• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
    • Chris van Geel
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Fjouwer nije akademyleden beneamd

8 september 2023 door Redactie Neerlandistiek Reageer

By de Akademydei fan freed 8 septimber 2023 binne fjouwer nije Akademyleden beneamd: Hinne Wagenaar, Sietske Poepjes, Wim Benes en Jacob Fokkema. De leden binne beneamd  op grûn fan harren bysûndere bydrage op it mêd fan de wittenskip of de maatskippij oangeande de Fryske taal en kultuer.

HInne Wagenaar (61, wenjend te Hilaard, berne te Nijemardum) – In eigen teology, it eigene fan Fryslân en de Fryske identiteit, en dat ferbine mei de wrâld fan tsjerke en leauwen, stiet sintraal yn it libben fan Wagenaar. Dat uteret him ûnder oaren yn in rige wichtige wittenskiplike publikaasjes oer de Fryske sindingsskiednis en yn it opsetten fan in postakademyske kursus Leauwe yn Fryslân foar foargongers en pastores. Foar syn rol as ambassadeur fan it Fryske ferhaal en in Fryske spiritualiteit, mei each foar minske, skiednis en meartaligens, foar syn rol as ferbiner fan minske, mienskip en kultuer, en foar syn rol as oanjager fan in folweardich brûken fan it Frysk njonken oare talen dy’t hjir brûkt wurde yn it domein fan tsjerke en leauwe, yn it bysûnder foar Nijkleaster wurdt Wagenaar lid.

Sietske Poepjes (44, wenjend te Makkum, berne te Harns) – Ald-deputearre Poepjes hat har ynset foar in taalbelied mei ambysje en konkrete doelen. Se set har yn foar it Frysk as in ambassadeur, in motivator en in oanjager. Wêr’t se komt, draacht se de Fryske taal en kultuer út. Hja motivearret de mienskip yn it grut en yn it lyts om dy taal te brûken en dy kultuer stal te jaan op in eigentiidske wize.

Wim Benes (57, wenjend te Ljouwert, berne te Harns) – Dat de Fryske taal en kultuer der net bliuwe bûten de wrâld fan ’e digitale helpmiddels en media om seit himsels. As ien fan ’e earsten hie Benes yn ’e gaten, hoe bot oft wy net allinnich sels fia it skerm kommunisearje, mar ek hoe bot oft it skerm kommunisearret mei ús. Wim Benes hat derfoar soarge, dat dy nije begripen al yn in ier stadium ek yn it Frysk op ús ôf kamen. Troch syn krewearjen, yn oparbeidzjen mei de Fryske Akademy en oare organisaasjes, ûntstie de prachtige Fryske samling ynsprutsen sinnen foar CommonVoice, doe’t CommonVoice noch inkeld yn it Ingelsk bestie.

Jacob Fokkema (75, wenjend te Schiedam, berne te Ljouwert) –  Promovearre  yn rekordtiid nei syn ôfstudearjen op in dreech proefskrift, dêrop folgjend ynternasjonale karriêre, waard Fokkema by eintsjebeslút as rector magnificus by syn alma mater yn Delft te gean. Jacob Fokkema siet yn de wittenskipskommisje fan ’e Fryske Akademy, en wie letter foarsitter fan ’e Ried fan Tafersjoch. Hy sette him yn foar de hiele wittenskiplike ynfrastruktuer yn Fryslân, stie oan ’e widze fan ’e University Campus Fryslân. Ek by it ynternasjonaal kennisynstitút Wetsus hat er it nedige út ’e wei set, en boppedat is er lid fan ’e Ried fan Advys fan it bestjoer fan ’e stifting Academie van Franeker.

Presintaasjes en Undersyksaginda

Dr. Han Nijdam hâldt in lêzing oer it âldste Fryske printe boek en in wichtige boarne foar it Aldfrysk: Freeska Landriucht (ca. 1485). Dêrneist sil de Undersyksaginda presintearre wurde, dy’t it  útgongspunt wêze sil fan it ûndersyk fan de kommende jierren. De 85ste Akademydei wurdt iepene troch in taspraak fan direkteur-bestjoerder Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, dy’t weromsjocht yn de tiid, mar ek foarút.

Akademydei 2023

Freed 8 septimber 2022, 14.00-17.00 oere yn it Westcord WTC Hotel, Heliconweg 52, 8914 AT te Ljouwert. Sjoch foar it programma: www.fryske-akademy.nl/akademydei  

Oer de Fryske Akademy

De Fryske Akademy docht sûnt 1938 wittenskiplik ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal, meartaligens en regionale skiednis. It ynstitút is sûnt 1990 lieard oan de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW).

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Nieuws Tags: Fryske Akademy

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Christine D’haen • Hortus conclusus

’t Gebaardhaard aartsvader-seringenhout dringt
met bronshartig blad in het blonde geblaarte
der esch waar de eschdoorn door wast
bekropen door hedera en hooge kornoelje
gepaard aan liguster en vlier.

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Vlaggetjes

Morgen
van acht tot negen uur ’s ochtends
zal ik de mensheid bewenen

Bron: Rodaan al Galidi

➔ Bekijk hier alle citaten

Agenda

2 mei 2026: Presentatie Herinneringscahier 1940-1945

2 mei 2026: Presentatie Herinneringscahier 1940-1945

15 april 2026

➔ Lees meer
23 en 24 april 2026: De neerlandistiekdagen

23 en 24 april 2026: De neerlandistiekdagen

14 april 2026

➔ Lees meer
2 mei 2026: voorjaarsbijeenkomst E. du Perrongenootschap

2 mei 2026: voorjaarsbijeenkomst E. du Perrongenootschap

13 april 2026

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

geboortedag
1910 Saskia Ferwerda
1933 Jos Wilmots
➔ Neerlandicikalender

Media

Bonusauteurs Anna van der Horst, Maria van Zuylekom en Petronella Woesthoven

Bonusauteurs Anna van der Horst, Maria van Zuylekom en Petronella Woesthoven

15 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Ted van Lieshout | Het Grote Gebeuren 2026

Ted van Lieshout | Het Grote Gebeuren 2026

12 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
In gesprek met dichter Sophia Blyden

In gesprek met dichter Sophia Blyden

12 april 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d