
Yn Fryslân kinst ien net allinnich mei ‘do’ of ‘jo’ oansprekke, mar ek yn de tredde persoan, lykas yn ‘Mem, kin mem my helpe?’ Dat bart faak yn de famyljesfear, mar komt ek foar op de wurkflier of op skoalle, lykas in studint dy’t my freget ‘Hat Gerbrich de tentamens al neisjoen?’ Dy gewoante makket de Fryske oansprekfoarmen in nijsgjirrich ûnderwerp fan ûndersyk. Want wêrom gjin ‘do’ of ‘jo’? Yn de lunchlêzing dy’t ik op 15 jannewaris hâld, lit ik sjen hoe’t dizze oansprekfoarm brûkt waard yn de tiid fan it Mid-en Nijfrysk.
Om te sjen hoe’t dy treddepersoansfoarm troch de tiid hinne brûkt is, ha ik histoaryske teksten bestudearre ûnder oare út de kolleksje fan Tresoar. Ik kaam út by toanielstikken, om’t dy sjen litte hoe’t minsken tsjininoar prate.
Ik begûn myn syktocht by de perioade fan it Midfrysk (1550-1800), om’t doe de treddepersoans-oansprekfoarm út oare Europeeske talen wei yn it Nederlânsk telâne kaam en yn it Frysk oernaam waard. Midfryske teksten stean yn de Taaldatabank fan de Fryske Akademy. Dêrút selektearre ik alle teksten dêr’t minsken mei-inoar yn petear wienen, troch te sykjen op ‘do’ en ‘jo’. Handich oan de Taaldatabank is, datst dan ek alle skriuwfarianten fynst, lykas ‘doe’ of ‘du’ foar ‘do’ en ‘y’ of ‘jou’ foar ‘jo’.
Mar mei alle gefallen fan ‘do’ en ‘jo’ hie ik fansels noch gjin treddepersoans-oansprekfoarmen. Dy fûn ik troch de teksten troch te lêzen. Soms wienen der ûndúdlike gefallen. Yn in leafdesliet út 1750 seit iene Sjouke: ‘Dêr komt myn swietert oan, dêr komt myn pop’. Hjirby is net út te meitsjen oft er yn de tredde persoan tsjin syn famke praat of dat er it tsjin himsels (of it publyk) hat. Sokke twivelgefallen ha ik foar de wissichheid net meirekkene.
Boeren prate Frysk
De literêre kolleksje fan Tresoar wie foar myn datasamling fan grutte betsjutting, sawol foar it Midfrysk as foar it Nijfrysk (nei 1800). Midfryske toanielstikken binne gauris meartalich. De boeren (faak yn de haadrol) prate Frysk, wylst notabelen (dokters, professors, de lânhear) Nederlânsk prate. Om de konversaasjes goed begripe te kinnen, hie ik ek de Nederlânske fragminten nedich, mar dy stean net yn de Midfryske Taaldatabank.
By Tresoar binne de folsleine teksten te finen en sa koe ik de Nederlânske tekst oernimme foar myn ûndersyk. Boppedat kaam ik yn Tresoar toanielstikken tsjin dy’t net yn de Taaldatabank opnaam binne, sadat ik myn datasamling fierder útwreidzje koe. Foar it Nijfrysk wie de kolleksje fan Tresoar ek fan grutte help, om’t der in katalogus fan alle toanielstikken is dy’t yn de njoggentjinde iuw ferskynd binne. Ik ha toanielstikken selektearre út ferskate desennia en fan in sa grut mooglik ferskaat oan skriuwers. De toanielstikken sels binne foar in grut part ek yn de kolleksje fan Tresoar te finen.
Yn totaal ha ik 94 teksten yn myn samling opnaam mei mear as 8.000 oansprekfoarmen. ‘Komt Heit hast yn?’ is dêr ien fan en komt út 1774. It lit sjen dat it oansprekken fan âlden yn de tredde persoan doe al foarkaam.
‘Jo’ tsjin frjemden
Fan alle oansprekfoarmen ha ik fêstlein om watfoar oansprekfoarm it giet (do, jo of tredde persoan) en wa’t tsjin wa praat. Troch de iuwen hinne falt op dat der yn it Frysk in heldere ferdieling wie tusken ‘do’ en ‘jo’. ‘Do’ waard brûkt tsjin bern, gelikensen en tusken trouden, wylst ‘jo’ brûkt waard foar superieuren, kollega’s en frjemden.
Opfallend yn de njoggentjinde-iuwske stikken is dat der ynienen faker ‘jo’ brûkt wurdt, sels tusken minsken dy’t inoar hiel goed kenne, lykas trouden en oansteanden, of famyljeleden fan deselde leeftiid. ‘Jo’ kin dan ek kombinearre wurde mei in foarnamme. Sa seit in man tsjin syn frou yn in stik út 1879: ‘Maeike, bliuw bidaerd, (…) ’t is ta jou eigen bêst.’
De âldste treddepersoans-oansprekfoarm dy’t ik fûn, komt út de santjinde iuw. De resultaten fan myn ûndersyk litte in pear dúdlike ferskowingen sjen yn hoe’t dizze foarm troch de tiid hinne brûkt wurdt. Dêroer fertel ik by myn lunchlêzing.
Dit stik is earder ferskynd yn Letterhoeke, desimber 2025

Laat een reactie achter