Moandei 16 maart fûn by Firda Plaza yn Ljouwert de ynauguraasje en offisjele beneaming plak fan dr. Lysbeth Jongbloed as praktor Frysk en meartaligens by Firda en Aeres. Yn har ynaugurele rede naam Jongbloed de oanwêzigen mei yn har fyzje op hoe’t (Fryske) taal, identiteit en meartaligens betsjutting krije yn it middelber beropsûnderwiis (mbû). Dêrby lei se út hoe’t taal net … [Lees meer...] overYnauguraasje Lysbeth Jongbloed as praktor Frysk en meartaligens
mbû
Advysrapport DINGtiid foar Frysk yn it mbû
Yn it middelber beropsûnderwiis is ferlet fan in stevigere ferankering fan de Fryske taal. Der binne genôch mooglikheden om dat te regeljen. Dat docht bliken út it nijste advysrapport fan DINGtiid. Op tongersdei 10 july hawwe Harry van der Molen (Firda) en Harry Bevers (VVD) it advys ‘Oan it wurk mei it Frysk: advysrapport oangeande de posysje en fuortsterking fan it Frysk yn … [Lees meer...] overAdvysrapport DINGtiid foar Frysk yn it mbû
Meartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk
Op tongersdei 5 juny waard op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert troch mbû-studinten in bysûnder meartalich glês yn lead keunstwurk oanbean oan Bouwurk fan Arcadia. It keunstwurk toant in betsjuttingsfolle relaasje fan de studinten mei de wrâld en in sterke identifikaasje mei de regio. Wat betsjut taal en kultuer foar dy? Dy fraach stie sintraal yn it keunstprojekt fan … [Lees meer...] overMeartalich glês-yn-leadkeunstwurk by Bouwurk
YnSicht earste tmbû-skoalle mei Frysk as eksamenfak yn beropsrjochte profilen
YnSicht, skoalle fan OSG Piter Jelles (ûnderdiel fan OVO Fryslân-Noard), sil as earste tmbû-skoalle yn Fryslân it Frysk as eksamenfak oanbiede yn de beropsrjochte profilen op it tmbû. Tongersdei 14 novimber is by in besite fan amtners fan it ministearje fan OCW en Provinsje Fryslân stilstien by dy mylpeal foar it tmbû. Deputearre Eke Folkerts: “YnSicht hat sjen litten dat … [Lees meer...] overYnSicht earste tmbû-skoalle mei Frysk as eksamenfak yn beropsrjochte profilen
Novimber: 80ste edysje FeRstival
Yn novimber is FeRstival der wer. Dizze Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen is dit jier foar de 80ste kear! Dit jier is ek in FeRstival-projekt yn Searje 36 en in gastles fan in Fryske dichter oer foardragen. By FeRstival drage learlingen sa moai mooglik in Frysk gedicht foar. Alle jierren dogge der sa’n 90 learlingen út it fuortset ûnderwiis mei. … [Lees meer...] overNovimber: 80ste edysje FeRstival




