• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneintemiddei 22 maart is de premjêre fan it Requiem ta treast yn de menistetsjerke oan de Wirdumerdyk yn Ljouwert. Dit koarwurk is it resultaat fan in gearwurking tusken de komponist Marcus Veenstra en de ferstoarne Fryske dichter Willem Abma.

Marcus Veenstra is in alsidich musikus. Hy studearre oargel, koardireksje, lichte muzyk en skoalmuzyk oan ferskate konservatoaria. Jierrenlang wie hy kantor-organist yn de Grutte Tsjerke yn Harns en hy waard yn 1995 tsjerkemusikus yn de PKN-tsjerke de Schakel yn Camminghaburen, Ljouwert. Marcus Veenstra hat ferskate komposysjes skreaun, wêrûnder koar- en ensemblemuzyk, (religieuze) lieten en musicals. As komponist waard hy beynfloede troch syn learaar Piet Post en troch syn wurk als tsjerkemusikus en muzyklearaar.

De dichter en theolooch Willem Abma publisearre mear als tweintich dichtbondels, ferskate romans, koarte ferhalen, toanielteksten en in oantal geastlike lieten. Hy ferstoar yn 2024 op 82-jierrige leeftyd. Foarich jier ferskynde postúm syn lêste dichtbondel Bewarre, wêrby’t  in diel fan it Requiem ta treast al útfierd waard.

Marcus Veenstra en Willem Abma learden elkoar kennen yn de Schakel yn  Camminghaburen. Tegearre hawwe se ferskate lieten komponearre, wêrfan de bekendste God, gedachte, gefoel en Liet fan treast (by de sluting fan in tsjerkegebou) binne. Dizze gearwurking late ta it idee foar it Requiem ta treast.

It Requiem ta treast is gjin tradisjoneel requiem. It giet oer it fertriet om in ferstoarne dierbere en is in dialooch tusken de ferstoarne, neibesteanden en omstanders. It requiem giet fan tsjuster nei ljocht, en einiget yn treast en fersoening. De lêste wurden fan it requiem binne dan ek ‘de dea is oerwûn’.

De premjêre fan it Requiem ta treast wurdt útfierd troch in projektkoar en solisten, begelaat troch piano, strikers en trompet. De útfiering wurdt dirigearre troch de komponist sels. 

Datum: 22 maart 2026 

Tiid: 15.00-17.00 oere, doarren iepen om 14.30 oere 

Lokaasje: Mennistetsjerke, Wirdumerdijk 18, Leeuwarden 

Tagong: € 15,00 

Kaartsjes binne te krijen op www.requiemtatreast.nl

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: muzyk, Poëzy

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
11-22 maart 2026: Boekewike 2026

11-22 maart 2026: Boekewike 2026

6 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d