
Nei oanlieding fan it proefskrift fan de ‘jonge doktor’[ii] Redbad Veenbaas, Traditionele zanger of Geleerde? Over de dichter van de Heliand. Amsterdam 2026. ISBN/EAN: 978-90-77714-50-8
It magnum opus fan Redbad Veenbaas Traditionele zanger of Geleerde? Over de dichter van de Heliand like my yn earste opslach in Whodunit, mar dan yn in opset fan de eardere plysjesearje Columbo. Dêryn wie fan it begjin ôf oan dúdlik wa’t de dieder is; plysjespeurder Columbo (Peter Falk) hoegde inkeld noch – slûchslim – genôch bewiis te garjen om de dieder foar de rjochtbank te krijen, by Veenbaas syn gefal soe dat ‘de traditionele zanger’ Bernlef wêze. Ien fan de opponinten by de promoasjeplechtichheid makke noch de ferliking fan it ûndersyk mei in fraachstelling by wiskunde yn har middelbere-skoalletiid, mar hjir no mei noch folle mear ûnbekenden, in ûnmooglike opjefte. Mar hjir giet it fansels net om in detective dêr’t slutend bewiis foar fereaske is of in wiskundich fraachstik dêr’t gjin losse eintsjes mear oan sitte meie. Op de earste dia by de promoasjeplechtichheid waard in bettere omskriuwing jûn mei hokker zjenre oft wy hjir te krijen hawwe: een zoektocht naar de dichter van de Heliand. Koartsein: net it finen fan mar de akademyske syktocht nei de dichter stiet sintraal yn dit ûndersyk.
De fraachstelling
De fraachstelling (1.3 s. 14) fan Veenbaas is in literêr-histoaryskenien: [1]‘Wat is het profiel van de auteur(s) van de Heliand en [2] in hoeverre is het mogelijk hieraan een naam c.q. namen te verbinden? Yn de lange syktocht binne de antwurden yn twa stappen jûn:
[1] Mei it ûndersyk nei de wize dêr’t yn de Heliand mei de wichtichste teologyske boarnen omgien wurdt, benammen mei in Latynske Tatianus – in evangeeljeharmony mei teksten út de fjouwer evangeeljes, dy’t gearfoege binne ta ien rinnend ferhaal – en gongbere kommentaren op de evangeeljes út dy tiid. Ynhâld en foarmjouwing fan de Heliand en de trije dêroan foarôfgeande teksten (de saneamde Praefatio A en B en Versus) wize foar it dichterskip op in man út it folk fan de Saksen en in treflik folkssanger mei kennis en feardigens yn it dichtsjen yn de Germaanske mûnlinge poëzytradysje. Sa’nien hie lykwols gjin kennis fan Latyn en de teologyske boarnen yn dy taal. De dichter moat dêrom holpen wêze troch gelearden dy’t it Latyn yn de macht hienen en yn it teologysk sâlt bebiten wienen. Omdat de Praefatio nei twa kleasters – dy fan Fulda en dy fan Werden ûnder lieding fan Liudger en syn famylje – ferwiist, leit it foar de hân te tinken oan op syn minst twa gelearden. Dat, de syktocht smiet net ien mar trije profilen op: fan de dichter mar ek fan op syn minst twa gelearden; ien fan dy twa soe dan it gedicht opskreaun hawwe op oanjaan fan de dichter.
[2] Mei it ûndersyk nei de mooglikheid om in namme oan it profyl fan de dichter te ferbinen. Dy tawizing kin net oars wêze as in besykjen om ta in rekonstruksje op basis fan krappe gegevens te kommen. In folkssanger yn de Germaanske poëzytradysje lit ús as Friezen fansels daliks tinke oan de as Fries bekendsteande skald Bernlef, bekend fan de beskriuwing yn de vita fan Liudger dat de kristenpreker him yn de lêste desennia fan de achtste iuw ‘fan syn eachkwaal ôfholp’, sa’t Veenbaas dat op de promoasjeplechtigheid sels ferwurde. Dêrnei soe de dichter út tankberens mei it besjongen fan psalmen en oare stikken út de bibel troch it libben gien wêze. It ûndersyk befêstige dy mooglikheid en late ta it neier ûndersykjen fan de kandidatuer fan de sjonger Bernlef. Dat waard dien troch oer wat der bekend is oer de dichter fan de Heliand (út de Praefatio en de Versus en mooglik út it gedicht sels) te ferlykjen mei wat der oer Bernlef (mei as boarnen as de trije Vitae, de libbensbeskriuwingen fan Liudger út de njoggende iuw en de relaasje mei de Praefatio) oerlevere wie. Bewurdingen en bylden oer de anonime dichter yn dePraefatio fertoane in dúdlike oerienkomst mei de ynformaasje oer Bernlef. Mocht dat net Bernlef wêze, dan wie it dochs ien dy’t sterk op him like. De skriuwers fan de Praefatio B en dy fan de Vita III binne fierder ‘frijwat wierskynlik’, identyk oan elkoar, tinkt Veenbaas, en ek dat pleitet foar in relaasje tusken beide teksten. In wichtich tsjinargumint, nammentlik it Saksyske c.q. Súdwestfaalske karakter fan de folkstaal fan de Heliand ferliest syn absolute karakter wannear’t betocht wurdt dat it wierskynlik is dat de Fries Bernlef lange tiid yn Saksen trochbrocht hat en dat de skriftlike foarmjouwing fan de taal fan de Heliand foar rekken komt fan de (op-)skriuwer, in muonts yn Werden.
Fansels ropt de ûndersiker by einsluten op ta fierder ûndersyk. In pear fan de opponinten fûnen oars dat in beskaat ûnderdiel fan har fakgebiet al yn dit ûndersyk miste. Dat doar ik by sa’n wiidweidich en detaillearre wurk net te sizzen. Ik heakje wol yn op de mooglikheid om in oanfolling te jaan om syn tsjinargumint oer it Saksyske karakter fan de folkstaal fan de Heliand te fersterkjen mei in oertinking oer de beneaming fan de dichterlike taal yn it wurk. Ik set myn taalsosjologyske oanfolling nêst de letterkundich-histoaryske fan de ‘jonge doktor’: Wat is de eigentiidske (kontemporêne) namme fan de folkstaal fan de Heliand yn tsjinstelling ta dy fan it Latyn, dé skriuwtaal fan de iere midsiuwen?
Histoaryske achtergrûn fan de namme fan de folkstaal
Yn de achtste iuw hie de Angelsaksyske muonts Beda (672/3-735) út Northumbria (no Noard-Ingelân) al skreaun oer it brûken fan de eigen Germaanske folkstaal om it kristlik boadskip yn oerbringe te kinnen. Yn syn Historia Ecclesiastica (731) ferlike erit foarlêzen yn it Latyn mei it praten tsjin in stien. De eigen sprektaal, de lingua nostra, moast pastoraal brûkt wurde om it folk te berikken. Fierder tsjutte er dy sprektaal oan mei ferwizing nei de groep dy’t dy taal praat: ‘lingua anglorum’ de taal fan de Angelsaksen. It betiidste fynplak fan in konkretere beneaming fan de Germaanske sprektaal wie yn in brief fan Georgius, biskop van Ostia, oan paus Hadrianus I (786) oer it foarlêzen fan de konsyljebesluten ‘tam latine quam theodisce’ yn it Latyn as yn de folkstaal’ spesjaal foar de leken dy’t gjin Latyn ferstienen, ‘theodisce’ / ‘theodisca lingua’, letter ‘dútsk’ ta it folk [þeudō / þiuda] hearrend, oftewol ‘folksk’. Fierder wienen ek soartgelikense termen as ‘lingua vulgaris’ / ‘vulgata lingua’ / ‘lingua vernacula’ de gewoane sprektaal fan it folk, ‘lingua patria’ / ‘patrius sermo’ de sprektaal fan it folk yn dy tiid yn gebrûk. It wie doe dus in eigenskips- of in bywurd, gjin haadwurd. It binne allegear ferwizingen nei de sprekkers, gjin taalkundige mar kontrastearjende termen fan de sprektaal fan de Germanen foar de gelearde skriuwtaal it Latyn oer. Dy term sil dêrnei mear brûkt wurde, ek op de synoade fan Tours (813):
Et ut easdem omelias quisque aperte transferre studeat in rusticam romanam linguam aut theodiscam, quo facilius cuncti possint intelligere quae dicuntur.
En dat elkenien der nei stribbet om dy selde preken dúdlik oer te bringen yn de lanlike romaanske taal of it theodysk, dat elkenien makliker begripe kin wat der sein wurdt.
Nei dy synoade soe it sa’n bytsje de fêste oantsjutting yn offisjele en synodale dokuminten wurde. De funksje fan de folkstalen waard dêr eksplisyt fêststeld foar it pastoraal gebrûk yn preken. It gie dus om offisjele erkenning fan de (sprutsen) folkstalen foar útlis as tsjerklike talen, gjin taaletnyske beneaming. Ek de Fries Bernlef hiet yn de vita fan Liudger ‘thiudiscae linguae poeta’ dichter fan de dútske taal.
Karolingyske renêssânse
Nei it fuortfallen fan it West-Romeinske ryk rekke de kennis fan de klassike kultuer yn it neigean. Der bestie gjin bestjoerlik sintrum mear dat oanstjoerde. De ienheid yn it Latyn en it skriuwen derfan yn de kleasters rekke fersnippere. De Karolingers Karel de Grutte en syn soan Loadewyk de Fromme brochten it sintraal gesach mei de opbou fan it Frankyske ryk wer werom. Dat rûn lykop mei it opdjipjen fan de kennis fan de âldheid: de Karolingyske renêssânse (werberte).[iii] Karel de Grutte brocht mear religieuze ienheid yn it katolike kristendom mei it setten fan in nije standert neffens it foarbyld fan de Romeinen. Dêrfoar wie goed ûnderwiis en bettere kennis fan de bibel nedich. Hy liet dêrom skoallen oprjochtsje by kleasters en katedraaltsjerken en befoardere it kopiearjen fan klassike en kristlike teksten yn it Latyn. De Frank makke fan Aken it sintrum fan Latynske geleardheid en helle gelearden nei syn hôf út hiele Europa (û.o. Alcuinus fan York, Theodulfus fan Orléans). It werfoarmjen fan it skrift (de Karolingyske minuskel), de standerdisearring fan de Latynske stavering en de fernijing fan de liturgy wienen ûnderdiel fan dat programma. It Konsylje fan Frankfort (794) behannele foaral teologyske kwestjes, mar bepaalde ek dat de leauwebelidenis en it Us Heit ‘in propria lingua’ yn de eigen taal leard wurde moasten, sûnder in spesifike taalkundige term te brûken foar dy folkstaal.
Loadewyk de Fromme sette dat belied fuort mar mei mear klam op it pastorale. Syn hôf wie in sintrum fan teologyske en literêre aktiviteiten en stipe it stribjen om de kristlike lear tagonklik te meitsjen yn de folkstalen. Dat wie gjin brek mei de Latynske kultuer mar in oanfolling dêrop: de ‘lingua latina’ bleau de taal fan de liturgy, de teology en it bestjoer, mar de ‘linguae vernaculae’ waarden ynset as pastoraal ynstrumint.
De Heliand en de folkstaal
De Heliand (sa’n 830) is skreaun yn de tiid fan Loadewyk de Fromme (778-840), dy’t binnen it Frankyske ryk sawol Germanië as Galje bestjoerde (814-840). Syn heit Karel de Grutte en hy seagen it as in godlike opdracht om it him troch feroveringen hieltyd fierder útwreidzjende ryk te bekearen ta it kristendom. Dy misje yn Frysk en Saksysk gebiet waard benammen troch Angelsaksen útfierd lykas Willibrord (‘apostel fan de Friezen’) en Bonifatius. De abt fan Fulda Hrabanus Maurus (780–856) is benammen relevant foar de Heliand om’t er ien fan de fermoedlike boarnen foar de dichter fan de Heliand wie. Yn syn ensyklopedysk wurk De rerum naturis brûkt er de term ‘theodisca lingua’ yn de kontekst fan de Germaanske taal. Hy lei ek klam op de needsaak fan preekjen yn de folkstaal.
Wat is der no yn de Heliand werom te finen fan de hjirfoar beskreaune taalskiednis? Veenbaas iepenet mei de titel fan de Praefatio, it Latynske foaropwurd: Praefatio in librum antiquum lingua Saxonica conscriptum. Veenbaas jout as oersetting ‘Voorwoord op een oud boek dat in de Saksische taal is geschreven’. Sjoen de hjirfoar neamde minder taalspesifike omskriuwingen fan de histoaryske kontekst meitsje ik dêr taal fan de Saksen fan, dat mei in ferwizing nei de sprekkers. Opmerklik is lykwols dat de titel net eigentiidsk is, mar fan de teolooch Flacius út 1562. Dat, út de tiid fan de lettere renêssânse doe’t de folkstalen foar minsken út dy tiid in folle dúdliker profyl krigen hienen.
Wat seit de wol kontemporêne tekst fan de Praefatio fierder sels oer de brûkte taal? Dêryn stiet dat syn ûnderdienen [fan Loadewyk de Fromme] dy’t ‘theudisca loquens lingua’, de ‘dútske’ taal prate dochs de ynhâld fan deselde godlike tekst begripe kinne. Yn de neikommende sin wurdt ferteld dat de bibelteksten ‘in Germanicam linguam poetice’op poëtysk wize yn de Germaanske taal oersetbinne. Veenbaas makket dêr ‘in de Saksische taal’ fan. Yn de letter ynpaste tekst fan de Praefatio B (fan foar 850) wurdt noch rept oer de kwaliteit fan de Heliand; ‘ut cuncta theudisca poëmata suo vincat decore’dy’t alle theodyske gedichten yn skientme oertreft. Veenbaas kiest hjir foar ‘West-Germaanske gedichten’ as oersetting, in betiteling út ús tiid.
In sitaat dat stipe jout oan de útlis dat it Germaansk noch as ien taal sjoen waard, komt fan Einhard út syn biografy fan Karel de GrutteVita Karoli Magni út deselde tiid as de Heliand. Hy rapportearre dêryn oer de taal fan de ferskillende groepen op it fêstelân: ‘omnes (..) nationes, quae inter Rhenum ac Visulam fluvios oceanumque ac Danubium positae, lingua quidempoene similes, moribus vero atque habitu valde dissimiles,Germaniam incolunt.’ [Karel ûnderwurp] (…) alle (…) folken dy’t yn Germanië tusken de Ryn en de Wisla/Weichsel, de Oseaan en de Donau wenje, yndie yn taal hast ferlykber, ûnderskiede har al troch ferskate seden en gewoanten fan inoar. It Germaansk waard mei oare wurden op it kontinint as op inoar lykjend sjoen, grif mei regionale ferskillen dy’t de ûnderlinge fersteanberens net yn ’e wei stie.
Oerienkomst tusken histoaryske kontekst en de Praefatio A en B
De fynplakken fan de nammen fan de folkstaal foar en yn de tiid fan de Heliand (sa’n 830) en de oantsjuttingen dêrfan yn de Praefatio (A en B) lizze yn inoars ferlingde. De term ‘theodisca lingua’(of soartgelikense omskriuwingen) funksjonearre as de offisjele, neutrale ferwizing foar it gehiel fan de Germaanske folkstalen foar it Latyn oer. De tiidgenoaten fan de Heliand wienen har bewust fan it ûnderskied tusken de Latynske geleardetaal en de folkstalen dy’t regionaal ûnderferdield wurde koenen. De term rustica romana lingua funksjonearre parallel as de oantsjutting foar de romaanske folkstalen, wêrby’t it eigenskipswurd rustica mooglik wol in wurdearring as leger yn oansjen foar it klassike Latyn oanjoech. By alle fynplakken – synodale, gelearde en literêre – is dat de sprutsen folkstalen beneamd en erkend wurde yn funksje fan de ferkundiging fan it kristlik boadskip: it folk moat Gods wurd begripe. It (skriftlik) brûken fan it ‘dútsk’ is ynstruminteel. It doel yn dizze kontekst wie dus net it bewust skeppen fan de folkstaal as folweardich literêr medium of as lykweardich oan dy oare skreaune, sakrale taal. De oerlevering fan de Heliand en syn Praefatio is wat dat oangiet no in moaie byrispinge.
Ofsluting
De fraach Traditionele zanger óf Geleerde? hat laat ta in antwurd mei én én: teamwurk tusken ambachtlik dichterskip en teologyske kennis. De lange zoektocht naar de dichter van de Heliand hat gâns ynsjoggen jûn oer hokker letterkundig-historyske aspekten allegear spile hawwe by it ta stân bringen fan dizze evangeeljeharmony. Boppedat wie it foar Redbad Veenbaas mooglik op grûn fan de eigentiidske boarnen Bernlef as de meast serieuze kandidaat oan te wizen. Veenbaas is der yn alle gefallen yn slagge om de kontekst fan de tiid dêr’t de Heliand (yn it theodisc of ‘dútsk’) yn skreaun is – earste helte njoggende iuw – wiidweidich en lêsber te presintearjen. Nije ûndersikers dy’t dy syktocht fuortsette wolle, kinne net om dizze fundgrube hinne.
[i] De beide nammen fan de Germaanske folkstaal waarden yn de iere midsiuwen noch net – lykas tsjintwurdich -as in echte taalnamme, dus as in haadwurd, it Dútsk, sjoen. Ik haw boppedat ‘dutsk’ mei oanhellingstekens skreaun om betizing mei de hjoeddeiske betsjutting fan ‘taal fan Dútslân’ foar te kommen.
[ii] Mei tank oan de ‘jonge doktor’ foar ferhelderjend en oanfoljend kommentaar op eardere ferzjes fan dizze kollum.
[iii] De term ‘Karolingyske renêssânse’ waard pas yn de jierren 1830 troch de Frânske histoarikus Jean-Jacques Ampère munte.

Laat een reactie achter