Fan hjoed ôf is dit platfoarm fan en foar frisisten ‘live’. In plak dêr’t wy lêze en skriuwe kinne oer ús wurk yn de frisistyk. It sil hjir net allinnich gean oer Fryske taalkunde, letterkunde en skiednis yn Nederlân en Dútslân, mar ek oer Frysk yn it ûnderwiis en Frysk taalbelied.
Binnen en bûten Fryslân wurdt der safolle ûndersyk dien nei it Frysk. Dat moatte we foaral net allinnich binnen it eigen fakgebiet fia de wittenskiplike, ynternasjonale kanalen presintearje, mar ek krekt op lokale en nasjonale skaal. Dêrom is der no Frisistyk.nl: in tagonklik en leechdrompelich poadium dat romte biedt foar de ferwûnderingen en iepen einen fan ús fak. It is in manier om ús wurk te presintearjen oaninoar, oan de nije generaasje ûndersikers en oan in breder publyk.
Frisistyk ferwolkommet bydragen fan elkenien dy’t him of har mei de frisistyk dwaande hâldt. Dat kinne sawol artikels wêze as nijsberjochten, fakatueres of oankundigingen.
Wolst mear witte, mei helpe, mei tinke of mei skriuwe? Wit ús te finen en mail nei amerkuur@fryske-akademy.nl
Willem Huberts zegt
Leuk hoor, frisistyk. Zou het niet beter zijn een eigen on-line tijdschrift te openen? Mij dunkt dat de doelgroep dan beter bediend wordt.
Reitze Jonkman zegt
Ík begryp it net: dít is in éigen online tydskrift dêr’t ik my as doelgroep hiel goed yn betsjinne fiel. Haw ik wat mist? Ik wie derby op 6 oktober en ik seach allegear kollega-frisisten om my hinne. Wie Willem Huberts dêr ek by?
Reinier Salverda zegt
Beste Anne Merkuur en jimme allegear,
Graach in soad sukses tawinske mei dizze nije online Frisistyk!
Graag veel succes toegewenst met deze nieuwe online Frisistiek!
Wishing you lots of success with this new online Frisistyk!
Reinier Salverda
Honorary Professor
SELCS Faculty of Arts & Humanities
University College London