar Gryksk (û.o. yn Frjentsjer) Tiberius Hemsterhuis (1685-1766) hie dat op syn kolleezjes (neffens oantekeningen fan in studint) útlein:
Sa wurdt it suvere Fryske dialekt kwalik ferstien troch in Hollanner. Mar der is in mienskiplike wize fan praten (…) dat safolle en beskaafd is dat de beskaafde ynwenners fan de sân lannen dat mienskiplike Nederdútske dialektbrûke.
(Hemsterhuis 1845: 365-366)
Yn de praktyk gong it by dat beskaafde mienskiplik Nederdútsk om de Hollânske fariant. It besef kaam by Althuysen dat it Frysk dêr gjin diel, gjin boersk dialekt mear fan wêze koe en dat hat nei alle gedachten foar him de reden west om yn aksje te kommen mei it publisearjen fan syn Friesche Rymlerije yn 1755. Hy krige sels in ‘Goedkeuringe’ fan de klassis Dokkum troch û.o. kollegapredikant Columba6 dêr’t syn tsjerklike gemeente diel fan útmakke, mar dêr spruts gjin opwurdearring fan it Frysk út, krekt oarsom.
dat dit wurk heel stigtelyk is, in wakkere nuttig, dat alle Lieuwe, dy disse taal kinne, dit boek lezze, of it nog tyinje mogte toa delsettinge fin trotze minschen, toa ônderwyezinge fin ienfâddige, toa opwekkinge fin trage, toa forsterkinge fin zwakke, toa forlyaegtinge fin dy naet witte, in aek toa· traest fin forleegene, in bydroefde Sondaers;
(Althuysen 1755: S5v).
De konklúzje moat wêze dat it Jan Althuysen op de helte fan de achttjinde iuw net slagge wie om it Frysk as selsstannige taal op de kaart te setten. Ek nei Althuysen syn dea yn 1763 waard de betiteling Boers yn syn tserklike rûnten fêstholden.7
(…) beminnaar zynde van Poezy, en wel inzonderheit van in ’t oude Fries, of Boers, zyne uitspanningen op papier in Digtmaat te bewerken. (…) om Davids Psalmen ten deele eer in Friese Digtmaate in Druk uitgegeeven, (…) [Het] zal zyn als een gedenkzuil by den Nakomeling. aangaande den Heer J. Althuizen, inzonderheit by die, welke smaak hebben in de aloude taal en Digt der vrye Friezen.
(Kerk-nieuws Friesland 1763, Klassis Dokkum)
Ferfolchstap
Yn it neipetear fan de presintaasje brocht Hanno Brand fan de Fryske Akademy noch in nijsgjirrich fynplak fan in pamflet út 1780 yn it wittenskiplik debat oer de beneaming fan it Fryske Nederdútsk yn. It wie in publikaasje fan ‘een Frieze schipper’ dy’t ‘in zuiver Fries geschreven’ wie (sjoch ek Brand 2024: 27). De tekst liket op soksoarte Nederdútske teksten út de patriottyske tiid8: ‘An Mien Heer (…) de Commandeur, ik wil hoope dat Ju Engelsche Hoogmoet nyt mag gebelgt worden, dat ien ienvoudige Coopvaardij Schipper zo vriepostig is, dat hie an ju schrieft (…) dit dunkt mien must de luuden die ’t op steelen toeleggen, so afschrikken dat sie het Caapen uut heur zynne stelden. (…) ik dogte, Mem, gie hebt geliek.’ De taal docht stedsk oan mei in pear frisismen deryn. Taalkundich bestiet der foar ús yn de 21ste iuw lykwols noch gjin oanleding om de ‘Frieze Schipper’ mei te stimmen dat dy taal ‘zuiver Fries’ is. Hoe sit dat? Nochris in reden om dizze nijsgjirrige tiid oan de ein fan it iermoderne tiidrek yn in ferfolchstap taalsosjologysk en histoarysk (of multydissiplinêr) op ‘e nij te ûndersykjen. Lykas hjirboppe al earder skreaun: it wittenskiplik bedriuw ûnderweis yn optima forma!9Tenei, yn it begjin fan it twadde fearn fan de 21ste iuw, noch wer fierder ûndersyk nei de ein fan de ‘lange tsjustere achttjinde iuw’.
Literatuer
- Althuysen, Jan 1755, Friesche Rymlery, Yn twaa dielen bystoende, (…). Liouwerd.
- Anonym 1701, Waatze Gribberts brulloft. S.pl.
- Brand, Hanno 2024, ‘Friese koopvaarders by Wight gekaapt’. Fryslân 30 (3): 24-27, m.n. 27.
- Breuker, Philippus (red.) 2003, Gysbert Japix – Een keuze uit zijn werk Toegelicht door Philippus Breuker (red.) en vertaald door Douwe A. Tamminga en Atze Bosch in het Nederlands en Klaas Bruinsma en Jan Popkema in het Fries. Boalsert/Ljouwert.
- Chamberlaynius, Joannes 1715, ‘Praefatio David Wilkins.’ In: Oratio dominica. Amstelaedami.
- Columba, D.W. 1766, Naamlyst der Heeren Predikanten, Die onder ’t resort van de E. Classis van Dokkum, Zedert de Reformatie, gedient hebben. Leeuwarden.
- Daan, Jo. 1985. ‘Sociolecten en stijlen bij Bredero.’ Spektator 14: 254-260.
- Het kroegpraatje 1786, No. 29.
- Hemsterhuis, T. 1845, ‘Lectio publica de originibus linguae Graecae’ is als collegedictaat overgeleverd en gepubliceerd door Joast Hiddes Halbertsma, Letterkundige Naoogst, 2 dln. Deventer.
- Hilarides, Johannes s.j, Naamspooringen van het platte Friesk. Manuskript S.pl: 41 en 49. Yn: Johannes Hilarides en syn Naamspooringen van het platte Friesk dl. I. Naamspooringen. Ed. A. Feitsma e.a., Estrikken XXXVII. Grins 1965 en dl. II Johannes Hilarides. Ed. A. Feitsma e.a., Estrikken XXXVIII. Grins 1966.
- Jonkman, Reitze J. 2024, ‘Naar ploeg en koestal vluchtte uw taal. Een historisch taalsociologisch onderzoek naar de perceptie van het Fries in en rondom de vroegmoderne periode.’ Taal en Tongval 76, 66-101.
- Jonkman, Reitze en Arjen Versloot 2025, Het Friese ‘Nederduits’. Beknopte geschiedenis van het Nederlands in Fryslân. Ljouwert 2025.
- Montanus, Petrus, De Spreeckonst. Groningen 1635.
- Spiegel, Hendrik Laurens 1584, Twe-spraack: Ruygh-bewerp. Kort begrip rederijck-kunst. Ed. W. J. H. Caron. Groningen 1962.
- Ten Kate, Herman 1723, Aenleidinge Tot de kennisse van ‘t verhevene deel der Nederduytsche sprake I. Amsterdam.
- Yn de kollum Op z’n ouder Nederlands op Neerlandistiek fan 10 oktober ll. haw ik dêr al earder in priuwke fan jûn. ↩︎
- Hindrik Sijen en Johan van der Zwaag fan de Fryske Akademy gongen by de behanneling fan de tariedingen op it wurdboek oer de perioade tusken 1550 en 1800 noch even yn op de beneaming fan dat tiidrek. Dy hie tradisjoneel ‘Midfrysk’ west, mar fanwegen syn ôfwiking fan de oare ‘middel’-oantsjuttingen dy’t nei de lette midsiuwen ferwize (bgl. Middelnederlands), ferrifeljend is. De namme Iermodernfrysk slút better oan by dy fan de omlizzende talen. Arjen Versloot brûkte by syn presintaasje op dizze konferinsje ‘De syktocht nei de âldste taallagen fan it Aldwestfrysk’ de namme ‘Midfrysk’ foar perioade fan 1400-1550 ek net mear. Hy joech de foarkar oan ‘Post Klassyk Aldfrysk’ dy’t ek in nije oantsjutting fertsjinne, omdat yn de fyftjinde iuw in nij tiidrek nei dy fan it ‘Klassyk Aldfrysk’ de taal hiel hurd in soad fan de Aldfryske skaaimerken ferlear (Sjoch foar noch in oare betiteling as ‘Laat-Oudfries’ of ‘Vroeg-Middelfries’ de Tijdbalk van de geschiedenis van de Friese taal fan P.A. Kerkhof). ↩︎
- Alle skeanprinten yn dizze kollum binne fan my, RJ. ↩︎
- De foarrede fan it boek is ‘Oon dy lyAEfhabbers fin dy FRIESCHE TAAL (1755: x4r) ↩︎
- Ferlykje ek Johannes Hilarides syn oantekeningen fan syn taalkundige stúdzjes Naamspooringen van het platte Friesch fan dy tiid. Hy hie al earder in pleit holden foar it goed rjocht fan Nederdútske farianten yn it algemien en dy fan it Fryske Nederdútsk yn it bysûnder yn Nieuwe taalgronden der Nederduitsche taal (1705). ↩︎
- Wilhelmus Columba (1766: 115) skreau by syn besprek fan de ‘Psalmen Davids yn Rymlerije’ oer het Landfries ‘de Oude of Boer-Friesche Taal’:
het ‘Boer-Friesch’. Deze taal wordt in gansch Friesland by de Landlieden gesproken. En, wie hen niet verstaat, dien konnenze ‘t doorgaans ook op zyn Stadsch, naar hunne uitdrukking, beduiden. Dus heeft Friesland twederleye talen; want het Nederlandsch (of Stadtsch) en het Boer-Friesch verschillen zeer veel. ↩︎ - Ek yn in adverinsje yn de Leeuwarder Courant fan 22 novimber 1777 waard foar boeken as fan Feike van der Ploeg de oantsjutting ‘Lykmallinne Boers’ brûkt. ↩︎
- De Friesche Patriot 1787 nr 35. ↩︎
- Joop Koopmans, histoarikus oan de Ryksuniversiteit fan Grins, wiisde my letter op in fynplak yn Rotterdam (Het kroegpraatje1786) mei wurden as ‘mot’, ‘deuze’, ‘heit’ (heeft), ‘vleys’, ‘zellen’, ‘bennen’, ‘deeg’, ‘teugen’, ‘gebrogt’, ensfh. As jimsels noch sa’n fynplak út dy tiid witte, neam dy op myn mail: rjonkman@fryske-akademy.nl, tank yn it foar. ↩︎

Laat een reactie achter