Literatuerprojekt Sprekende stenen hat woansdei 11 desimber by de útrikking fan de Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing 2024 yn Museum Joure de LC-publykspriis wûn. Boppedat wie der in earfolle fermelding fan de sjuery. Ineke van der Blom (ûntwerp / foarmjouwing) en Sytse Jansma (konsept) hawwe dit projekt yn opdracht fan Ljouwert UNESCO City of Literature ûntwikkele. Ut … [Lees meer...] overSprekende stenen wint LC-publykspriis by Vredeman de Vriespriis
city of literature
Nije lessen Skriuwersfakskoalle yn septimber
Dyn literêre talint ûntwikkelje? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 25 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 10 july en woansdei 11 septimber binne der fergees tagonklike yntroduksjelessen.Yn it lesblok … [Lees meer...] overNije lessen Skriuwersfakskoalle yn septimber
Skriuwersfakskoalle ferbynt him mei lanlike fakoplieding
De Skriuwersfakskoalle is yn 2021 úteinset as inisjatyf fan Leeuwarden City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. De oplieding hat yntusken studinten yn meardere learjierren. De Skriuwersfakskoalle giet fan 1 july 2024 ôf fierder ûnder de flagge fan de lanlike Schrijversvakschool. Dy organisaasje biedt al mear as 40 jier in dieltiidoplieding rjochte op it … [Lees meer...] overSkriuwersfakskoalle ferbynt him mei lanlike fakoplieding
17 maaie 2024: KFG-Sieperda-sympoasium | UNESCO Erfgoed in Fryslân: Seine of Lêst?
Op freed 17 maaie organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip / Koninklijk Fries Genootschap y.g.m. Tresoar en de Fryske Akademy it folgjende KFG-Sieperda-sympoasium oer de fraach wat it ynhâldt om it UNESCO-logo fiere te meien. Yn de ôfrûne jierren hat in opfallend soad Frysk erfgoed in UNESCO-predikaat krigen: de Waadsee, it Woudagemaal, de Aldfryske wetsteksten fan de … [Lees meer...] over17 maaie 2024: KFG-Sieperda-sympoasium | UNESCO Erfgoed in Fryslân: Seine of Lêst?
9-12 Novimber: Literatuerfestival ‘Meet me at the Lighthouse’
Yn it projekt LIT UP wurkje Boeken fan Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature gear mei seis Europeeske partners om literatuer yn minderheidstalen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen. Dit jier komme de partners byinoar op Skiermûntseach, op it literatuerfestival Meet Me At the Lighthouse. Lês fierder op de webside fan de Afûk. … [Lees meer...] over9-12 Novimber: Literatuerfestival ‘Meet me at the Lighthouse’
Nij skriuwtalint krijt les fan Gysbert Japicxpriiswinner
Jetske Bilker is wiis mei de Gysbert Japicxpriis 2023 dy’t se 14 oktober krige foar har roman Spegel en sonde. As fakdosint draacht se graach har leafde foar literatuer oer op studinten fan de Skriuwersfakskoalle (in gearwurking tusken Schrijversvakschool Groningen, Leeuwarden City of Literature en Tresoar). Lês mear op de webside fan Tresoar: … [Lees meer...] overNij skriuwtalint krijt les fan Gysbert Japicxpriiswinner
32 Utsteld gelok-ferhalen sammele yn blomlêzing
Yn de earste edysje fan kultuermanifestaasje Arcadia brocht Ljouwert UNESCO City of Literature ‘Utsteld gelok’: 100 nij skreaune ferhalen, foarlêzen yn 100 tunen yn Fryslân. De ferhalen foelen yn de smaak by it talrike publyk. Om se foar noch mear minsken beskikber te meitsjen frege de organisaasje letterkundige en skriuwer Henk Pröpper om in seleksje te meitsjen foar in … [Lees meer...] over32 Utsteld gelok-ferhalen sammele yn blomlêzing