• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

25 novimber 2023: pleatsing Frysktalige stroffelstiennen

16 november 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Foto fan de “stolperstein” (stroffelstien) fan Fred Kaufmann, de soan fan Paul en Klara. Dizze stien wie de earste stroffelstien dy’t yn Nederlân pleatst is, yn 2007 yn Borne.

Op sneon 25 novimber wurde twa stroffelstiennen yn Burgum pleatst troch de Dútske keunstner Gunter Demnig. It bysûndere fan de beide stiennen is dat de opskriften yn de Fryske taal binne. Dat binne tagelyk de earste Frysktaligen fan de mear as tweintichtûzen dy’t op mear as 1200 plakken yn Europa lizze.

Stroffelstiennen, yn it Dútsk ‘Stolpersteine’ binne messing stientsjes dêr’t slachtoffers fan it nasjonaal-sosjalisme yn en om de twadde wrâldoarloch hinne mei betocht wurde. Op de beide stientsjes steane de nammen fan de Joadske ûnderdûkers Paul Kaufmann (1887-1943) en syn frou Klara Katharina Kaufmann-Kaufmann (1888-1981). De stientsjes wurdt lein oan de Boargemaster Bothenius Lohmanloane foar it ûnderdûkershûs fan de Kaufmannen.

Stroffelstiennen wurde sûnt 1992 makke troch keunstner Gunter Demnig (www.stolpersteine.eu). Hy pleatst alle keunstwurkjes sels yn de publike rûmte foar huzen dêr’t slachtoffers yn de oarlochstiid wenne hawwe.

Boargemaster Bothenius Lohmanloane 1
Sneon 25 novimber 2023, 13.30-14.30 oere

Hjir is in list mei alle stroffelstiennen yn de provinsje Fryslân.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: frysk, stolpersteine, stroffelstiennen, Tweede Wereldoorlog

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

mbû

middelber beropsonderwiis, MBO

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

26 maart 2026: Lettertreffen

26 maart 2026: Lettertreffen

15 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d