Dit jier fiert it wrâldferneamde printeboek Kening & Kening in jubileum, it bestiet 25 jier! En om dêr by stil te stean jouwe beide makkers, Linda de Haan en Stern Nijland, in masterclass én in workshop. Do kinst der by wêze! It ferhaal fan Kening & Kening giet oer in kroanprins dy’t gjin nocht hat om te trouwen, mar as er kening wurde wol, sil dat al moatte. … [Lees meer...] over22 novimber 2025: Masterclass én workshop oer it boek Kening & Kening
berneboek
18 novimber 2025: start Skriuwersfakskoalle Berne- en jeugdliteratuer
Foar wa’t de koarte kursus Berne- en jeugdliteratuer folge hat of ûnderfining hat dy’t dêrmei te fergelykjen is. Dosint: Paul van DijkLesdata: tiisdei 18 novimber; 16 desimber 2025; 13 jannewaris 2025; 17 febrewaris ; 17 maart; 14 april; 19 maaie; 23 juny 2026, 18:45-21:30 oereLesjild: 520,- (Is it lesjild foar dy te heech? Sjoch op volwassenenfonds.nl foar mooglike … [Lees meer...] over18 novimber 2025: start Skriuwersfakskoalle Berne- en jeugdliteratuer
Linda de Haan nije Berneboeke-ambassadeur
Linda de Haan wurdt takom jier de nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Mei yngong fan jannewaris 2026 sil De Haan trije jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de eardere Berneboeke-ambassadeurs Lida Dykstra en Tialda Hoogeveen op. Linda de Haan: “Dit ambassadeurskip fielt as in fanselssprekkende stap en komt op in prachtich … [Lees meer...] overLinda de Haan nije Berneboeke-ambassadeur
Fryske berneboeken foar skoallen yn ‘e gemeente It Hearrenfean
Freed 17 oktober krigen learlingen fan SLS De Feart yn Jobbegea in lêskoffer mei Fryske berneboeken kado út hannen fan Hedwich Rinkes, wethâlder fan Kultuer fan de gemeente It Hearrenfean, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn't alle basisskoallen fan de gemeente in fergeze lêskoffer oanbean krije. Njonken SLS De Feart … [Lees meer...] overFryske berneboeken foar skoallen yn ‘e gemeente It Hearrenfean
12 oktober 2025: Silent Book Club foar bern (7-12 jier)
Hasto in bern dat fan lêzen hâldt? Dan wolle jim dit net misse! Snein 12 oktober organisearje wy yn de mande mei de Berneboeke-ambassadeur de alderearste Silent Book Club foar bern fan 7 oant en mei 12 jier. In hearlik, rêstich plak om sels yn stilte te lêzen, sûnder broerkes of suskes dy't steure, blaffende hûnen of skermen dy't om oandacht freegje. Allinne dyn bern, in … [Lees meer...] over12 oktober 2025: Silent Book Club foar bern (7-12 jier)
Nasjonale Berneboekewike: feestlike oanbieding Frysk printeboek ‘De kening sûnder hynder’
Op de earste dei fan de Kinderboekenweek 2025 (1 o/m 12 oktober) krigen alle bern fan groep 3 fan IKC De Oldenije yn Ljouwert in earste eksimplaar fan it printeboek ‘De kening sûnder hynder’. Nimmen minder as Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen bea it earste eksimplaar oan.De Fryske oersetting fan it printeboek ferskynde yn opdracht fan Boeken fan Fryslân yn gearwurking mei … [Lees meer...] overNasjonale Berneboekewike: feestlike oanbieding Frysk printeboek ‘De kening sûnder hynder’
Gouden Griffel foar De wonderverteller fan Lida Dykstra
De wonderverteller fan Lida Dijkstra is bekroand mei de Gouden Griffel 2025, de priis foar it bêst skreaune berneboek. De auteur waard woansdei ferrast by in gastles fan De Skoalskriuwer op IBS’t Pompeblêd yn 'e Westereen. Een ongelofelijk grote, ongelofelijk gevaarlijke leguaan, yllustrearre troch Natascha Stenvert en skreaun troch Pim Lammers, is bekroand mei it Gouden … [Lees meer...] overGouden Griffel foar De wonderverteller fan Lida Dykstra
Skelte Siweris Braaksma wint de twadde Diet Huber-priisSkelte Siweris Braaksma
De priis foar it bêste yllustreare Fryske berne-en jeugdboek fan de ôfrûne trije jier giet nei Skelte Siweris Braaksma (*1995) foar syn graphic novel Redbad (Afûk, 2024). Yn Redbad wurdt in byld sketst fan it libben fan de romrofte kening Redbad, basearre op de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra. Eardere boeken fan Skelte Braaksma binne De F.K.P. (2010), Fete (2019) en It … [Lees meer...] overSkelte Siweris Braaksma wint de twadde Diet Huber-priisSkelte Siweris Braaksma
1-26 septimber 2025: Lês-mar-foar-wiken
Fan 1 o/m 26 septimber 2025 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? En it is ek nochris in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. It tema fan dit jier is 'aventoer'. In werkenber tema foar eltsenien dy't mei jonge bern te krijen … [Lees meer...] over1-26 septimber 2025: Lês-mar-foar-wiken
Nij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’
De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en nifelwurkjes – allegear ynspirearre op sammele bûseskatten fan bern. In hearlik boek oer bernefantasy en fynsten, foar bern fan 4 jier ôf. Lês de ferhalen oer it famke Poike, dy’t bûten boartsje it moaiste fynt dat der is. Poike hat altyd de bûsen fol. Mei wûnderbaarlike of gewoan moaie, grutte en lytse … [Lees meer...] overNij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’
Feestlike oanbieding meartalige berneboeken Waadhoeke
Ofrûne moandei 14 april krigen learlingen fan basisskoalle It Bynt yn Winsum in Lêskiste mei Fryske berneboeken kado út hannen fan René de Vries, wethâlder fan de gemeente Waadhoeke, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn't alle skoallen fan de gemeente in fergeze Lêskiste oanbean krije. Yn de meartalige gemeente kin it … [Lees meer...] overFeestlike oanbieding meartalige berneboeken Waadhoeke
De Simke Kloostermanpriis 2025 is foar ‘Jelle en juf’ fan Mirjam van Houten
De Simke Kloostermanpriis 2025, de priis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier, giet nei Jelle en juf. It boek is skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten. Jelle en juf is it tredde berneboek fan Mirjam van Houten. Neffens de sjuery binne de fiifentweintich ferhalen yn it boek in feest foar sawol bern as de foarlêzers. Wat opfalt is har unike gefoel foar … [Lees meer...] overDe Simke Kloostermanpriis 2025 is foar ‘Jelle en juf’ fan Mirjam van Houten
Trije nominaasjes foar Simke Kloostermanpriis 2025
De nominaasjes foar de Simke Kloostermanpriis 2025, foar it bêste Frysktalige berneboek fan de ôfrûne trije jier, binne bekend. De nominearre boeken binne: De Freon – I.E. Bloem (2023) is de tredde young adult roman fan de skriuwer, dy’t yn 2022 de Simke Kloostermanpriis fertsjinne foar It neidiel fan de twivel. It spannende boek De Freon giet oer in geheim boskfeest yn … [Lees meer...] overTrije nominaasjes foar Simke Kloostermanpriis 2025
18 maart 2025: kursus Berne- en jeugdliteratuer
Altyd alris in ferhaal foar bern skriuwe wollen? Stiest iepen om dat mei oaren te learen? Dan is de nije kursus berne- en jeugdliteratuer fan de Skiuwersfakskoalle wat foar dy. Yn dizze skriuwkursus bringt skriuwer en dichter Paul van Dijk dy yn oanrekking mei alle aspekten fan de berne- en jeugdliteratuer. Troch lês- en skriuwopdrachten komst achter alle mooglikheden yn dit … [Lees meer...] over18 maart 2025: kursus Berne- en jeugdliteratuer
Teäterselskip Frets soarget foar Frysktalige oersetting fan berneboek Gozert
It is in dream dy’t útkomt: Frysk teäterselskip Frets giet mei it bekroande berneboek Gozert de teäters yn. Patrick de Vries (35), Johannes Hospes (32) en Freerk Hospes (32) fan teäterselskip Frets binne noch altyd út de skroeven. Doe’t útjouwerij Lemniscaat en skriuwer Pieter Koolwijk harren tastimming joegen om it berneboek Gozert as teäterfoarstelling op te fieren, wienen se … [Lees meer...] overTeäterselskip Frets soarget foar Frysktalige oersetting fan berneboek Gozert
Kinderboekenweekgeschenk 2024 ek yn it Frysk
It Nederlandse Kinderboekenweekgeschenk 2024 (2 oant en mei 13 oktober) ferskynt foar de twadde kear yn it Frysk. Pieter Koolwijk (1974) skriuwt it boek yn it Nederlânsk. Rymke Zijlstra is frege om de Frysktalige oersetting te fersoargjen. It is de twadde kear dat it Nederlandse Kinderboekenweekgeschenk tagelyk yn it Frysk ferskynt. Yn 2022 ferskynde Waanzinnige … [Lees meer...] overKinderboekenweekgeschenk 2024 ek yn it Frysk
Febrewaris 2024 – april 2024: Kursus berneproaza foar trochsetters
Hast in begjinkursus Proazaskriuwen foar bern folge? Lit it skriuwen fan in moai ferhaal of miskien in boek dy net los? Dan is de kursus Berneproaza foar trochsetters grif wat foar dy! De kursus wurdt jûn troch Hanneke de Jong. Mear ynformaasje en oanmelde fia de webside fan Tresoar. … [Lees meer...] overFebrewaris 2024 – april 2024: Kursus berneproaza foar trochsetters
Ferfilming Bartele Bûse yn premjêre op Cinekidfestival: ‘In útsûnderlik fantasyryk boek’
Hoe fantastysk is it om in ferhaal út in Frysk berneboek te ferfilmjen en dat dy film yn premjêre giet op it wrâldferneamde Cinekidfestival yn Amsterdam? Filmregisseur Halbe Piter Claus kin deroer meiprate. Syn film ‘Bartele Bûse. De kaam fan juffer Lize’ is op 26 oktober foar it earst op it wite doek te sjen. As lyts jonkje krige Halbe Piter Claus (1981) it … [Lees meer...] overFerfilming Bartele Bûse yn premjêre op Cinekidfestival: ‘In útsûnderlik fantasyryk boek’
1 novimber: start kursus berneproaza skriuwe
Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek? Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten? Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding? Hoe witst oft it geskikt is foar bern? Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht? Wat wurket foar dy en wat perfoarst net? Sit hjir in fraach (of mear) fan dy by? Dan fersoarget … [Lees meer...] over1 novimber: start kursus berneproaza skriuwe

















