Samenvatting: Twee exemplaren van het ‘Freeska Landriucht’, het oudste Friestalige gedrukte boek (1484-86), lijken enkele eeuwen geleden elkaars pad te hebben gekruist. Daarop wijst een analyse van de patronen in de ‘rubricatie’, de wijze waarop leestekens en handgeschreven hoofdletters in een boek werden aangebracht.
It ‘Freeska Landriucht’
Mei de term Aldfrysk tsjutte we it Frysk oan fan de perioade ca. 1100-1550. Om’t it totaal fan skreaune Aldfryske boarnen – it Aldfryske ‘korpus’ – sa lyts is (sechstjin hânskriften, ien drukt boek, ca. 1100 oarkonden en wat oare stikken) mar it belang sa grut, wolle we alles witte fan dy boarnen. Net allinne wat deryn stiet, mar ek hoe’t de tekstdragers ta stân kaam binne, fan hokfoar materiaal oft se binne, wa’t se yn de rin fan de iuwen yn hannen hân en brûkt hawwe, en mear fan soks.
Ien fan dy midsiuwske boarnen gean ik hjirûnder neier op yn: it ‘Freeska Landriucht’ (hjirnei: FL), de iennige Aldfryske ynkunabel. Ynkunabels binne boeken dy’t drukt binne yn ’e kreamtiid fan de boekdrukkeunst, tusken de útfining derfan, om 1450 hinne, en it jier 1501. Hjoeddedei ha we noch njoggen eksimplaren fan it FL, yn binnen- en bûtenlân. It wurdt ynternasjonaal sjoen as in kurioziteit en in enigma, fanwegen de taal mar ek om’t we abslút net witte wa’t it printe hat, wêr’t dat barde en wa’t de opdracht dêrta jûn hat. Al mear as twa iuwen wurdt dêr ûndersyk nei dien (sjoch Schouten 2000/2001), sûnder dat we de antwurden fûn ha. Ek yn in resinte, Ingelsktalige útjefte koenen sokke kwestjes, begryplikerwiis, noch net oplost wurde (Nijdam/Hallebeek/De Jong 2023, open access). We witte yntusken wol dat dizze anonime printer ek noch fiif oare boeken printe hat (allegearre Latyn; Kruitwagen 1948) en, troch knap wettermerkûndersyk van Van Thienen (1999), dat er wurksum wie yn de jierren 1483-1487; it FL printe dizze anonymus yn 1484-1486. Ek ûndersyksgroep Pastei, dêr’t ik ta hear, hat de ôfrûne jierren al in soad wurk oangeande dit nijsgjirrige boek ferset (sjoch: www.pastei.frl).
Yllustraasje 1: in side út Tresoar, Hs R 1 (=Tredde Emsinger Hânskrift). Foto fia: richthofen.nl.
Rubrikaasje
Nei’t de katernen fan in ynkunabel printe wienen, koenen dy mei de hân ‘rubrisearre’ wurde: der kamen dan kleurige haadletters (‘lombarden’ of, grutter, ‘inisjalen’) op de plakken dy’t de printer dêrfoar iepenlitten hie en dy’t de tekststruktuer dúdliker meitsje moasten. Ek guon oare tekens om by it lêzen te helpen waarden troch dy ‘rubrikator’ hânmjittich oanbrocht, lykas opskriften of paragraaftekentsjes. Dat barde faak yn it read (Lat. rubrum, fandêr de termen). In soad ier drukwurk hat sokke rubrikaasje, faak neffens de moade dy’t we yn de 14e en 15e iuw yn West-Europeeske hânskriften in soad oantreffe [Yllustraasje 1]. Dat leit ek yn de reden, want de ynkunabeldrukkers dienen har uterste bêst om it drukwurk sa bot mooglik de hânskriften fan dy tiid belykje te litten – kwa bledspegel en lettertype mar dus ek kwa rubrikaasje.
Ek de measte fan de njoggen eksimplaren fan it FL binne rubrisearre, en faak ek neffens dyselde moade. Ien fan de trije eksimplaren dy’t tsjintwurdich by it grutte Fryske kolleksjesintrum Tresoar (earder bekend as de ‘PB’, de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân) berêste, hat lykwols meardere rubrikaasjestilen: neist de bekende let-midsiuwske rubrikaasjestyl sjogge we op de earste fyftjin siden ek in wat ôfwikende styl fan rubrisearjen, dy’t wat mear krollerich is en moderner bylket. Foaryn dit eksimplaar (sinjatuer: Tresoar, 1074R, ek wol oantsjut as: FL-PB) stiet in hânskreaune titel (yn net al te bêst Aldfrysk), wierskynlik oanbrocht yn de 16e iuw yn in Ostfriesische haadlingeburcht te Oldersum (Popkema 2017). Dy titel is stilistysk besibbe oan dy ‘krollerige’ lombarden. Boppedat befettet it eksimplaar in protte glossen (hânskreaune kommentaren, lyts of grut) – faak kopkes yn de sydline, om in tekstbegjin oan te jaan – dy’t ek yn deselde styl as de titel en de lombarden binne [yllustraasje 2].
Yllustraasje 2: Details fan titelside en side 11 fan Tresoar, 1074R (=FL-PB) boppe-inoar pleatst. De stilistyske besibbens tusken titel, glosse, lombarde en titel is goed te sjen. Foto’s en bewurking: auteur.
Ek al binne der wol ferskillen yn útfiering tusken titel, glossen en lombarden, de oerienkomsten en it ôfwikende karakter binne sa opfallend dat it derfan hat dat hjir ien persoan oan it wurk west hat: men kin jin ommers wol foarstelle dat de wurden op de titelside wat mear omtinken en in sekuerdere, kreazere útfiering krije as in glosse of lombarde. It liket der, koartsein, op dat in iere, 16e-iuwske besitter syn boek, dat op dat stuit noch mar foar in part – faaks troch in eardere, of sels de earste besitter – rubrisearre wie yn de âldere styl, oanfolle hat mei lombarden, sidenûmers en glossen yn in modernere styl.
It eksimplaar is ein 16e iuw fanút Ostfriesland op drift rekke en, fia in lang ferbliuw yn Grins, yn of koart nei 1861 yn Ljouwert telâne kaam (Popkema/De Vries, te ferskinen). Dêr leit it noch altiten.
Oerienkomsten en ferskillen
In oar eksimplaar fan it FL leit sûnt ein 19e iuw yn de Universiteitsbiblioteek fan Utert (Janssen 2015; Popkema/De Vries, te ferskinen; sjoch hjir foar de digitalisearre ferzje). No is it opfallende dat dit eksimplaar, dat ek wol FL-UB neamd wurdt, op deselde wize – sij it sloarderiger – as FL-PB rubrisearre is. It hat op deselde plakken deselde ôfwikseling fan stilen of lege plakken. Sjoch mar ris nei yllustraasje 3: trije deselde lombarden, op deselde plakken, mei boppedat ék itselde plak leechlitten: op de rjochterside, achtste rigel fan ûnderen ha oare eksimplaren in ‘H’ (Hwa sette aller aerst…). En sels yn in pear gefallen in flater op itselde plak, lykas hjir: op de lofterside stiet in lytse lombarde ‘T’ (Tu haestu mey seid…), mar dat moat in N wêze (‘Nu’). De besitter hat it net hielendal begrepen en tocht, fanút in beskate ûnkunde mei de taal, dat hjir stiet ‘Do hast my sein …’.
Yllustraasje 3: Deselde beide siden fan eksimplaren FL-UB (boppe-oan, foto: Universiteitsbibliotheek Utrecht) en FL-PB (ûnderoan, foto auteur). Fotobewurking: auteur.
Dat flaters mei lombarden – we fine der in pear fan yn beide boeken – werhelle wurde yn FL-UB is ekstra bewiis dat in anonime besitter fan it Uterter eksimplaar (FL-UB) it eksimplaar FL-PB op it buro hân hat om de haadletters oer te nimmen. Nei alle gedachten net oarsom, om’t FL-UB folle minder kreas rubrisearre is, om net te sizzen: rûnút suterich.
Untfrysking
It gie niis even oer de minne titel, dy’t wat ûnkunde fan de besitter fan FL-PB mei it Frysk ferret. Dat wurdt befêstige op in oar plak. Op side 126 hat er de Aldfryske tekst net goed begrepen, sa blykt út in glosse dy’t in net-besteand Frysk wurd befettet (‘Dae bireckna’, dat eins wêze moast ‘Dae birecknada botha’) [Yllustraasje 4].
Yllustraasje 4: Detail út FL-PB, side 126. De besitter begrypt syn boek net en tinkt dat de titel fan de tekst ‘Dae bireckna’ is, wylst de drukte tekst op de folgjende rigel fierder giet: ‘dae bireckna|da botha’.
Dat de 16e-iuwske besitter it Frysk net geweldich master wie, is ek net nuver, want it gebiet tusken Lauwers en Wezer – dus: de Grinzer Ommelannen en Ostfriesland – wie yn dizze perioade al lang net mear Frysktalich. It Nedersaksysk hie it Frysk wierskynlik al om 1400 hinne definityf ferkrongen as sprek- en skriuwtaal, in proses dat bekend stiet as de ‘ûntfrysking’ (Dú.: Entfriesung) fan dat gebiet (Niebaum 2001). We ha dat taalferoaringsproses wier noch net skerp genôch yn byld, ek dêr is noch in soad ûndersyk nedich.
It rjocht hienen de lju fansels lykwols noch wol ferlet fan, dat de Fryske rjochtsboarnen waarden al sûnt de 15e iuw oerset yn harren nije taal, it Nedersaksysk. Dat is dan ek de reden is dat we folle mear midsiuwsk Frysk rjocht oantreffe yn (de jongere) Nedersaksyske boarnen as yn (de âldere) Aldfryske boarnen. We fine sels teksten yn oersetting dy’t we net mear yn in Frysk orizjineel kenne. Dat is in hiel goede reden om dy Nedersaksyske rjochtsboarnen like skerp te bestudearjen as de Aldfryske. En ék dêr is noch in soad winst te boeken!
Mar it gie hjir oer it Freeska Landriucht: Twa eksimplaren ha – we nimme oan al frij betiid – inoars paad kruse. No is de fraach fansels: wêr en wannear dan, en hokker besitters ha dat mooglik makke? Dy fragen lizze noch iepen – te beäntwurdzjen foar wa’t mar wol!
Brûkte literatuer
Janssen, R. (2015). ‘‘Freeska Landriucht’. Het oudste Friese boek en diens onbekende drukker’. Online op website Universiteit Utrecht, Bijzondere Collecties (www.uu.nl, rieplachte op 18/9/2023)
Kruitwagen, B. (1948). ‘De Freeska Landriucht-drukkerij [Friesland? omstreeks 1485- 1490]’, yn: Het Boek, s. 213-239.
Niebaum, H. (2001). ‘Der Niedergang des Friesischen zwischen Lauwers und Weser’. Yn: H.H. Munske e.a. (red.), Handbuch des Friesischen/Handbook of Frisian Studies. Tübingen, s. 430-442.
Nijdam, H., J. Hallebeek & H. de Jong (2023). Frisian Land Law: A Critical Edition and Translation of the Freeska Landriucht. Leiden/Boston (open access).
Popkema, A.T. (2017). ‘The Freeska Landriucht (1074R): A Book from Oldersum Library Retrieved’. In: Amsterdamer Beiträge zur älteren Germanistik 77. 333-347.
Popkema, A.T. & H. de Vries [te ferskinen].‘On the provenance of the nine extant copies of the Freeska Landriucht (1484-1486).’ Amsterdamer Beiträge zur älteren Germanistik.
Schouten, D. (2000/2001). ‘“Hypothese op hypothese stapelen”. Theorieën over de Freeska Landriucht-drukkerij: een overzicht’, in: De Boekenwereld 17 (2000-2001), p. 166-194.
Van Thienen, G. (1999). ‘A Date for the Freeska Landriucht Press (1484-7) from Paper Evidence. With a Note on the Codex Roorda’, in: M. Davies, Incunabula. Studies in fifteenth-century printed books presented to Lotte Hellinga (Londen, 1999), p. 141-167.
Websites
(rieplachte op 18/9/2023):
Richthofen.nl
Pastei.frl
FL-UB (digitalisearre eksimplaar)
Laat een reactie achter