• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

In byld fan Gysbert

28 januari 2026 door Arjen Dijkstra Reageer

Gysbert-winner Elmar Kuiper mei it byldsje en byldhouster Natasja Bennink. (Foto: Petra Kroon)

De twajierlikse provinsjale Gysbert Japicxpriis is 11 oktober útrikt oan Elmar Kuiper. Hy krige de heechste Fryske literêre ûnderskieding foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. De priis wurdt om bar oan poëzy en proaza takend, en bestiet al sûnt 1947 út in jildbedrach en in oarkonde.

Tresoar fersoarget it proses by dizze priis, fan it oansykjen fan de advyskommisjeleden oant de útrikking. Mei ferskate aktiviteiten yn de Gysbert Japicxpriiswike sette we de winner en it wurk ekstra yn it sintsje. Dit jier hawwe we op noch in oare wize mear omtinken foar de priiswinner. Spesjaal foar dizze winner – en alle folgjende – hawwe we in byldsje meitsje litten. 

It is in nij ikoan, dat dizze wichtige priis wurdich is.

It ûntwerp is makke troch Natasja Bennink, byldzjend keunstner fan Fryske komôf. Se liet har ynspirearje troch de ikonografy fan Gysbert Japicx. Al sûnt de santjinde iuw binne ferskate portretten makke fan de nammejouwer fan de priis – en fan in soad dêrfan binne eksimplaren of ôfbyldingen yn de kolleksje fan Tresoar.

Portretten fan Japicx

Oer Gysbert Japicx (1603-1666) is in soad bekend, mar ek in soad net. Hy waard benammen nei syn dea ferneamd, mar doe wienen tal fan boarnen al ferlern gien. Oan it begjin fan de njoggentjinde iuw, dus oardel iuw nei syn ferstjerren, dûkte in oaljeferveportret fan him op. It is skildere yn 1637 troch de Fryske keunstner Matthijs Harings, in learling fan Wybrand de Geest. 

Fries Museum, Leeuwarden; Collectie Het Koninklijk Fries Genootschap, CC BY-SA 4.0 https://creativecommons.org/licenses/by-sa/4.0, via Wikimedia Commons

Is dat net opmerklik dat ien dy’t by syn libben noch relatyf ûnbekend wie skildere waard troch in belangrike artyst? Miskien wol, mar yn dit gefal net, want Harings wie in omke fan Japicx. Uteinlik bedarre dit portret by it Fries Museum, dêr’t it te sjen is yn de fêste opstelling. It portret fan Harings wie ynfloedryk, want it wie de basis foar alle folgjende portretten fan de Fryske dichter. En dy ferskynden yn allerhanne foarmen: tekeningen, skilderijen, gravueres, etsen, bylden en pinningen, en se fiere allegear werom op dat iene portret.

Friesche Rymlerije

In wichtige tuskenstap wie lykwols in gravuere dy’t oan de ein fan de santjinde iuw ferskynde by de twadde útjefte fan de Friesche Rymlerije. Yn dit postúm ferskynde wurk út 1668 stiet alles sammele dat Japicx skreaun hat. Dy gravuere wie dus ek makke nei it portret fan Harings, mar ken in hiel brede fersprieding. It soe mear as hûndert jier letter ek oan de tredde útjefte tafoege wurde, om’t de orizjinele printplaat bewarre bleau. Dy is der noch altyd, ek dy is by it Fries Museum te finen yn har digitale kolleksjes. 

By Tresoar binne hiel wat ôfdrukken fan dizze gravuere yn de kolleksje te finen, ûnder oare yn de byldbank. Wy hawwe yn totaal sawat fyftich eksimplaren fan de twadde en tredde printinge fan de Friesche Rymlerije, boeken fan wichtige eardere besitters sa as Joast Halbertsma, Foeke Buitenrust Hettema, Tony Feitsma en oaren. Yn de measte dêrfan is dizze ôfbylding opnaam. 

Wy hawwe ek in iere, en nei algemien oardiel ien fan de bêste kopyen fan it portret fan Harings. Dêrneist hawwe we ferskate tekeningen en oare skilderijen fan Gysbert. Mar dat is net alles, op de gevel fan Tresoar (en ûnderwilens ek op de tsjinstauto) pronket in hiel modern tekene portret yn linen fan de Fryske dichter – in ôfbylding dy’t we ek yn ús kommunikaasje oer de priis brûke. 

En dan is der noch mear. Yn Fryslân, benammen yn Boalsert, binne ferskate bylden te finen fan de dichter: by de Martinitsjerke, yn dyselde tsjerke en op de brêge yn de stêd. En ek yn Wytmarsum stiet in prachtich byld, makke troch de keunstner Jentsje Popma.

Wobbelke

Dêr is no it priisbyldsje fan Natasja Bennink bykaam. Mei in losse styl hat se har eigen ynterpretaasje fan de dichter as jongfeint makke. Gysbert syn holle, de kop, is los en hat in brede kraach (sa’t de moade wie yn syn jeugd). Dy kop stiet op in hege sokkel en op dy sokkel stiet in fers út it ferneamde gedicht ‘Wobbelke’ fan Gysbert Japicx. 

Dat gedicht is yn hânskrift oerlevere, kompleet mei ferbetteringen fan de dichter sels. De begjinregels fan it gedicht binne: ‘Myn hert dat trillet my, it iz nin rôy! / Mijn ljeafste Wobbelke, / Mijn swietste Wobbelke, / Mijn wirdste Wobbelke, / Het biste moy!’ 

Bennink fierde dit byld yn brûns út en dêrmei hat it in stoere útstrieling krigen. Elmar Kuiper is de earste priiswinner dy’t it byld yn ûntfangst nimme mocht. Foar alle takomstige priiswinners wurdt yn deselde mal in byldsje getten. It is in nij ikoan, dat dizze wichtige priis wurdich is.

Gysbert Japicx wie in Fryske skoalmaster út Boalsert, dy’t aktyf wie yn it midden fan de santjinde iuw. Hy skreau en publisearre Fryske en Nederlânske gedichten, koarte ferhalen en makke oersettingen fan psalmen en Frânske en Ingelske wurken. Neist syn wurk as skoalmaster helle er ek by oaren de leafde foar it Frysk oan. Sa korrespondearre er wiidweidich mei Simon Abbes Gabbema, in Fryske yntellektueel út dy tiid. De ferneamde Dútsk- Ingelske gelearde Franciscus Junius kaam sels út Oxford wei by Japicx op besite om it Frysk te learen. Koart nei it ferstjerren fan de skoalmaster die bliken hoe produktyf er west hie, doe’t Gabbema syn samle wurk publisearre ûnder de titel Friesche Rymlerije. Dat boek soarge foar in skok binnen en bûten Fryslân. Ynienen bliek in taal dy’t al iuwen net mear yn formele situaasjes brûkt waard, sa libben as in fisk. Japicx liet sjen dat er dêryn op heech nivo dichtsje en skriuwe koe. Hy makke sels in koarte grammatika fan it Frysk. It is net oerdreaun om te stellen dat sûnder it wurk fan Japicx de skiednis fan ús taal hiel oars west hie.

Dit stik is earder ferskynd yn Letterhoeke, desimber 2025

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel Tags: Gysbert Japicx, gysbert japicxpriis, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Tomke

1 brún sjongfûgeltsje út ‘e famylje fan ‘e winterkeninkjes, Troglodytes troglodytes mûs tommelid winterkeninkje
2 tsjiftsjaf
NL: winterkoning, winterkoninkje
Wft: ferlytsing fan tomme, Nederlânsk duimpje

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

29 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

28 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

28 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
31 jannewaris 2026: Finale FeRstival 2026

31 jannewaris 2026: Finale FeRstival 2026

22 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
30 jannewaris 2026: 14e Grutte Gedichtejûn Ensafh

30 jannewaris 2026: 14e Grutte Gedichtejûn Ensafh

16 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d