• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Nij online platfoarm foar Fryske Taal – en Letterkunde: Frisistyk.nl

30 augustus 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Fryske Akademy en de redaksje fan Neerlandistiek.nl kundigje de lansearring oan fan Frisistyk.nl, in nij online tydskrift wijd oan Fryske taal- en letterkunde. It wurdt in útwreiding fan it suksesfolle Neerlandistiek.nl, in website dy’t it midden hâldt tusken in wittenskiplik tydskrift en in kenniswebsite foar in lekepublyk. Frisistyk.nl giet op 6 oktober live en sil njonken algemiene stikken oer Fryske taalkunde, skiednis en letterkunde yn Nederlân en Dútslân ek romte biede oan ûnderwerpen lykas Frysk yn it ûnderwiis en Frysk taalbelied.

De ôfrûne jierren ferskynden al regelmjittich stikken oer it Frysk of Fryslân op Neerlandistiek.nl, skreaun troch ûndersikers en professionals út it Fryske fjild. No kin elkenien dêr al in antwurd fine op fragen lykas wat Crusader Kings III te krijen hat mei de skiednis fan Fryslân, oft Fryske bern ek in Gooise R yn harren Nederlânsk brûke, en hoe’t it Nederlânsk it Frysk beynfloedet.

It is net ferwûnderlik dat frisisten graach harren kennis diele fia dit platfoarm, want mei sa’n 10.000 unike besikers per dei en 3.500 folgers op Facebook en hast 8.000 op X (earder: Twitter) hat dit online tydskrift in grut berik yn Nederlân en spilet it in ferbinende rol yn it fjild fan de taal- en letterkunde.

Eigen poadium

Om de Fryske taal- en letterkunde in promininter eigen plak te jaan op de website wurdt ûnder de paraplu fan Neerlandistiek.nl in aparte website Frisistyk.nl opset, dy’t fersoarge wurde sil troch de Fryske Akademy en bydragen ferwolkommet fan elkenien dy’t him mei de frisistyk dwaande hâldt.

Anne Merkuur, taalkundich ûndersiker by de Fryske Akademy, fynt it wichtich dat de frisistyk dit poadium krijt: “Binnen en bûten Fryslân wurdt der safolle ûndersyk dien nei it Frysk. Dat moatte we net allinnich binnen it eigen fakgebiet fia de wittenskiplike, ynternasjonale kanalen presintearje, mar ek krekt op lokale en nasjonale skaal. In tagonklik en leechdrompelich poadium lykas Frisistyk.nl biedt romte foar de ferwûnderingen en iepen einen fan ús fak en kin ús ûnderling ferbine. It is in manier om ús wurk te presintearjen oaninoar, oan de nije generaasje ûndersikers en oan in breder publyk.”

Lansearring

Op freedtemiddei 6 oktober, fan 15:00 oere ôf, wurdt de website Frisistyk.nl feestlik lansearre yn Café Neushoorn yn Ljouwert. Marc van Oostendorp (heechlearaar Radboud Universiteit Nijmegen, ûndersiker Meertens Instituut en haadredakteur van Neerlandistiek.nl) en Anne Merkuur (taalkundich ûndersiker Fryske Akademy en assistint-professor Ryksuniversiteit Grins) sille dan in taljochting jaan op harren fierdere plannen. Elkenien is wolkom, tagong is fergees. Opjaan kin fia in online formulier.

Oer de Fryske Akademy

As netwurkynstelling rjochte op de takomst docht, dielt en fasilitearret de Fryske Akademy wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op it Frysk, de meartalige mienskip, regionale skiednis yn ynternasjonaal perspektyf, minderheidstalen en -kultueren en ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren; it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf. Yn 2023 bestiet de Fryske Akademy 85 jier.

Online

  • Fryske-akademy.nl
  • Neerlandistiek.nl
  • Frisistyk.nl (fan 6 oktober ôf)

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Nieuws Tags: frysk

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

3 jannewaris 2026: Genealogysk Wurkferbân kolleezjetoer

5 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d