
Nei oanlieding fan Hester Terpstra har skripsje “Ferbine of ferbrekke?” “Verbinden of verloochenen?” Op zoek naar de betekenis van het Fries binnen het Openbaar Bestuur van Friesland. Thesis Executive MBA Public & Private. Nyenrode Business University. Z.pl. 2024.
It maatskiplik funksjonearjen fan it Frysk wurdt út allerhanne ynfalshoeken wei en op ferskillende manieren ûndersocht. Der binne fansels de taalsosjolgyske ûndersiken mei de kwantitative grutskalige surveys fan de Akademy en de Provinsje of, sa no en dan, fan in taalkundestudint. Yn 2024 is dat in kear út it bestjoerlik eachweid wei dien troch Hester Terpstra mei har tesis foar de stúdzje Executive MBA Public & Private oan de Nyenrode Business Universiteit. De tesis hie benammen in praktysk doel om ûnderfining op te dwaan yn it fjild om in praktysk advys yn dat stik fan saken op te stellen.[i] De oplieding liedt nammentlik op ta bestjoerlike managers dy’t ûnder oaren problemen tusken oerheid en de private sektor oplosse moatte. Yn Terpstra har gefal gie it om út te sykjen hoe’t de bestjoerskultuer yn Fryslân is en wat de rol fan it Frysk as bestjoerstaal dêryn is. Oars as de boppeneamde enkêtes is dat op in kwalitative wize dien mei fraachpetearen mei in ferkennend karakter. Har teoretysk ramt is frij algemien: it Nederlânsk hat it skaaimerk dat boadskippen direkt en eksplisyt kommunisearre wurde, ûnôfhinklik fan de kontekst. It Frysk is krekt hiel bot ôfhinklik fan de kontekst; in soad bliuwt ûnútsprutsen, mei de ûnderstelling dat de harker de ymplisite boadskippen wol oppikt. It draaide út op de spesifike ûndersyksfraach: ‘Hoe werken taal, identiteit en macht samen binnen Friese bestuurskringen, en welke rol speelt de Friese taal in zowel het bevorderen van sociale samenhang als het veroorzaken van uitsluiting, en in het behoud van culturele identiteit?’
Foarôf: de Fryske bestjoerskultuer
De bestjoerskultuer yn Fryslän typearret Terpstra yn it algemien as lytsskalich. De sosjale netwurken binne hecht (close-knit); de minsken kenne inoar persoanlik op ferskillende manieren en hawwe frekwint kontakt mei inoar. Der bestiet in foarkar om net-hierargysk gear te wurkjen. Konflikten wurde mijd, omdat men inoar ek op oare plakken wer tsjinkomt. De ûnskreaune regels binne ûnsichtber en wurde pas dúdlik as men der tsjinoan rint. Dat makket it lestich foar bûtensteanders wannear’t en wat je krekt ferkeard dogge yn Fryslân. Omdat Fryslân lyts is, kin de skea fan it der net mear by hearren grut wêze (ynklusy en/of útsluting). De besprutsen oanstriid nei it mijen fan konflikten en it fêsthâlden oan oerlizzen om inoar te sjen, steane mei inoar yn ferbân. It liedt bestjoerlik sjoen ek ta yneffisjinsje trochdat der net trochpakt wurdt. ‘By mekoar komme en prate liket mear wichtig dan it ôfmeitsjen fan saken.’
Ien fan de einkonklúzjes oer de bestjoerskultuer is dêrom dat it funksjonearjen fan dat bestjoerlik netwurk net yn oerienstimming is mei wat yn faktaal governancecodes hjit: transparânsje, diversiteit en yntegriteit kinne net neffens de regels neigongen wurde. Guon bestjoerders rjochtfeardigen har dwaan dat it yn Fryslân no ienkear oars wurket: ‘Hier regelen we het zelf.’ It kin in negative impact hawwe op de demokratyske prinsipes fan it iepenbier bestjoer mar foar alles op tagong foar bûtensteanders yn it netwurk.
Op syn sosjaal-psychologysk
Taalsosjologysk binne de waarnimmingen yn Terpstra har ûndersyk in feest fan werkenning. Ut de fraachpetearen mar ek út har meidwaand waarnimmen (partisipearjende observaasje) binne de rapportearre sitaten samar teplak te bringen. Sy hellet dêrnei ek wol primêre sosjologyske literatuer oan fan û.o. Bourdieu, mar foar it publyk fan frisistyk sil ik besykje har waarnimmingen yn in spesifiker taalsosjologysk, in sosjaal-psychologysk mal te setten, want it die bliken dat it gefoel fan oansluting (ynklusy) en/of útsluting in wichtich tema wie. Dat gefoel hat nammentlik alles mei it by ferskillende (taal)groepen hearren út te stean. Yn de sosjale psychology (fan taal) hjit dat ingroup (‘wy’) en outgroup (‘sy’). It oansluten yn taal by de oar kin oansluting oproppe, it ôfstân hâlden yn taalkar útsluting. It taalgedrach yn Fryslân is dêrmei foar in grut part te beskriuwen. It praten fan Frysk kin in middel wêze om in gefoel fan ferbûnens en oansluting te kreëarjen foar dyjingen dy’t de taal behearskje. Tagelyk kin it in boarne fan útsluting wêze foar dyjingen dy’t it net prate of ferstean. Terpstra heakket dêr noch oan ta dat sels it gebrûk fan ‘bestjoerlik Frysk’ (hjir yn myn kollum ‘Bestjoersk’) – in mear standerdisearre foarm fan de taal – gefoelens fan útsluting of ûnwissichheid oproppe kin, ek ûnder Frysktalige bestjoerders sels. De kar fan taal hat dêrmei gefolgen foar sosjale yntegraasje en segregaasje, en lit sjen hoe’t taal mei foarmjout oan de sosjale struktueren binnen in mienskip trochdat it de ien wisser meitsje kin en de oar krekt ûnwisser.
Takende eigenskippen oan it Frysk
Der bestiet in hierargyske ferhâlding tusken beide taalgroepen yn Fryslân. De iene (taal)groep is de sosjale dominant (de Nederlânktalige) en de oare foarmet de sosjale minderheid (de Frysktalige). Dy hierargyske ferhâlding wurdt oerdroegen op de sosjale beöardieling fan de taal fan dy groep, yn te dielen yn de twa diminsjes fan prestiizje (status) en solidaritiet. De dominant wurdt op it foarste plak op prestiizje-eigenskippen beöardiele en de minderheid op dy fan solidariteit. It Frysk skoart op it foarste plak en it heechst op de solidariteitsdiminsje: betrouber, freonlik, fertroud, natuerlik en gewoan. De eigenskippen op de prestiizjediminsje binne by it Frysk neutraal by eigenskippen as saaklik, liedend, serieus, yntelligint, ambisjeus; dy telle kwalik mei. Ynterviewde profesjonele dichters, keunstners, muzikanten motivearren it praten fan it Frysk út in persoanlik dêrmei ferbûn fielen; se fiele har dêr it noflikst by, se kinne har der eksakter yn uterje op in wize dy’t by har past en histoarysk besjoen rjocht docht oan de striid troch de foarâlden (‘Kneppelfreed’) foar it praten fan it Frysk. Oaren melde dat se har mear op har gemak en lykweardich oan de oar fiele as se Frysk prate, omdat it in gefoel fan ’thúswêze’ jout, dat se har frijer, iepener en boartliker uterje kinne yn it Frysk as ‘taal fan har hert’ of, wer oaren, ‘Jo fiele je besibbe mei de oar’ en ‘Die bedondert me niet’. It heart by it lid-wêzen fan de ‘ingroup’.
Taalgedrach
It taalgedrach fan oanpassen en ôfstân hâlden yn de persoanlike, de konkrete mikro-situaasje stiet yn direkte ferbining mei de abstrakte maatskiplike makro-situaasje, dus binnen in maatskiplik ûngelikense situaasje. De saneamde ‘Kommunikaasjeoanpassingsteory’ fan Howard Giles beskriuwt algemiene taalkarpatroanen: jo sykje yn it algemien oanpassing by in oar, ek yn taalkar. Dat is hast altyd op de automatyske piloat; de oanpassing is der foar’t men der erch yn hat. Sjoen de ûngelikense sosjale ferhâldingen wurdt der ek automatysk fan útgien dat de Fryskprater him by de oar oanpast.

Ut: Reitze J. Jonkman, Taal yn de Maatskippij. Ljouwert 2009: 17.
It oanpassingsmeganisme foar de Fryskpraters is sels sa sterk dat it ta ‘selssinsuer’ twingt. Nei’t in Frysksinnige boargemaster Terpstra by binnenkomst yn it Nederlânsk oansprutsen hie, paste dy him fuortdaliks nei har Fryske reaksje wer by har taalkar oan. Hy wie dêr even mei oan, omdat er him der op foarstean lit op it rjocht om Frysk te praten as in fanselssprekkendheid yn alle gemeentlike uteringen.
Fanwegen dy oanpassing by de taal fan de oar is der (ek) yn bestjoerlike situaasje it hieltyd skeakeljen tusken it Nederlânsk en it Frysk; as twa Frysktalige bestsjoerders Frysk prate, geane se op it Nederlânsk oer as in net-Fryskstalige bestjoerder derby komt. Ek yn in gearkomste is dat patroan te sjen. De net-Frysktaligens fan in foarsitter of in dielnimmer is genôch om fan it Frysk ôf te stappen.
It flugge skeakeljen binnen it net-hiërargyske Frysktalige netwurk – by driuwende en fertroulike fraachstikken – ûnderstelt in beskate mjitte fan fertroulikheid. It bewust kiezen foar de Fryske taal om wat dien te krijen ûnderstreket dat. It mei-inoar praten fan it Frysk liedt derta dat de earste stappen fan it winnen fan it fertrouwen of it krijen fan de gunfaktor al nommen binne troch it praten fan deselde taal. Dat kin liede ta in fersnelling fan it opbouwen fan in fertroulike bân en in foarsprong foar Frysktalige bestjoerders neffens net-Frysktalige bestjoerders. Nêst de wearde fan it praten fan it Frysk yn it netwurk, wurdt by it yn de kunde kommen gau fernommen oft der mear mienskiplike aspekten binne lykas famyljebannen. Dat soarget derfoar dat de hechtens fan it netwurk fierder rikt as allinnich de profesjonele belutsenheid. ‘Wy fine inoar wol as wy beide Frysk binne. Binnen in pear minuten hawwe wy mienskiplike kunde.’
Gefoel fan útsluting
It oansluten by de ingroup kin tagelyk as it útsluten fan de outgroup oanfield wurde. Ien fan de ynterviewde bestjoerders makke wat dat oangiet in ferskil tusken ‘heitelân’ en ‘memmelân’ ‘Naar zijn idee staat het heitelân voor de folklorekant van het Fries, de harde kant die anderen buitensluit vanuit de angst om in de verdrukking terecht te komen als provincie en als Fries. Het staat voor het uitdragen van de conservatieve waarden van Friesland en het vast willen houden aan de taal zoals deze gesproken werd. Het memmelân staat voor hem voor de kant waar het gevoel van Friesland zit. En waar het gaat over de diepgaande verbinding met de ander en het landschap. Met de woorden die het Fries kent en het Friesland dat ‘de finsters iepen set’ voor invloeden van buiten zodat Friesland onderdeel wordt van de wereld om haar heen in plaats van dat Friesland zich met zichzelf opsluit.’ Nettsjinsteande dy ûnderstelde hang nei frijheid ûnderfine in soad minsken Fryslân sels krekt as benauwend, lyts en ûnfrij. ‘Innovatie zet de gevestigd orde op het spel wat schuurt met de bestaande olifantenpaadjes en omgangsvormen’, sa seit ien fan de bestjoerders. Oaren jouwe oan dat it benearjende aspekt lein is yn it ‘ús ken ús’, dêr’t elk detail fan dyn persoanlik libben troch op tafel leit op it momint dat it net goed giet. Dat behinderet frij bewegen.’
Bestjoerlik Frysk
De beördieling fan it Frysk is ôfhinklik fan de sosjale posysje binnen ûngelikense machtsferhâldingen, ha wy al sjoen; it Frysk skoart fral op solidariteitseigenskippen as natuerlik en gewoan. It kreëarjen fan in standerttaal foar it Frysk lykas it Nederlânsk past net yn dat hierargyske plaatsje fan guon. Dêr’t men earder noch benammen Nederlânsk hearde oan de bestjoerstafels, praat yntiid elkenien dy’t ‘derta docht’ binnen it bestjoerlike netwurk Frysk. Neffens ynterviewden praat bestjoerlik Fryslân gjin ‘normaal’ Frysk, mar brûkt it in ‘keunstmjittige’ ferzje fan de taal. Ien neamde it ‘sabeare’ Frysk, in oar ‘provinsje’ Frysk. Yn dit ûndersyk wurdt de term ‘bestjoerlik Frysk’ brûkt om oan te tsjutten dat it giet oer de bestjoerlik standerdisearre wize fan sprutsen Frysk. Bestjoerlik Frysk is standerdisearre trochdat it ûntdien is fan lokale tongfallen en benammen ‘geef’ Frysk is. Dat bestjoerlike Frysk hat neffens ien fan de respondinten in dúdlike funksje, it tsjinnet om ienheid yn taal binnen de groep te befoarderjen en it gefoel fan ‘derby hearre’ te fersterkjen.
Unbedoelde ôfstân troch korrekt taalgebrûk
Mar it jout ek betizing. Dy betizing manifestearret him yn in gefoel fan ôfstanlikens en formaliteit, wylst sprutsen Frysk gewoanwei krekt de ôfstân tusken minsken yn Fryslân lytser makket. It liket Friezen, opgroeid yn ferskate regio’s, te stimulearjen om harren natuerlike tongfal te ûnderdrukken om ‘derby te hearren’. Dat kin liede ta in minder floeiende wize fan praten yn it Frysk en makket dêrmei direkt de foardielen fan it maklik kommunisearjen yn it Frysk lytser. Soms ûnderfine sy it praten fan dit soarte fan Frysk as praten se Nederlânsk. Sa is in faak hearde soarch by it praten fan it bestjoerlik Frysk de ûnwissens oer de adekwaatheid fan it eigen Frysk as men it profesjoneel prate wol: ‘Is it grammatikaal wol korrekt genôch? Befettet it autentike Fryske wurden genôch? Steane de tiidwurden wol yn de goede folchoarder? Taaliverders wolle ús twinge om de solidariteit mei it laach dêr’t wy út fuortkommen binne te ferbrekken en ús mei har solidêr te ferklearjen. Yn it belang fan it Frysk. Hokker Frysk? It Frysk fan gjinien, it Frysk dat nearne spontaan praat wurdt, it Frysk dat út in boekje komt, in gearflansel, yn keunsttaal. Standertfrysk neame se dat – jo moatte mar doare. Al dat geëamel oer ‘geef Frysk’ is skyt. Wy hawwe gjin objektive noarmen. Wat de iene ‘moai Frysk’ neamt, is by de oar ‘argaysk’ of ‘agrarysk’ of ‘oanstelderich’; wat by dizze ‘gewoan omgongsfrysk’ hyt, is foar jinge ‘ferhollânske Frysk’ of ‘bryk Frysk’.’ In frekwinte útspraak wie: ‘Sorry, ik praat gjin Afûk Frysk.’ In Fries joech oan dat er by it hearren fan dat ‘über’ Frysk soms it gefoel krige dat de taal in teäterstik wurden wie en de sprekker yn in ‘spoken word’-foarstelling it Frysk stie út te dragen.
Ofsluting
Ut de rapportearre waarnimmingen fan de bestjoerskundige ûndersiker Hester Terpstra komt in breed palet oan persoanlike mieningen oer it (brûken fan it) ‘Bestjoersk’ nei foaren. Dy roppe by my wer waarnimmingen oer dy waarnimmingen, ‘meta-waarnimmingen’ op; se dogge my tinken oan wat de taalfilosoof Ludwig Wittgenstein (1898-1951) oer Sprachspiele skreaun hat: taal is net in beskriuwing fan de werklikheid, mar ‘Bedeutung ist der Gebrauch’, de krekte betsjutting sit yn brûken yn in konkrete sosjale kontekst om de bedoeling fan de sprekker te uterjen (ferl. de taalhannelingsteory fan Austin en Searle). Mei oare wurden, we definiearje wurden net troch nei dingen te ferwizen, mar troch wannear’t en hoe’t se brûkt wurde. Yn Fryslânis dat yn in twatalich sosjale kontekst.

De útspraken dat taal as teäterstik en ‘spoken word’-foarstelling, lykje dat spyljen mei taal ûnbedoeld al oan te tsjutten. It giet by Wittgenstean ek om spul as by skaken dat neffens bepaalde fêstomskreaune regels spile wurde moat. Yn Fryslân wurdt it taalspul lykwols troch ferskillende groepen neffens ferskillende regels spile. Minsken dy’t de besteande hierargyske ferhâlding fan dominant/minderheid net akseptearje en dêrom fan in gelikens spylfjild útgeane, wolle mei it Frysk op deselde gelikense maatskiplike hichte ‘spulje’ as de Nederlânsktaligen mei it Nederlânsk. Oaren, Nederlânsktaligen en foar in part ek Frysktaligen, spylje it spul sa’t dat troch de regels fan de ûngelikense maatskiplike taalmachtsferhâldingen foarskreaun wurdt, ûnbewust en automatysk. Hjir komt de ûnderlizzende oarsaak fan Terpstra har teoretysk ramt nei foaren. It Nederlânsk mei syn eigenskippen as ‘saaklik’ kin brûkt wurde om boadskippen direkt en eksplisyt oer te bringen, ûnôfhinklik fan de kontekst. It Frysk mei eigenskippen as ‘fertroud’ is krekt hiel bot ôfhinklik fan de (ynterpersoanlike) kontekst (oanwêzigens fan oare Frysktaligen); in soad bliuwt ûnútsprutsen, mei de ûnderstelling dat de harker de ymplisite boadskippen wol oppikt: pas dy oan by it Nederlânsk. Dy ymplisite boadskippen fan it brûken fan it ‘Bestjoersk’, it standerdisearre Frysk, wurdt troch dy twa neamde groepen ek ferskillend ynterpretearre. De emansipearjende groep wurdearret it brûken fan geef Frysk, de behâldende groep fan de besteande ferhâldingen fynt it mar ‘oanstelderich’ en ‘über Frysk’.
De konklúzje fan de bestjoerskunige ûndersiker wie dat it funksjonearjen fan it bestjoerlik netwurk yn Fryslân net yn oerienstimming is mei de governancecodes [fan Nederlân]: de bestjoerlike regels koenen de rol fan it Frysk op it punt fan transparânsje, diversiteit en yntegriteit net neigean (sjoch ynlieding). In ferfolchûndersyk troch Terpstra foar in praktysk advys soe dêrom wêze kinne om nije governancecodes op te stellen foar in emansipearjend brûken fan it Frysk yn de twatalige bestjoerskultuer fan Fryslân.
i) Thesis You finish your Executive MBA Degree program by writing a thesis. You choose your own practical management problem, which you transform into a research proposal. For the thesis, you will translate the results of your research into practical advice for your organization.

Laat een reactie achter