• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

15 novimber 2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

10 november 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Yn in tiid fan globalisearring, mar ek groeiend konservatisme wurket de Fryske identiteit befrijend en belêstend. Joost Oomen en Sylvana IJsselmuiden sille fertelle oer harren fyzje op it tema.

Fedde Schurer wie Frysk, mar hie ek in drege relaasje mei it Fryske. Hy sette him in soad yn foar de Fryske taal en de Fryske kwestje. Mar minderheidsrjochten, sosjale kwestjes en sels de taal giene foar him de provinsjale grinzen te boppen. Dat wie soms in wrakseling, mei in omjouwing dy’t him net altyd goed begriep.

Ek yn it no bestiet dizze wrakseling foar in soad minsken; tusken komôf, komôf en takomst en hoe’t dy yn elkoar oerrinne. Yn in tiid fan globalisearring, mar ek groeiend konservatisme wurket de Fryske identiteit befrijend en belêstend. Bist dan grutsk op it lân of de krite dêr’tst grutbrocht bist? Makket it dy lokkich? Makket it dy grutsk? Wat nimst dêrfan mei nei dyn takomst?

Oomen en IJsselmuiden
 

Dichter, skriuwer, performer en muzikant Joost Oomen komt nei Ljouwert om te fertellen oer syn fyzje op it tema ‘ Grutsk op Fryslân… of krekt net? “. Ek te gast is de Friezinne Sylvana IJsselmuiden, dy’t as presintatrise en aktrise it hiele lân trochkrúste, mar dy’t koartlyn wer werom kaam nei Ljouwert.
 

Oer de Fedde Schurerlêzing


Sûnt 2010 wurdt yn it lêst fan novimber yn Ljouwert de Fedde Schurerlêzing holden, dit jier organisearre troch De Fryske Beweging, yn ‘e mande mei de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant.

Fedde Schurer (1898 –1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrnjonken siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Schurer wie kristlik fredesaktivist en foarman fan de Fryske kultuer. Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Friese Koerier; syn stilistysk briljante en skerpe artikels wiene bekend yn en bûten Fryslân.

Programma

Op sneon 15 novimber 2025 begjint it programma om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere ôf) en duorret oant 16.30 oere. Nei ôfrin is der in gesellige neisit mei drankje en hapke. De tagong is fergees, mar opjaan is needsaaklik.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: Fedde Schurerlêzing, Fryslân, lezing

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Gleed

Gleed: fan ‘e gleed (fan ‘e wize); oan ‘e gleed wêze (oan ‘e gong wêze); oan ien gleed (wei) (sûnder op te hâlden); op gleed komme/reitsje (op gong komme/reitsje)

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 maaie 2026: Symposium “Van tekort naar kracht: meertaligheid in de Engelse les”

19 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
10 maaie 2026: Deadline Gjalp

10 maaie 2026: Deadline Gjalp

16 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

7 maaie 2026: Silent Book Club Fryslân

14 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
26 april 2026: presintaasje ‘Wytbekroek’ fan Elmar Kuiper

26 april 2026: presintaasje ‘Wytbekroek’ fan Elmar Kuiper

11 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23 april: Twalûk ‘Moard en deaslach yn de Fryske literatuer’

23 april: Twalûk ‘Moard en deaslach yn de Fryske literatuer’

10 april 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d