Yn de rige ‘Minsken en Boeken’ fan de Fryske Akademy binne okkerdeis twa nijsgjirrige útjeften by útjouwerij Afûk ferskynd. Wêr bliuwe de froulju? is in ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023) fan Janneke Spoelstra. Yn Hor c’heneiled vreizhat-Us Bretonske freonen fan Alderik H. Blom hannelet oer de betrekkingen tusken de Fryske en Bretonske beweging fan ca. 1946 … [Lees meer...] overTwa nije útjeften yn de literêre rige ‘Minsken en Boeken’ ferskynd
frysk
Oprop oan skriuwers: wa wol yn de Skriuwersarke?
Yn 2026 sil de Skriuwersarke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en … [Lees meer...] overOprop oan skriuwers: wa wol yn de Skriuwersarke?
Op syn nijer Frysk
Nei oanlieding fan de publikaasje fan Dekker, S., Stefan, N, Van Seijen, F., Dijkstra, J., La Roï, C., Heeringa, W., & Kircher, R. (2025). Taal yn Fryslân: In nije koers. Fryske Akademy. Ynlieding Yn 1956 is de earste grutskalige taaltel-enkête ferskynd oer de taalferhâldingen yn Fryslân: Boelens en Van der Veen, De taal van het schoolkind in Friesland. Cijfers en … [Lees meer...] overOp syn nijer Frysk
23 oktober 2025: Lunchlêzing Reitze Jonkman: Obe Postma taalsosjologysk besjoen
Obe Postma taalsosjologysk besjoen Obe Postma is yn de frisistyk bekend as Frysk dichter, mar net as Frysk beweger. Oars as syn tiidgenoaten Douwe Kalma en Fedde Schurer liket er him net as aktivist foar it Frysk ynset te hawwen, mar hoe stie er dêrfoaroer? Jonkman sil besykje om Obe Postma taalsosjologysk yn syn tiid fan it maatskiplik opkommen fan it Frysk te pleatsen, ek … [Lees meer...] over23 oktober 2025: Lunchlêzing Reitze Jonkman: Obe Postma taalsosjologysk besjoen
17-18 oktober 2025: Friezekongres 2025
Op 17 en 18 oktober 2025 fiert de Ynterfryske Ried it hûndertjierrich jubileum fan it earste Fryske Kongres yn de moderne tiid. Dizze histoaryske gearkomste, dy’t yn 1925 ôffurdigen út West-, Noard- en East-Fryslân byinoar brocht, wurdt beskôge as in mylpeal yn de bopperegionale gearwurking tusken de Fryske regio’s. Der is noch plak op it Frysk Kongres 2025 yn Jever: hûndert … [Lees meer...] over17-18 oktober 2025: Friezekongres 2025
Nasjonale Berneboekewike: feestlike oanbieding Frysk printeboek ‘De kening sûnder hynder’
Op de earste dei fan de Kinderboekenweek 2025 (1 o/m 12 oktober) krigen alle bern fan groep 3 fan IKC De Oldenije yn Ljouwert in earste eksimplaar fan it printeboek ‘De kening sûnder hynder’. Nimmen minder as Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen bea it earste eksimplaar oan.De Fryske oersetting fan it printeboek ferskynde yn opdracht fan Boeken fan Fryslân yn gearwurking mei … [Lees meer...] overNasjonale Berneboekewike: feestlike oanbieding Frysk printeboek ‘De kening sûnder hynder’
Steatekomitee Frysk freget ynwenners oer takomst fan it Frysk
Fan septimber oant en mei maart 2026 wurde de ynwenners fan Fryslân troch it Steatekomitee Frysk útdage om mei te tinken oer de takomst fan it Frysk. Om ynwenners aktyf te belûken by dit proses, sil it Steatekomitee it online platfoarm Stim fan Fryslân ynsette. Stim fan Fryslân (Stimfanfryslan.frl) is spesjaal ûntwikkele om boargers mear ynfloed te jaan op it … [Lees meer...] overSteatekomitee Frysk freget ynwenners oer takomst fan it Frysk
Jan Kooistra op it ynternasjonale dichtersfestival Transpoesie 2025
Tongersdei 18 en freed 19 septimber hat yn Antwerpen en Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. It tema dit jier is “turbulent times” en yn dat ramt sil dichter Jan Kooistra in pear gedichten yn it Frysk foarlêze, ûnder oare Jûnskuier yn febrewaris. Dit jier dogge der dichters mei út 16 lannen, dy’t yn harren eigen – lytse of grutte – taal optrede sille. Alle … [Lees meer...] overJan Kooistra op it ynternasjonale dichtersfestival Transpoesie 2025
14 septimber 2025: Deade dichters deklamatoarium yn Weidum
Op sneintemiddei 14 septimber organisearret it DDD-kollektyf yn gearwurking mei húskeamerteater De Wier (Koarnjum) in literêre middei oer Fryske dichters dy’t net mear ûnder ús binne. De middei fynt plak yn de koartlyn restaurearre tsjerke fan Weidum. Njoggen libbene dichters drage poëzy foar fan tolve Fryske dichters dy’t yn de ôfrûne jierren ferstoarn binne. Sy dogge dat … [Lees meer...] over14 septimber 2025: Deade dichters deklamatoarium yn Weidum
Tsien winners fan de Gjalp
De tsien winners fan de Gjalp binne tongersdeimiddei 21 augstus yn it Bouwurk fan Arcadia troch deputearre Eke Folkerts bekendmakke. It giet om fiif dichters dy’t in gedicht skreaun hawwe by filmfragminten út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) en om fiif skriuwers dy’t filmideeën ynstjoerd hawwe mei it each op it Noardlik Film Festival fan 5-9 novimber. De Gjalp is in … [Lees meer...] overTsien winners fan de Gjalp
Nije stikken yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes
De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn. Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa’n … [Lees meer...] overNije stikken yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes
Conference on Frisian Humanities
It programma en gearfettingeboek fan 'e Conference on Frisian Humanties, Brêgen en Grinzen: Fryslân yn in mondiale kontekst, binne publisearre. Conference on Frisian Humanities De Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Taalfeardigens fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Fryske Taal en … [Lees meer...] overConference on Frisian Humanities
In slagge sympoasium mei as ferrassing: de oerlanging fan de ferhalebondel ‘Lêze, blinder’
De boekoanbieding wie de kers op 'e taart ôfrune freed yn it tsjerke fan de Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden. Wat in moaie middei belibben wy by it Literêr Sympoasium Lêze is Willewurk. In middei yn it ramt fan lêze mei muzyk én de oanbieding fan in spesjale ferhalebondel mei de titel Lêze, blinder. Jelle Krol naam it earste eksimplaar yn ûntfangst! Oer de … [Lees meer...] overIn slagge sympoasium mei as ferrassing: de oerlanging fan de ferhalebondel ‘Lêze, blinder’
Nij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’
De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en nifelwurkjes – allegear ynspirearre op sammele bûseskatten fan bern. In hearlik boek oer bernefantasy en fynsten, foar bern fan 4 jier ôf. Lês de ferhalen oer it famke Poike, dy’t bûten boartsje it moaiste fynt dat der is. Poike hat altyd de bûsen fol. Mei wûnderbaarlike of gewoan moaie, grutte en lytse … [Lees meer...] overNij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’
Publyksstimming Liet 2025 set út ein
Tsien acts noch yn 'e race foar finale It Fryske publyk kin fan 16 juny ôf online in stim útbringe op ien fan de tsien acts, dy’t noch yn de race binne foar in finaleplak fan Liet 2025. It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op tongersdei 11 septimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De act mei de measte stimmen fan it Fryske publyk kwalifisearret him streekrjocht … [Lees meer...] overPublyksstimming Liet 2025 set út ein
Wynsels • Tryntsje van der Veer
de loft berint aanst dwêst it ljochtik ha myn noeden by Jo brochtik doar se út te sprekken de jûn is rûzich en jout reinik ha myn skyld en swurd delleinik sykje om in tekken de tiid fan warberens is oerit wurdt al stil yn de natoerit ljocht is oan it brekkenas ier om ús de kjeld ferdwyntta teken dêr in stjerre skyntta wynsel is it lekken de loft berint aanst komt de … [Lees meer...] overWynsels • Tryntsje van der Veer
27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’
Op freed 27 juny 2025 organisearret Tresoar in literêr sympoasium mei as tema Lêze is willewurk. Fan 14.30 oant 16.15 oere is der in ôfwikseljend programma mei sprekkers én muzyk. De sprekkers op it sympoasium binne Alderik Blom, Joke Corporaal, Alex Riemersma en Joop Koopmans. Muzyk is der fan Janneke Warringa, Peter van der Zwaag en Andrea Meijer. Yn it programma is ek … [Lees meer...] over27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’
26 juny 2025: Fryske Poëzyslam
Wa is de bêste Fryske Poëzyslammer? Kom 26 juny nei de Fryske Poëzyslam! Op tongersdei 26 juny is by Tresoar de tredde edysje fan de Fryske Poëzyslam: tsien talintearre dichters nimme it tsjin elkoar op. It wurdt in jûn fol ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten. Fans, famylje en freonen en alle poëzyleafhawwers binne fan herte wolkom! By de poëzyslam … [Lees meer...] over26 juny 2025: Fryske Poëzyslam
De Hûnekop krijt Fear yn ‘e broek: ‘Makket Frysk en Fryslân populêr by grut publyk’
Rockband De Hûnekop krijt De Fear yn ‘e Broek foar syn ynset foar de Fryske taal. Dat hat De Fryske Beweging bekend makke, dy’t de priis elk jier útrikt. Neffens de taalorganisaasje is De Hûnekop net mear fuort te tinken út it libben fan in soad Fryske jongerein. De priis wurdt elk jier útrikt oan organisaasjes of persoanen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje of makke hawwe … [Lees meer...] overDe Hûnekop krijt Fear yn ‘e broek: ‘Makket Frysk en Fryslân populêr by grut publyk’
25 maaie 2025: Dichter op de Deel
Er treden negen dichters op tijdens de achtste editie van Dichter op de Deel: Tsead Bruinja, Soleh Rezazadeh, Sytse Jansma, Dien L. de Boer, Kasper Peters, Aly Freijel Alexander Moto, Gabriëlle Terpstra en Anne Broeksma. Het programma wordt afgewisseld met muziek, er is beeldende kunst te zien en de bundels van de auteurs en andere boeken zijn te koop. Eén van de dichters zal … [Lees meer...] over25 maaie 2025: Dichter op de Deel
1 juny 2025: boekpresintaasje Schitteren en schuilen
Op zondagmiddag 1 juni 2025 presenteert uitgeverij Elikser de Nederlandse editie van de biografie over de dichter Jacobus Q. Smink (1954-2024). … [Lees meer...] over1 juny 2025: boekpresintaasje Schitteren en schuilen
23-25 maaie 2025: Friesendroapen op Hilgelân
Fan 23 oant 25 maaie 2025 komme Friezen fan Fryslân, Ostfriesland en Noard-Fryslân byinoar op Hilgelân (Helgoland) foar in feestlik en kultureel evenemint: it Friesendroapen. Sûnt 1962 hat om de trije jier dat ynterfryske treffen op Hilgelân plak, foar Friezen út Nederlân en Dútslân (Eastfriezen en Noardfriezen). De organisaasje wikselet om ‘e trije jier fan seksje en yn … [Lees meer...] over23-25 maaie 2025: Friesendroapen op Hilgelân
22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
Fryske boeken dreech? Hielendal net! Yn de Fryske literatuer falt genôch te laitsjen. Op twa jûnen (24 april en 22 maaie) komt de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart oan bod. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: do lêst it allegear by dizze fjouwer Fryske skriuwers. Op 24 … [Lees meer...] over22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
moderne maaie • André Looijenga
mêsten koperglânzgjendmeitsje har út pannedakken, beammenlos, glide beret efter de flatsjeshinne, Ljouwert ûnder ’t pompeblêdskûtsjes stome de stêd wer útde ûnsichtb’re Greuns, de marren op o kultureel briedplak! fan ôfbakte balkontsjes wolle joek op ’t koeltsje ta, it föhndegerslân yn, en oan ’e Iebygelyks – moai fuort –dat teewetter tusken tondeuze-fjild en … [Lees meer...] overmoderne maaie • André Looijenga
Feestlike oanbieding meartalige berneboeken Waadhoeke
Ofrûne moandei 14 april krigen learlingen fan basisskoalle It Bynt yn Winsum in Lêskiste mei Fryske berneboeken kado út hannen fan René de Vries, wethâlder fan de gemeente Waadhoeke, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn't alle skoallen fan de gemeente in fergeze Lêskiste oanbean krije. Yn de meartalige gemeente kin it … [Lees meer...] overFeestlike oanbieding meartalige berneboeken Waadhoeke























