
Sitsto ek wolris mei de hannen foar de eagen op it puntsje fan de bank by in spannende searje op Netflix? Fynst it eins te grizelich, mar bliuwst toch sjen? Lês dan ek ris in Fryske thriller!
Yn it twalûk ‘Moard en deaslach’ komme Fryske plysjeromans, misdiedferhalen en detectives fan skriuwers fan doe én no oan bod. Meisto graach mei de detective meipuzelje oer wa’t de moardner is? Of kinst net wachtsje om út te finen wêrom’t ien fermoarde is? Bekende thrillerskriuwers fertelle oer har wurk én litte dy yn de kunde komme mei spannend wurk fan har foargongers.
Op de earste jûn op 23 april komme Erik Betten en Jan Schokker oan it wurd oer de boeken fan Anne Hellinga/Jan J. Bylsma en Meindert Bylsma en se fertelle ek oer har eigen wurk. De twadde jûn fan dit twalûk is op 21 maaie. Dan binne Anita Terpstra en Sietse de Vries de sprekkers. Se fertelle oer de boeken fan Joop Boomsma en Riek Landman en ha it fansels ek oer har eigen wurk.
Programma
- 19.00 ynrin
- 19.30 programma mei koarte lêzingen en ynterviews
- 21.30 ein mei boekferkeap en sinjearjen
Tagong is fergees. Wol graach yn it foar oanmelde fia de link.

Laat een reactie achter