
De ynstjoertermyn fan de Rely Jorritsmapriisfraach slút 15 april.
It is de 72ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns oranisearret de priisfraach.
De sjuery bestiet dit jier út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra.
De ynstjoeringen moatte digitaal as taheakke yn Word maild wurde nei rely@stiftingflmd.frl
Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte apart yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim, ek foar de sjuery.

Laat een reactie achter