• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

FAQ oer it Frysk

4 november 2023 door Hindrik Sijens Reageer

Alle wiken komme der wol fragen oer it Frysk yn by de Fryske Akademy. Fragen dy’t nijsgjirrich binne foar in breed publyk wurde ek hjir op Frisistyk beäntwurde. Hjoed in fraach oer it brûken it dielteken (trema).

Fraach: Wêrom stiet der al in dielteken op de a yn teäter en net op de a yn alinea?

Antwurd: Wy hawwe hjir te krijen mei it saneamde stjitten fan lûden. Dêr is sprake fan wannear’t twa letters dy’t tegearre ien lang lûd of in twalûd foarstelle net as sadanich lêzen wurde moatte. Se moatte apart lêzen wurde, omdat se ta ferskillende wurdlidden hearre. Tink bygelyks oan poëzy, koälysje, reüny, muön, beämte, en yn it konkrete gefal hjir: teäter. As hjir gjin dielteken brûkt wurdt, ûntstiet ûnwissens en betizing oer de útspraak. Je hawwe oanstriid om dêr ’twalûden’ te lêzen yn stee fan ’twa lûden’: ‘In koalysje fan trije partijen, nei in reuny tagean, dat geavensear mei dy bern’.

Mar wêrom no al in dielteken yn teäter en net yn alinea? Dat hat te krijen mei it wurdbyld: as it wurdbyld gjin útspraakbetizing jout, wurdt it dielteken weilitten, bygelyks yn akkordeon, alinea, duo, yntellektuelen, kopiearje, museum. It dielteken wurdt ek weilitten yn wurden dy’t noch as folslein net-eigen beskôge wurde, bygelyks ekstraneus, lesbienne, maestro, optisien, paella. By twivel jout de Foarkarswurdlist yn Frysker útslútsel. Mear útlis oer it brûken fan it dielteken (en it keppelstreekje) stiet yn de Paadwizer Fryske stavering, haadstik 6, ek te finen op Frysker.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel Tags: Fryske Akademy, frysker, spelling, Stavering, taalregels

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d