De Fryske Akademy siket in ynformaasjespesjalist foar 22,8 oere wyks (0,6 fte). Wolsto as ynformaasjesaakkundige it ferskil meitsje yn de wrâld fan wittenskip en taal yn Fryslân?
Fakatuere
As fersterking fan it team siket de Fryske Akademy in Ynformaasjespesjalist, dy’t ferantwurdlik is foar it behear fan wittenskiplike ynformaasjesystemen, argyf én it foarmjaan fan databelied.
Sikest ynhâldlike djipgong, selsstannichheid en wurk dêr’st fan betsjutting wêze kinst yn in akademyske omjouwing? Sjoch dan foar mear ynformaasje(Frysk & Nederlânsk) op ‘e fakatuerepagina fan de Fryske Akademy.
Laat een reactie achter