Wolle jo in bydrage fan betsjutting leverje oan wittenskiplik ûndersyk foar en oer Fryslân? Binne jo immen dy’t ferbynt en in ynspirearjend lieder dy’t it boechbyld wêze kin foar de ûntwikkeling fan ‘e Fryske Akademy nei in robúst ûndersyksynstitút dat klear is foar de takomst, in wittenskiplik sintrum dat weardefolle ynsichten en brûkbere tapassingen leveret foar Fryslân en de Fryske taal en kultuer?
De Ried fan Tafersjoch fan de stichting Fryske Akademy siket om in:
Direkteur-bestjoerder
De direkteur-bestjoerder hat in funksje mei bestjoerlike en wittenskiplike taken. Yn ’e mande mei de Ried fan Tafersjoch, de meiwurkers en oare belutsen partijen, jouwe jo foarm oan it strategysk belied en binne jo ferantwurdlik foar de tarieding en útfiering dêrfan. Dêrby steane jo noed foar de wittenskiplike kwaliteit, it maatskiplik draachflak en de finansjele fuortgong fan ’e organisaasje.
Laat een reactie achter