Artikels
Op syn Gitersk (*1751- † ?X) II*. By it weiwurden fan ien fan de migraasjetalen fan Fryslân
Yn Op syn Gitersk I is de skiednis fan de opkomst en delgong fan it Nedersaksyske dialekt boppe de Tsjonger of Kuunder ferteld mei de taalsosjologyske achtergrûnen dêrfan. [Lees meer...] over Op syn Gitersk (*1751- † ?X) II*. By it weiwurden fan ien fan de migraasjetalen fan Fryslân
Jülje/joolje
Yn it Saterfriesisches Wörterbuch fan Marron Fort komt it tiidwurd jülje foar, mei de betsjutting "beim Laufen die Absätze schief setzen, so dass die Zehen nach außen stehen". It lemma ferwiist troch nei twäärsfoutje, dat de omskriuwing "mit nach außen gerichteten Fußspitzen gehen" krigen hat. Dat beskriuwt sawat it loopke fan Charlie Chaplin. [Lees meer...] over Jülje/joolje
Douwe Kalma neireizge
Yntrigearre troch de earste reis nei Ingelân dy’t de Jongfryske foaroanman en letterkundige Douwe Kalma (1896-1953) eksakt hûndert jier lyn makke, beprate ik mei myn maat Binne Keulen, de yndertiid ek yn it Frysk ôfstudearre dosint sjoernalistyk oan de hegeskoalle Windesheim om Douwe Kalma foar in part nei te reizgjen. [Lees meer...] over Douwe Kalma neireizge
Leaver ljouwer
It lêste nûmer fan it blêd Amsterdamer Beiträge zur älteren Germanistik is hielendal oan it Aldfrysk wijd. Yn dy bondel stiet in stik fan Stephen Laker oer de labiale wriuwer (of: rûzer) yn it Aldfrysk, oars sein: oer de fonologyske skiednis fan it ding dat mei it letterteken útdrukt wurdt yn bliuwe, driuwe en skriuwe. Der binne, om my, twa redenen om oan dat artikel wat mear omtinken oan te jaan. Yn it foarste plak lit it artikel sjen wat de stúdzje fan lang ferlyn (it Aldfrysk) en fier fuort (it Noardfrysk en it Sealterfrysk) foar de kennis oer ús eigen Fryske fariant betsjutte kin. Yn it twadde plak lit it stik sjen wat de stúdzje fan benammen it Sealtersk, troch in lyts keppeltsje minsken en sûnder de hoed en noed fan in Akademy, Afûk of (Nordfriisk) Instituut, út ‘e wei sette kin. [Lees meer...] over Leaver ljouwer
Sjedit is ek in konstruksje dêr’t Jarich oer skreaun hat
Op 20 septimber is taalkundige Jarich Hoekstra ferstoarn. Ta syn neitins ha Bouke Slofstra en Henk Wolf in pear stikken út Jarich syn pinne opdold om se hjir nochris wer yn it ljocht te jaan. [Lees meer...] over Sjedit is ek in konstruksje dêr’t Jarich oer skreaun hat
By de presintaasje fan de nije roman fan Marga Claus: Libbe
Tongersdeitejûn 10 oktober fûn yn Tresoar yn Ljouwert de presintaasje plak fan de nije Fryske roman fan Marga Claus. By dy gelegenheid mocht ik wat sizze oer it wurk fan dizze Fryske skriuwster en fansels oer har nije boek. Hjirûnder stiet myn ferhaal by dy gelegenheid. [Lees meer...] over By de presintaasje fan de nije roman fan Marga Claus: Libbe
Omwenners
Op 20 septimber is taalkundige Jarich Hoekstra ferstoarn. Ta syn neitins ha Bouke Slofstra en Henk Wolf in pear stikken út Jarich syn pinne opdold om se hjir nochris wer yn it ljocht te jaan. [Lees meer...] over Omwenners
Op syn Gitersk (*1751- †2011). By it ferstjerren fan ien fan de migraasjetalen fan Fryslân
Ien fan de bêst bewarre geheimen op taalsosjologysk en dialektologysk gebiet yn Fryslân is wol it saneamde ‘Gieters’, it no útstoarne dialekt fan it Nedersaksysk, as migraasjetaal ôfkomstich fan it Oeriselske Gieteren (Giethoorn) en omkriten. [Lees meer...] over Op syn Gitersk (*1751- †2011). By it ferstjerren fan ien fan de migraasjetalen fan Fryslân
En wa moat it belije? Men!
Op 20 septimber is taalkundige Jarich Hoekstra ferstoarn. Ta syn neitins ha Bouke Slofstra en Henk Wolf in pear stikken út Jarich syn pinne opdold om se hjir nochris wer yn it ljocht te jaan. [Lees meer...] over En wa moat it belije? Men!
Ammerins Moss-de Boer: ‘Fertale mei AI en de oersetter as kulturele brêgebouwer’
Hieltyd faker wurdt AI (artificial intelligence) ynset om teksten te fertalen. Dochs kin in goeie oersetting net sûnder de kulturele ekspertize fan minsklike oersetters. Ammerins Moss-de Boer jout har fyzje dêrop. [Lees meer...] over Ammerins Moss-de Boer: ‘Fertale mei AI en de oersetter as kulturele brêgebouwer’