In nije analyze fan de ynfloed fan de Schola Hemsterhusiana op de taalresepsje fan Everwinus Wassenbergh-en-dy.
Lêzing, holden op de Dei fan de Fryske Taalkunde 6 oktober 2023 Fryske Akademy yn Ljouwert
De Schola Hemsterhusiana, neamd nei heechlearaar Gryksk Tiberius Hemsterhuis (1685-1766) û.o. yn Frjentsjer, hat in grutte ynfloed hân op de taalhistoaryske analyze fan de achttjinde iuw. Dy analyze woe in bydrage leverje oan it finen fan de ferlern gongen regelmaat (analogia) fan de sprutsen folkstaal yn de provinsjes fan de Republyk (Feitsma 1994). It op de klassike talen as it Gryksk en it Latyn ynspirearre tinken seach nei de etymology fan wurden. De matematyske oanpak fan it sykjen fan ‘taalwetten’ paste alhiel yn it rasjonele tiidrek fan de ferljochting, dy’t ek yngong fûn yn de doetiidske taalkunde.
Hemsterhuis gong by syn analyze út fan famylrelaasjes tusken ferskillende by inoar hearrende talen of taalfariëteiten. Sa wie Latyn in dochter fan har Grykske mem en de fjouwer Grykske dialekten wienen susters dy’t in nij gearstald dialekt (de Koiné) foarmen dat boppe de oare fjouwer útgie. Hy seach it ûntstean fan in oerkoepeljende taal, sis mar daktaal, yn de Republyk parallel oan it ûntstean fan it ‘gemeenlandse’ Gryksk as in harmoanysk oaninoar smeien fan in ferskaat oan dialekten. Troch Hemsterhuis wie dat sykjen nei regels, nei taalwetten yn Nederlân yn de moade kaam en hy hie *skoalle makke ûnder benammen heechleararen Gryksk lykas Valckenaer, Van Lennep en Wassenbergh, mar ek ûnder oare akademisy as IJpey, Epkema en Halbertsma (Jonkman 2021).
Ien fan de opmerklikste produkten fan dy iermoderne skoalle is it Idioticon Frisicum (1802) fan Everwinus Wassenbergh yn syn publikaasje Taalkundige BIJDRAGEN tot den Frieschen tongval (1802-1806). It ûnderdiel ‘Frisicum’ hat frij lang noch oanlieding jûn om dat – út de eigen moderne tiid fan de beskôger wei, dus anagronistysk – as ‘Frysk’ te ynterpretearjen. Yn de twadde helte fan de tweintichste iuw kamen der ynterpretaasjes dy’t it as Frysk(kleure) ‘Nederlânsk’ (Galama 1965, Feitsma 1978, Jonkman 1993 en Van Rossem 1994) seagen. Mei dy ynterpretaasje fan dat idiotikon út 1802 is lykwols noch net de taalresepsje fan Wassenbergh(-en-dy) yn it algemien fêststeld, want ‘onmeetlijker’ is syn begryp fan dat Fryske Nederdútsk, syn memmetaal. Mei close-reading fan wat Wassenbergh der sels oer skreaun hat, is in nije analyze makke neffens de ideeën fan de Schola Hemsterhusiana dêr’t ek de rommere kontekst fan de tiid yn meinommen wurdt.
Taalresepsje yn de iermoderne Republyk
Under ynfloed fan de renêssânse, klassisisme en ferljochting bestie der yn de iermoderne tiid (16de-18de iuw) in grutte ûntefredenheid oer de steat fan de folkstaal yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen (1588-1795). Alle provinsjes hienen allegear har eigen foarm fan ‘Nederduitsch’. De kontemporêne taalresepsje wie dat de sprektaal ûnsuver wie en dat der ek gjin ienheid yn bestie; in standerttaal moast noch ûntwikkele wurde. Pontus de Heuiter joech yn syn Nederduitse orthographie fan1581 oan hoe’t er dy fan it ‘Nederlants’ as ‘gemeingelde Tale’ smeie woe: ‘Mede heb ic exempel ande Grieken genomen / die vier lants goude talen in ufenijng hebbende / te weten: Ionica, Attica, Dorica, Aeölica, die vijfste noh daer uit gesmeet hebben / die zij nommen Gemeen tale: aldus heb ic mijn Nederlants over vijf en twintih Jaren gesmeet uit Brabants / Flaems / Hollants / Gelders / en Cleefs ‘[myn skeanprinten]. Hy ferbûn dat mei de idee dat de algemiene taal fan de Griken, it Koiné-Gryksk, lykweardich út de ferskillende dialekten opboud wêze soe. Yn lettere publikaasjes lykas De Twe-spraack van de Nederduitsche letterkunde (1584), de earste publisearre grammatika fan it Nederlânsk, wurdt it Frysk oan dat rychje provinsjetalen taheakke. By dy foarming fan de ienheidstaal wienen de klassike (skriuw)talen Gryksk en Latyn de grutte foarbylden.
Opkomst van ‘het Vaderlandsch Nederland’
Yn de twadde helte fan achttjinde iuw ûntstie boppedat in patriottyske beweging dy’t de konfederale Republyk fan losse provinsjes ta in ienheidsteat omfoarmje woe. De publikaasje fan it Vaderlands A-B boek voor de Nederlandsche jeugd (1781) jout dat moai dúdlik oan.
Het Vereenigde Nederland is myn Vaderland en niet slechts de eene of andere Provintie. Alle de zeven Provintien met de aangrenzende Landen, die daartoe behooren, moeten begreepen worden onder het woord Vaderland: alle maaken zy immers te samen één aanzienlyk Gemeenebest uit. (Vaderlands A-B boek voor de Nederlandsche jeugd (1781))
By in ienheidssteat hearde fansels ek in ienheidstaal. Yn de rin fan de achttjinde iuw naam de ynset om ta sa’n taal te kommen ta, ûnder oaren mei de plannen foar in grut wurdboek foar de Nederlânske taal. De Maatschappij voor Nederlandse Letterkunde (1766) kaam mei ideeën ta in opset dêrfoar dêr’t ek it ferskaat oan provinsjetalen yn ûnderbrocht wurde moast.
Schola Hemsterhusiana mei Grykske basis foar daktaal ‘Nederduitsch’
De Schola Hemsterhusiana hat yn de achttjinde iuw in grutte ynfloed hân op de taalhistoaryske persepsje fan taal yn de Republyk (Feitsma 1994). It benammen op it Gryksk ynspirearre tinken waard troch heechlearaar Hemsterhuis en neifolgers yn de praktyk brocht. Yn it ûndersteande skema steane de persepsjes op it Gryksk en, parallel dêroan, dy op it Nederdútsk koart mei twa (oersetten) sitaten oanjûn út oantekeningen dy’t by kolleezjes fan de heechlearaar makke binne. (De fetstellingen yn de neikommende sitaten binne fan my.)
Oer it Gryksk
Lectio Publica 18de iuw (oantekeningen fan studint)
Sa hat ek de Grykske taal syn dyalekten; wont ot der ûndersyk dien wurdt nei un Joanysk, Attysk, Doarysk of Aeoalysk wurd, don mat de oarsprong dêrfon yn de Grykske taal socht wurde. Dot dyen binne de susters fon de Grykske taal.
Oer it Nederdútsk
Lectio Publica 18de iuw (oantekeningen fan studint)
Zo wordt het zuivere Friese dialect nauwelijks verstaan door een Hollander. Maar er is een gemeenschappelijke wijze van spreken (…) dat zoveel en beschaafd is dat de beschaafde inwoners van de zeven landen dat gemeenschappelijke Nederlandse dialect gebruiken.
Close-reading fan begeliedende teksten by it Idioticon en Waatze Gribberts brilloft fan Everwinus Wassenbergh
De fraach is no hoe’t de ynfloed fan de Schola Hemsterhusiana werom te finen is by ien fan de bekendste neifolgers (en eksimplarysk is foar de oaren): heechlearaar Gryksk én (de earste) heechlearaar Nederlânsk Everwinus Wassenbergh (1742-1826) yn Frjentsjer. Om misferstannen by de ynterpretaasje foar te kommen is it op it foarste plak nedich om krekt te witten wat ‘Frisicum’ yn it Idioticon Frisicum ynhâldt: is it de taal yn de stêden (Stadfriesch) of is it de taal fan it lân (Landfriesch) of is it beide? Foar de beäntwurding dêrfan gean ik nei de boarne ‘Inleiding’ by it Idioticon:
De Woorden door mij in dit IDIOTICON geplaatst zijn de zulken, welke in Friesland in de Steden, of ook wel ten platten Lande, gebruikelijk zijn bij Luiden niet behoorende tot den Boerenstand, welke daarom de oude Friesche Landtaale voor zich niet gebruiken, of zelfs daarvan onkundig zijn.
Wij willen, evenwel, hier mede niet ontkennen,(…) dat vele der van ons bij een gebrachte Woorden ook nog in het Oud Friesch en bij den Landman aanweezig zijn: daar wij zelve, (…) ons zo dikwijls op dat van Gijsbert Jacobs [1668] en (…) [de skriuwer fan] Waatze Gribberts Bruiloft[1711], hebben moeten beroepen.
‘Frisicum’ fan it Idioticon Frisicum hold dus sawol de taal yn de stêden [‘Stadfriesch’] as de taal fan it lân [‘Landfriesch’] yn. ‘Friesch’ bestie yn de eagen fan Wassenbergh út ferskillende soarten yn Fryslân.
De sintrale fraach is wat de taalresepsje fan de oantsjutting ‘Frieschen tongval’ yn de haadtitel fan syn publikaasje Taalkundige BIJDRAGEN tot den Frieschen tongval wie: falt it as in dialekt ûnder de daktaal fan it algemien Nederdútsk of hat it in eigen plak nêst it Nederdútsk?
It neikommende sitaat út it ‘Voorbericht’ fan Wassenbergh by de werútjefte fan Waatze Gribberts brilloft jout dêr al yndirekt antwurd op. Tusken kante heaken steane de termen dy’t Wassenbergh yn it Idioticon brûkt.
De Taal, nu, derFriesen is geenssins, het gewoon Nederduitsch [skeanprint Wassenbergh] [Idioticon:‘Hollandsch’], (…) maar wel het Landfriesch [Idioticon:‘Idiotisch Friesch’], dat in alle hoeken, van alle oorden van het zelve, nog in volle kracht en gebruik is: (…) dat de Landman onder ons twee Tongvallen verstaat en Spreekt. (…)
Hjir kin út lêzen wurde dat ‘Hollandsch’ en ‘Friesch’ tongfallen binne fan it (algemiene) Nederdútsk. Wy sille fierder sjen oft dy ynterpretaasje oerienkomt mei oare sitaten.
Ja zelf het Oudfriesch heeft zeer vele woorden met het Nederduitsgemeen. Geen wonder: daar wij geenssins aan onderscheyden Talen, maar wel aan onderscheidene Tongvallen [skeanprint W.] te denken hebben.
Noch in sitaat út it Voorbericht’ fan Waatze Gribberts Brilloft:
(…) meer Woorden, elders meestal verouderd, maar in Friesland in bijzonder gebruik gebleeven, te verzamelen : (…) om zo het groot Gebouw van het algemeen WOORDENBOEK onzer Taale aan dezen Hoek meer en meer op te trekken (…) en onze Taalkundigen in staat stellen om beter over dezen Tongval te kunnen oordeelen.
Ek de ûndersteande sitaten respektyflik út de ‘Inleiding’ en de ‘Voorrede’ by it Idioticon jouwe lykas it foargeande oan dat wurden fan de Fryske tongfal in plakje fertsjinje yn it algemien Nederdútsk wurdboek dêr’t de memmetaal fan alle Nederlanners yn opnommen wurdt, ek de memmetaal fan de Friezen!
Onmeetelijker is de uitstekende Rijkdom onzer Moederspraake. Zij omvangt de gehele menigte aller Tongvallen, welke in alle Oorden en Hoeken, waar zij gesproken wordt. (…) Ook kan ‘er geen volledig Woordenboek daar in [d.i. onzer Moederspraake] vervaardigd worden, ten zij eene zodanige uitgestrekte kennis hier toe medewerke. (…) met den tijd van ieder onzer Provintien een IDIOTICON te verzamelen.
De Afwijkingen, naamelijk, van [hearrend by] den Oud-Frieschen Tongval gaan veel te ver, om dezelve in een [dit?] Idioticon te vatten.
(…) ten einde aan anderen eene meer gereede geleegentheid te verschaffen om het geen hier ontbreekt (en dit zal niet gering zijn!) nu verder aan te vullen, om zo, met den tijd, een volledig Idioticon van onzen Frieschen Tongval te krijgen.
It is mei oare wurden in kwestje fan tiid dat mear wurden fan de Fryske tongfal beskreaun wurde mei as doel om dy yn it algemiene wurdboek op te nimmen as ûnderdiel fan it Nederdútsk.
Konklúzjes oer de taalresepsje fan Everwinus Wassenbergh-en-dy
Ut dizze nije analyze troch close-reading fan begeliedende teksten by it Idioticon Frisicum en Waatze Gribberts Brilloft, en it yn de kontekst fan de iermoderne tiid pleatsen komt Wassenbergh as in echte neifolger fan Schola Hemstehusiania nei foaren. Neffens Grysksk foarbyld seach er – krekt as de oare neifolgers fan Hemsterhuis – alle provinsjale fariëteiten fan de Republyk as ûnderdiel fan it Nederdútsk: it Fryske Nederdútsk mei stêd- én lântaal stiet nêst it Hollânske (en oare soarten) Nederdútsk. Alle fariëteiten moasten materiaal leverje foar it algemien Nederdútsk wurdboek. It hâldt tagelyk yn dat it Frysk troch him net as in selsstannige taal, as unike memmetaal fan de Friezen sjoen waard, dat is it Nederdútsk. Dat is in iermoderne taalresepsje dy’t diametraal op ús moderne stiet (Jonkman en Versloot 2024)!
Tagelyk bestie der lykwols bûten dy achtjinde-iuwske skoalle fan Hemsterhuis om lykwols in oare realiteit fan de njoggentjinde iuw: de nije noarm foar it Nederdútsk yn it fan dan ôf sintralisearre Nederlânske ûnderwiis waard basearre op it Hollânske Nederdútsk. De Nederduitsche Spraakkunst fan Pieter Weiland dat yn 1805 ferskynde fermelde hy dat dêryn de noarm fan ‘bijzonderlijk de Hollandsche tongval,(…) door het beschaafde en geoefende gedeelte van Nederlands inwoneren, in het spreken en schrijven, gevolgd wordt’. De taalresepsje fan Wassenbergh-en-dy fan de Schola Hemsterhusiana liket mei de ‘kennis fan no’ op in akademysk loftkastiel.
Literatuer
A. Feitsma, Tussen volkstaal en schrijftaal. meningen van filologen over het fries. Ljouwert/Leeuwarden 1978.
A.Feitsma, Tussen Hemsterhuis en Grimm. Joast Hiddes Halbertsma als taalkundige. Ljouwert 1994.
E.G.A. Galama, Everwinus Wassenbergh en de Friese lexicografie, Leiden 1965.
Reitze J. Jonkman, It Leewarders. In taalsosjologysk ûndersyk nei it Stedsk yn ferhâlding ta it Nederlânsk en it Frysk yn Ljouwert. Ljouwert 1993.
Reitze J. Jonkman, Taalknooppunt Halbertsma (1789-1869). Tusken njoggentjinde-iuwske ideeën oer Nederlânsk, Stedsk en Frysk en tusken de iuwen foar en nei him. Yn: De Vrije Fries 101, 2021: 94-107.
Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Het Friese ‘Nederduits’. Beknopte geschiedenis van de Nederlandse taal in Fryslân. Ljouwert, te ferskinen yn 2024.
Cefan van Rossum, Annaeus Ypeij and the Frisian language. Yn: Ph. Breuker, H.D. Meijering & J. Noordegraaf (red.), Wat oars as mei in echte taal: Fryske stúdzjes ta gelegenheid fan it ôfskie fan prof. dr. A. Feitsma as heechlearaar Fryske Taal en Letterkunde.. Ljouwert 1994: 186-199.
E.V. Wassenbergh, Idioticon Frisicum, of Woordenboek van bijzondere in Friesland gebruikelijke Woorden en Spreek-wijzen. Yn: Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval. Franeker 1802-1806: 1-134.
E.V. Wassenbergh, Voorbericht bij Waatze Gribberts Brilloft. Leeuwarden 1820: IV.
Laat een reactie achter