Yn in tiid fan globalisearring, mar ek groeiend konservatisme wurket de Fryske identiteit befrijend en belêstend. Joost Oomen en Sylvana IJsselmuiden sille fertelle oer harren fyzje op it tema. Fedde Schurer wie Frysk, mar hie ek in drege relaasje mei it Fryske. Hy sette him in soad yn foar de Fryske taal en de Fryske kwestje. Mar minderheidsrjochten, sosjale kwestjes en … [Lees meer...] over15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’
Fedde Schurerlêzing
16 novimber 2024: Fedde Schurerlêzing ‘De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks’
Op sneon 16 novimber is by Tresoar de fyftjinde Fedde Schurerlêzing. Flip van Doorn en Sietske Poepjes jouwe beide in lêzing oer it tema De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks. Piter Wilkens fersoarget it muzikaal yntermezzo. It programma begjint om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere) en duorret oant 15.30 oere. Neisit oant 16.45 oere. Tagong fergees, mar oanmelde … [Lees meer...] over16 novimber 2024: Fedde Schurerlêzing ‘De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks’
25 novimber 2023: Fedde Schurerlêzing: ‘Frede mei alle geweld? Of is pasifisme ek in opsje?25 novimber 2023:
Sûnt 2010 organisearret de Ried fan de Fryske Beweging yn ‘e mande mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant in lêzing oer in tema, dat ferbûn is mei wat Fedde Schurer dwaande hold. Sjoen de oarloggen yn Oekraïne en Israël leit it yn ‘e reden, dat dat dit jier it pasifisme is. Sprekkers binne: Harry Pals, teolooch en lid fan 'Kerk en Vrede' (dêr’t Schurer … [Lees meer...] over25 novimber 2023: Fedde Schurerlêzing: ‘Frede mei alle geweld? Of is pasifisme ek in opsje?25 novimber 2023:


