Op CBS De Frissel yn Feanwâlden is Linda de Haan tongersdei 29 jannewaris offisjeel ynstalleare as nije Berneboeke-ambassadeur. Sy krige út hannen fan foarlêskampioen Zorah Hofma de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange. Linda de Haan nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Tialda Hoogeveen, dy’t yn 2023 beneamd waard. Lêswille is gelok Linda de … [Lees meer...] overLinda de Haan ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur
Twa nije publikaasjes oer it Frysk by Mercator Europeesk Kennissintrum
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) hat twa nije publikaasjes oer it Frysk: Sa leit it lân derhinne en in nije edysje fan it Regionale Dossier. It ynformaasjeboekje Sa leit it lân derhinne (Scarse & Ybema, 2024) jout in hânsum oersjoch fan de wetten, ôfspraken en ynstellings dy’t mei it Frysk te krijen hawwe. … [Lees meer...] overTwa nije publikaasjes oer it Frysk by Mercator Europeesk Kennissintrum
Frysk yn ’e soarch: in blik op soarchferlieners dy’t migrearre binne
Der komt hieltyd mear oandacht foar Frysk yn ’e soarch. Sa wurdt de stipe foar it projekt Frysk yn ’e soarch ferlinge yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028 (2024) en krige it folop de oandacht op sneon 9 novimber lêstendeis by de DINGtiid-lêzing. Ien fan de sprekkers wie de hear Müller, urolooch yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Hy groeide op yn Dútslân … [Lees meer...] overFrysk yn ’e soarch: in blik op soarchferlieners dy’t migrearre binne


