• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Earste fan 100 Lyts gelok-teksten sichtber

19 mei 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

de tekst ‘Tu es là?’ op it Observeum yn Burgum. Foto: Lucas Kemper

Op sneon 17 maaie is de earste tekst ferskynd fan it 100 dagen duorjende projekt ‘Klein geluk | Lyts gelok’ fan Ljouwert UNESCO City of Literature. It giet om de tekst ‘Tu es là?’, ôfkomstich út it koarte ferhaal ‘L’infini’ (It ûneinige) fan de Frânsk-Koreaanske skriuwster Elisa Shua Dusapin. Keunstner Machiel Braaksma ûntwurp de letters en pleatste dy op it Observeum yn Burgum. Yn de nacht fan 16 op 17 maaie waard by de stjerrewacht de tekst ûntbleate, wêrmei’t it projekt offisjeel begûn is.

Under Arcadia lit Leeuwarden City of Literature alle dagen in literêre tekst opdûke yn Fryslân. Dit kin in fragmint wêze of in folslein ferhaal. De komplete tekst is op de dei fan ferskining hieltyd fan 12.00 oere ôf te lêzen op kleingeluk.frl. Op de webside is no al te lêzen hokker 100 auteurs meiwurkje oan it projekt, dat fierder benammen draait om ferrassing. It giet om 40 skriuwers út Fryslân, 33 út de rest fan Nederlân, 9 út Flaanderen, 12 fan kollega-Cities of Literature en 6 oare ynternasjonale skriuwers.

Ferwûndering sintraal De skriuwers krigen de opdracht om in tekst te skriuwen oer lytse mominten fan ferwûndering. Yn tiden fan grut leed yn ’e wrâld, wol Leeuwarden City of Literature mei it projekt ûndersykje hokker alledeiske dingen treast en wille bringe kinne. De auteurs mochten foar harren bydrage in eigen foarm kieze, lykas in ferhaal, gedicht, essay of stripferhaal. Ek de ferskiningsfoarm is hieltyd in ferrassing, om sa by te dragen oan de ferwûndering. De organisaasje wurket hjirfoar gear mei keunstners, foarmjouwers en ferskate lytse en grutte organisaasjes. Wa’t him oanmeldt foar de Lyts gelok-mail, krijt alle dagen ynformaasje oer de nije tekst en in hint foar it fynplak fan de tekst foar de dei dêrnei.

Lyts gelok-optredens Wat de organisaasje al wol ferklappe kin is dat der by in tal literêre eveneminten Lyts gelok-optredens plakfine sille. It giet hjirby om Dichter op de Deel (sa 25 maaie), Hoge Woorden (fr 30 maaie), de literêre middei yn Het Tripgemaal (sa 10 augustus) en by de ôfsluting fan Bouwurk (sn 24 augustus). Ek giet Uitgesteld geluk, it eardere Arcadia-projekt fan Leeuwarden City of Literature, ien kear op werhelling. Op tongersdei 10 july wurdt der om 19.30 oere foarlêzen yn Beammetún It Boukeboskje yn Wikel.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: city of literature, literatuer, Ljouwert

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

Wynsels • Tryntsje van der Veer

de loft berint aanst dwêst it ljocht
ik ha myn noeden by Jo brocht
ik doar se út te sprekken

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

26-29 juni: Dichters in de Prinsentuin 2025

26-29 juni: Dichters in de Prinsentuin 2025

18 juni 2025 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

6 july 2025: Silent Book Club Fryslân yn Bouwurk

13 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’

11 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 juny 2025: Fryske Poëzyslam

26 juny 2025: Fryske Poëzyslam

6 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 juny 2025: deadline Lytse Gysbert Japicxpriis

20 juny 2025: deadline Lytse Gysbert Japicxpriis

2 juni 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d