Op sneon 11 oktober o.k. set de kursus Leewarders (‘Liwwadders’) útein. Pieter de Groot (publisist oer Ljouwert en âld-sjoernalist fan de Ljouwerter Krante) en Reitze Jonkman (wittenskiplik ûndersiker fan it stedsdialekt yn Ljouwert) jouwe yn oktober 4 kear om bar les (De kursus wurdt oek in die taal geven). Krekt as in pear jier lyn wurdt de kursus organisearre foar wa't wat … [Lees meer...] overNije kursus Leewarders by HCL yn oktober
Frisistyk Nijs
Skelte Siweris Braaksma wint de twadde Diet Huber-priisSkelte Siweris Braaksma
De priis foar it bêste yllustreare Fryske berne-en jeugdboek fan de ôfrûne trije jier giet nei Skelte Siweris Braaksma (*1995) foar syn graphic novel Redbad (Afûk, 2024). Yn Redbad wurdt in byld sketst fan it libben fan de romrofte kening Redbad, basearre op de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra. Eardere boeken fan Skelte Braaksma binne De F.K.P. (2010), Fete (2019) en It … [Lees meer...] overSkelte Siweris Braaksma wint de twadde Diet Huber-priisSkelte Siweris Braaksma
MAYTE winner Frysk Sjongfestival Liet 2025
MAYTE hat tongersdei 11 septimber it Frysktalige sjongfestival Liet wûn. Fan de sân finalisten krige MAYTE de measte punten fan de fak- en publyksjuery. Derneistwûn MAYTE ek de Gryt van Duinen-tekstpriis. It nûmer dêr’t MAYTE de finale mei wûn, hjit ‘It dûnset yn my’. “Myn eigen proses fan famke nei jonge frou is myn ynspiraasjeboarne west foar it liet”, sei MAYTE. Yn’e … [Lees meer...] overMAYTE winner Frysk Sjongfestival Liet 2025
Syds Wiersma, Pieter Tjeerdsma & Douwe Breimer beneamd ta nije leden fan de Fryske Akademy
Op grûn fan harren bysûndere bydrage op it wittenskiplik dan wol maatskiplik mêd fan de Fryske taal, kultuer en Fryslân yn it algemien, hat it ûndersyksynstitút Fryske Akademy trije nije leden beneamd: em. prof. dr. Douwe Breimer, dokumintêremakker Piter Tjeerdsma en wittenskipper en dichter Syds Wiersma. Tjeerdsma en Wiersma hawwe op de 87e Akademydei, yn BOEL (Zalen … [Lees meer...] overSyds Wiersma, Pieter Tjeerdsma & Douwe Breimer beneamd ta nije leden fan de Fryske Akademy
Jan Kooistra op it ynternasjonale dichtersfestival Transpoesie 2025
Tongersdei 18 en freed 19 septimber hat yn Antwerpen en Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. It tema dit jier is “turbulent times” en yn dat ramt sil dichter Jan Kooistra in pear gedichten yn it Frysk foarlêze, ûnder oare Jûnskuier yn febrewaris. Dit jier dogge der dichters mei út 16 lannen, dy’t yn harren eigen – lytse of grutte – taal optrede sille. Alle … [Lees meer...] overJan Kooistra op it ynternasjonale dichtersfestival Transpoesie 2025
Dei fan de Sealterfriezen 2025
Op 11 oktober wurdt yn Roomelse/Ramsloh foar de twadde kear in "Dei fan de Sealterfriezen" holden. Njoggen sprekkers sille op 'e tekst oer de Sealterfryske taal en skiednis. Tuskentroch binne der dûns en muzyk út de regio. It program sjocht der sa út: 09.45 wolkom10.00 dûnsgroep Sealterlân10.15 Miriam Kösters: Ein saterfriesisches Posterprojekt im Schulzentrum … [Lees meer...] overDei fan de Sealterfriezen 2025
Elmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025
Dichter Elmar Kuiper is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2025. Hy krijt de wichtichste priis foar Fryske literatuer foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. Op tongersdei 28 augustus is hy thús ferrast mei in besite fan taaldeputearre Eke Folkerts. De advyskommisje keas mei folle oertsjûging foar dizze bondel. “Yn Ferlosboartsje komt de lêzer yn in poëtysk universum dat fier … [Lees meer...] overElmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025
Tsien winners fan de Gjalp
De tsien winners fan de Gjalp binne tongersdeimiddei 21 augstus yn it Bouwurk fan Arcadia troch deputearre Eke Folkerts bekendmakke. It giet om fiif dichters dy’t in gedicht skreaun hawwe by filmfragminten út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) en om fiif skriuwers dy’t filmideeën ynstjoerd hawwe mei it each op it Noardlik Film Festival fan 5-9 novimber. De Gjalp is in … [Lees meer...] overTsien winners fan de Gjalp
Nije stikken yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes
De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn. Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa’n … [Lees meer...] overNije stikken yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes
Seis winners fan Rely Jorritsmapriis 2025
Trije ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Blineman’ fan Gertrud Palstra (Ljouwert), ‘In simmerjûn yn Seachlum’ fan Gerrit Hoekstra (Winsum) en ‘Psych Aid’ fan Sytse Jansma (Harns). De winnende gedichten binne ‘Refleksje’ fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), ‘Meiboartsje’ fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl) en … [Lees meer...] overSeis winners fan Rely Jorritsmapriis 2025
Conference on Frisian Humanities
It programma en gearfettingeboek fan 'e Conference on Frisian Humanties, Brêgen en Grinzen: Fryslân yn in mondiale kontekst, binne publisearre. Conference on Frisian Humanities De Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Taalfeardigens fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Fryske Taal en … [Lees meer...] overConference on Frisian Humanities
Call for papers: Nordfriesland in Kiel III
Save the date Das Fach Frisistik der Christian-Albrechts-Universität zu Kiel wird am 23. Februar 2026 seine Tagungsreihe Nordfriesland in Kiel. Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region fortsetzen – save the date! Call for papers Dieser Veranstaltungshinweis ist gleichzeitig ein Call for Papers. Wer sich mit einem Vortrag an Nordfriesland in Kiel III … [Lees meer...] overCall for papers: Nordfriesland in Kiel III
Advysrapport DINGtiid foar Frysk yn it mbû
Yn it middelber beropsûnderwiis is ferlet fan in stevigere ferankering fan de Fryske taal. Der binne genôch mooglikheden om dat te regeljen. Dat docht bliken út it nijste advysrapport fan DINGtiid. Op tongersdei 10 july hawwe Harry van der Molen (Firda) en Harry Bevers (VVD) it advys ‘Oan it wurk mei it Frysk: advysrapport oangeande de posysje en fuortsterking fan it Frysk yn … [Lees meer...] overAdvysrapport DINGtiid foar Frysk yn it mbû
Fan 2026 ôf nij bachelorprogramma Frysk yn Grins
De Ryksuniversiteit Grins (RUG), it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW), it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) en de provinsje Fryslân tekenje op 10 july in konvenant wêrtroch't it fan septimber 2026 ôf wer mooglik wurdt om in folslein bachelorprogramma Frysk te folgjen yn Grins. Taal libbet as er sprutsen, lêzen en bestudearre … [Lees meer...] overFan 2026 ôf nij bachelorprogramma Frysk yn Grins
Ynternasjonale studinten yn Grins foar ‘Old Frisian Summer School’
Fan 7 oant en mei 11 july binne studinten fanút de hiele wrâld yn Grins foar de ‘Old Frisian Summer School’. De OFSS fynt sûnt 2019 twajierliks plak, om-en-om yn it Britske Oxford en yn Grins, as in gearwurking fan dy beide universiteiten. Dochs is dit pas de earste kear dat de ynternasjonale studinten yn de Martinistêd delstrike: yn 2021 moast de Grinzer edysje noch online … [Lees meer...] overYnternasjonale studinten yn Grins foar ‘Old Frisian Summer School’
In slagge sympoasium mei as ferrassing: de oerlanging fan de ferhalebondel ‘Lêze, blinder’
De boekoanbieding wie de kers op 'e taart ôfrune freed yn it tsjerke fan de Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden. Wat in moaie middei belibben wy by it Literêr Sympoasium Lêze is Willewurk. In middei yn it ramt fan lêze mei muzyk én de oanbieding fan in spesjale ferhalebondel mei de titel Lêze, blinder. Jelle Krol naam it earste eksimplaar yn ûntfangst! Oer de … [Lees meer...] overIn slagge sympoasium mei as ferrassing: de oerlanging fan de ferhalebondel ‘Lêze, blinder’
Aggie Meijer wint de Fryske Poëzyslam 2025
De Frysk/Biltske dichter Aggie Meijer stie mei Kesanova (Kees de Vries) yn de finale fan de tredde edysje fan de Fryske Poëzyslam. Yn in spannend duel namen se om bar de mikrofoan om it publyk mei har wurdkeunsten te ferlieden. Nei’t it publyk yn it smûke Kafee De Gouden Leeuw mei blommen har foarkar foar de winner oanjûn hie, die bliken dat Aggie mei in minym ferskil ta … [Lees meer...] overAggie Meijer wint de Fryske Poëzyslam 2025
De Gjalp
Under de namme De Gjalp presintearje Ensafh, de Moanne en RIXT twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters. Makkers kinne har wurk ynstjoere foar publikaasje én foar in presintaasje op festivals. Dat is dit jier it gefal foar it Noordelijk Film Festival, dat yn novimber organisearre wurdt. Ynstjoere kin oant freed 1 augustus 2025. GJALP 1 – Dichtsje by histoarysk … [Lees meer...] overDe Gjalp
Nije Skriuw- en Staveringsline primêr ûnderwiis
Op tiisdei 1 july 2025 wurdt op basisskoalle ’t Pompeblêd yn De Westereen it earste eksimplaarútrikt fan de nije Fryske lesboekjes Kreatyf Skriuwen en Staveringsline. Dé nije, ynspirearjendemetoade foar Frysk skriuwen en staverjen op de basisskoalle! De nije Skriuw- en Staveringsline is in folsleine metoade foar skoallen dy't it Frysk in moai plak jaanwolle yn harren … [Lees meer...] overNije Skriuw- en Staveringsline primêr ûnderwiis
Nij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’
De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en nifelwurkjes – allegear ynspirearre op sammele bûseskatten fan bern. In hearlik boek oer bernefantasy en fynsten, foar bern fan 4 jier ôf. Lês de ferhalen oer it famke Poike, dy’t bûten boartsje it moaiste fynt dat der is. Poike hat altyd de bûsen fol. Mei wûnderbaarlike of gewoan moaie, grutte en lytse … [Lees meer...] overNij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’
Publyksstimming Liet 2025 set út ein
Tsien acts noch yn 'e race foar finale It Fryske publyk kin fan 16 juny ôf online in stim útbringe op ien fan de tsien acts, dy’t noch yn de race binne foar in finaleplak fan Liet 2025. It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op tongersdei 11 septimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De act mei de measte stimmen fan it Fryske publyk kwalifisearret him streekrjocht … [Lees meer...] overPublyksstimming Liet 2025 set út ein
Fakatuere Fryske Akademy: Ynformaasjespesjalist
De Fryske Akademy siket in ynformaasjespesjalist foar 22,8 oere wyks (0,6 fte). Wolsto as ynformaasjesaakkundige it ferskil meitsje yn de wrâld fan wittenskip en taal yn Fryslân? Fakatuere As fersterking fan it team siket de Fryske Akademy in Ynformaasjespesjalist, dy't ferantwurdlik is foar it behear fan wittenskiplike ynformaasjesystemen, argyf én it foarmjaan fan … [Lees meer...] overFakatuere Fryske Akademy: Ynformaasjespesjalist
Oprop Tresoar Fellow 2026
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. … [Lees meer...] overOprop Tresoar Fellow 2026
Meartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk
Op tongersdei 5 juny waard op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert troch mbû-studinten in bysûnder meartalich glês yn lead keunstwurk oanbean oan Bouwurk fan Arcadia. It keunstwurk toant in betsjuttingsfolle relaasje fan de studinten mei de wrâld en in sterke identifikaasje mei de regio. Wat betsjut taal en kultuer foar dy? Dy fraach stie sintraal yn it keunstprojekt fan … [Lees meer...] overMeartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk
Nije edysje magazine ‘Taal yn ’e soarch’
Wannear’t professionals yn de soarch de eigen taal bewust brûke, dan leveret dat harren foardiel op yn it kontakt mei pasjinten/kliïnten. It nije nûmer fan it magazine 'Taal yn ’e soarch' is spesjaal makke foar én mei professionals dy’t wurkje mei jongerein en jongfolwoeksenen. Ferskillende professionals út de (jongerein)soarch fertelle yn it magazine oer harren wurk en de rol … [Lees meer...] overNije edysje magazine ‘Taal yn ’e soarch’






















