Yn 2026 sil de Skriuwersarke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en … [Lees meer...] overOprop oan skriuwers: wa wol yn de Skriuwersarke?
literatuer
13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’
Op tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, mei it literatuerfestival Meet Me at the Lightgouse syn ekposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties. De Dichter fan Fryslân socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de … [Lees meer...] over13 novimber 2025: iepening ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’
12 novimber 2025: boekpresintaasje ‘Wêr bliuwe de froulju?’
Janneke Spoelstra ynterviewde tsien dichters oer harren poëzy en harren posysje yn de Fryske literatuer. Net tafallich binne it alle tsien froulju. Skriuwe froulju likefolle as manlju? Wurde se like maklik publisearre? Hawwe froulju tsjintwurdich like goede kânsen as manlju yn ’e Fryske literatuer? Datsoarte saken kamen oan ’e oarder yn de ynterviews. Op woansdei 12 novimber … [Lees meer...] over12 novimber 2025: boekpresintaasje ‘Wêr bliuwe de froulju?’
9 novimber 2025: Foarstelling de Gjalp
De Moanne, Ensafh en Frysk Dichterskollektyf RIXT nûgje elk fan herten út foar in foarstelling mei de earste risseltaten fan De Gjalp – in projekt dat de Fryske literatuer op nije plakken in stim jaan wol. Dizze earste Gjalp ferbynt dichters en skriuwers mei film en biedt harren in poadium op it Noordelijk Film Festival (NFF). Nei in iepen oprop binne tsien makkers … [Lees meer...] over9 novimber 2025: Foarstelling de Gjalp
Boekpresintaasje Janneke Spoelstra’s ‘Wêr bliuwe de froulju?’
Janneke Spoelstra ynterviewde tsien dichters oer harren poëzy en harren posysje yn de Fryske literatuer. Net tafallich binne it alle tsien froulju. Skriuwe froulju likefolle as manlju? Wurde se like maklik publisearre? Hawwe froulju tsjintwurdich like goede kânsen as manlju yn ’e Fryske literatuer? Datsoarte saken kamen oan ’e oarder yn de ynterviews. Op woansdei 12 novimber … [Lees meer...] overBoekpresintaasje Janneke Spoelstra’s ‘Wêr bliuwe de froulju?’
1 novimber 2025: Literêre middei mei Durk van der Ploeg
Op sneon 1 novimber stiet de Fryske skriuwer Durk van der Ploeg (1930) sintraal op in literêre middei yn Tresoar. De noch altyd warbere skriuwer hat lêsten syn 95ste jierdei fierd en by dy gelegenheid is syn nijste roman ferskynd. Neist poëzy en novellen hat Van der Ploeg sa’n tritich romans skreaun. Yn 2011 krige er de heechste Fryske literêre ûnderskieding, Gysbert … [Lees meer...] over1 novimber 2025: Literêre middei mei Durk van der Ploeg
11 oktober 2025: Gysbert Japicxpriisutrikking
Op sneon 11 oktober 2025 krijt Elmar Kuiper foar syn bondel Ferlosboartsje de Gysbert Japicxpriis 2025 útrikt troch deputearre Eke Folkerts yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De Lytse Gysbert wurdt op dizze middei troch wethâlder fan Gemeente Súdwest Fryslân Petra van den Akker útrikt oan Alen Hrustic. De provinsjale Gysbert Japicxpriis is sûnt 1947 de heechste ûnderskieding … [Lees meer...] over11 oktober 2025: Gysbert Japicxpriisutrikking
Elmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025
Dichter Elmar Kuiper is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2025. Hy krijt de wichtichste priis foar Fryske literatuer foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. Op tongersdei 28 augustus is hy thús ferrast mei in besite fan taaldeputearre Eke Folkerts. De advyskommisje keas mei folle oertsjûging foar dizze bondel. “Yn Ferlosboartsje komt de lêzer yn in poëtysk universum dat fier … [Lees meer...] overElmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025
Nije stikken yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes
De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn. Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa’n … [Lees meer...] overNije stikken yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes
In slagge sympoasium mei as ferrassing: de oerlanging fan de ferhalebondel ‘Lêze, blinder’
De boekoanbieding wie de kers op 'e taart ôfrune freed yn it tsjerke fan de Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden. Wat in moaie middei belibben wy by it Literêr Sympoasium Lêze is Willewurk. In middei yn it ramt fan lêze mei muzyk én de oanbieding fan in spesjale ferhalebondel mei de titel Lêze, blinder. Jelle Krol naam it earste eksimplaar yn ûntfangst! Oer de … [Lees meer...] overIn slagge sympoasium mei as ferrassing: de oerlanging fan de ferhalebondel ‘Lêze, blinder’
27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’
Op freed 27 juny 2025 organisearret Tresoar in literêr sympoasium mei as tema Lêze is willewurk. Fan 14.30 oant 16.15 oere is der in ôfwikseljend programma mei sprekkers én muzyk. De sprekkers op it sympoasium binne Alderik Blom, Joke Corporaal, Alex Riemersma en Joop Koopmans. Muzyk is der fan Janneke Warringa, Peter van der Zwaag en Andrea Meijer. Yn it programma is ek … [Lees meer...] over27 juny 2025: Literêr Sympoasium ‘Lêze is willewurk’
Earste fan 100 Lyts gelok-teksten sichtber
Op sneon 17 maaie is de earste tekst ferskynd fan it 100 dagen duorjende projekt ‘Klein geluk | Lyts gelok’ fan Ljouwert UNESCO City of Literature. It giet om de tekst ‘Tu es là?’, ôfkomstich út it koarte ferhaal ‘L’infini’ (It ûneinige) fan de Frânsk-Koreaanske skriuwster Elisa Shua Dusapin. Keunstner Machiel Braaksma ûntwurp de letters en pleatste dy op it Observeum yn … [Lees meer...] overEarste fan 100 Lyts gelok-teksten sichtber
22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
Fryske boeken dreech? Hielendal net! Yn de Fryske literatuer falt genôch te laitsjen. Op twa jûnen (24 april en 22 maaie) komt de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart oan bod. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: do lêst it allegear by dizze fjouwer Fryske skriuwers. Op 24 … [Lees meer...] over22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
24 april 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
Fryske boeken dreech? Hielendal net! Yn de Fryske literatuer falt genôch te laitsjen. Op twa jûnen (24 april en 22 maaie) komt de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart oan bod. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: do lêst it allegear by dizze fjouwer Fryske skriuwers. Op 24 … [Lees meer...] over24 april 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
27 maart 2025: Skriuwerskafee
Op dizze lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau! It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle … [Lees meer...] over27 maart 2025: Skriuwerskafee
Manifestaasje Us allereigenste taal
Frysk en Frij organiseart in Manifestaasje Us aller eigenste taal op sneon 29 novimber 2025, 10.30-15.00 oere. Dy deis is fold mei in bondelpresintaasje, in foarum, ferskate foardrachten, muzyk en dûns. Foar de sammeldichtbondel is der in oprop om fersen yn te stjoeren. Dat kin oant 1 juny. Sammeldichtbondel Stjoer in fers op yn dyn eigen Frysk, bygelyks Klaaifrysk, … [Lees meer...] overManifestaasje Us allereigenste taal
Ljouwert UNESCO City of Literature bringt hûndert dagen Lyts gelok
Kenst dat, lytse mominten fan ferwûndering of lok? Se oerfalle dy op strjitte of yn de natuer, fynst se samar yn foarwerpen, moetingen of geuren.Yn de 100 dagen fan kultureel programma Arcadia (17 maaie oant en mei 24 augustus 2025) ferrast Ljouwert UNESCO City of Literature dy 100 dagen lang mei Lyts gelok: literêre ljochtpuntsjes dy't oeral yn Fryslân opdûke. Fan koarte … [Lees meer...] overLjouwert UNESCO City of Literature bringt hûndert dagen Lyts gelok
6 maart 2025: Lettertreffen
Op tongersdei 6 maart 2025 organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de tredde edysje fan Lettertreffen, ús gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân. We prate dy middei skriuwers, útjouwerijen, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes graach by oer ús plannen en litte sprekkers oan it wurd. En fansels is der tiid om inoar te … [Lees meer...] over6 maart 2025: Lettertreffen
Rely Jorritsmapriisfraach 2025 iepensteld
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 71ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De … [Lees meer...] overRely Jorritsmapriisfraach 2025 iepensteld
Nije edysje De Vrije Fries
It wittenskiplik jierboek De Vrije Fries (sûnt 1839) wurdt útjûn troch it Frysk Genoatskip yn gearwurking mei de Fryske Akademy. De ynhâld bestiet út wittenskiplike artikels en mear essayistyske bydragen op it mêd fan de Fryske skiednis, keunst, literatuer en argeology. As it mooglik is wurdt de Fryske stof yn in bredere kontekst behannele. Nû. 104 is no publisearre, mei wer … [Lees meer...] overNije edysje De Vrije Fries
‘Ik wie benijd hoe’t it eartiids wie’
Philippus Breuker hat tsientallen boeken en noch folle mear artikels op syn namme te stean. Dêr die de âld-heechlearaar Frysk in soad ûndersyk foar, ûnder oare yn de argiven fan Tresoar. No’t er meikoarten 85 jier wurdt, is er syn eigen ûnbidich grutte argyf oan it oarderjen, om it stadichoan oer te dragen oan Tresoar. Yn syn studearkeamer yn Boazum stean de boekekasten fol, … [Lees meer...] over‘Ik wie benijd hoe’t it eartiids wie’
Oprop Tresoar Fellow 2025
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer en/of kultuer. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. Kandidaten fan alle … [Lees meer...] overOprop Tresoar Fellow 2025
It bêst ferkochte Fryske boek yn Dijkstra & Evenblij: Arjen Dijkstra oer Anne Wadman
Anne Wadman hie syn nocht fan it skriuwen en sei dat er noait wer in boek skriuwe soe. Mar in heal jier letter ferskynde ‘De Smearlappen’, dat it bêst ferkochte Fryske boek waard. Yn it radioprogramma Dijkstra en Evenblij ter plekke op NPO radio 1 fertelde Arjen Dijkstra foarige wike live yn de útstjoering op 'e Jouwer oer it boek en de opskuor. De podcast is hjir werom te … [Lees meer...] overIt bêst ferkochte Fryske boek yn Dijkstra & Evenblij: Arjen Dijkstra oer Anne Wadman
Dossier Hylke Speerstra
Skriuwer Hylke Speerstra hat de Fryske Anjer krigen. Hy stiet bekend as ‘ferhaleferteller pur sang mei in sterke sjoernalistike ynslach’. Hoe gie er te wurk om boeken te skriuwen foar in breed publyk? It argyf fan Tresoar jout ynsjoch: Tresoar - Diel 1: Neaken en bleat foar de dokter Tresoar - Diel 2: Kening op sokken Tresoar - Diel 3: Oare literêre winners fan de … [Lees meer...] overDossier Hylke Speerstra
Skriuwersfakskoalle: It sykjen nei in eigen stim
Tryntsje van der Steege fertelt oer de oplieding dy’t se folget by de Skriuwersfakskoalle, har leafde foar lêze en literatuer. Kinst it leare om te skriuwen? ‘Ik tink datst it wol in bytsje yn dy hawwe moatst en dan kinst it better leare.’ Lês mear op de webside fan Tresoar: https://www.tresoar.nl/nieuws/de-zoektocht-naar-een-eigen-stem … [Lees meer...] overSkriuwersfakskoalle: It sykjen nei in eigen stim






















