Noch hieltyd lit de situaasje fan it Frysk yn de rjochtspraak sjen wat der mankearret oan de steat en status fan it Frysk. Op 4 novimber fersoargen presidint fan it Gerjochtshof Arnhim-Ljouwert, mr. Jonneke Oosting, en DINGtiidbestjoerder en bestjoersrjochtlik advokaat by Stibbe yn Amsterdam dr. Annalies Outhuijse de jierlikse DINGtiidlêzing (hjir werom te lêzen). Dizze kear wie it tema ‘Frysk yn de rjochtspraak’. In aktueel tema dêr’t de Europeeske Ried de Nederlânske oerheid al foar op ‘e fingers tikke hat. Yn de Ried syn lêste rapport oer it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst troch Nederlân stiet te lêzen:
‘Although Frisian can be used in judicial proceedings, there are difficulties regarding interpretation in criminal proceedings that must be addressed without further delay.
The authorities should also motivate judges, clerks, and prosecutors to acquire an active knowledge of the Frisian language.’
Der giet dus noch te folle ferkeard, sa brochten de ferskate dielnimmers oan it rûnetafelpetear yn de twadde keamer yn oktober ek nei foaren. De presidint fan de Rjochtbank Noard-Nederlân, mr. Fred van der Winkel, syn bydrage yllustrearre – nei alle gedachten ûnbedoeld – it ûnderlizzende probleem, nammentlik dat gjinien ferantwurdlikheid nimt foar it ferbetterjen fan de situaasje. Jawis, hy fûn it wichtich en woe him ynsette foar de posysje fan it Frysk, mar de praktyk, dy wie wjerstribbich. Frysk yn de rjochtspraak mocht net te’n koste gean fan it begryp oer en wer fan alle prosesdielnimmers en boppedat wienen rjochtssaken iepenbiere gearkomsten en moast neffens mr. Van der Winkel elkenien alles ferstean kinne. Je kinne je ôffreegje oft dat no wier foar alle taskôgers sa wêze moat. By riedsgearkomsten en gearkomsten fan provinsjale steaten wurdt faak Frysk praat en dy gearkomsten binne ek iepenbier, mar dêr makket al langere tiid net ien in probleem mear fan de Fryske fiertaal. Foar de direkte prosesdielnimmers snappe je mr. Van der Winkel syn stânpunt wol, mar dêr hie registertolk Fedde Dykstra in oplossing foar: in tolk mei lústersets. Elk dy’t it net ferstean kin, krijt in lústerset en dan kin der simultaan tolke wurde. Mar wat docht yn de praktyk bliken: dêr wolle rjochters faak gjin gebrûk fan meitsje. Neffens mr. Van der Winkel wie it allegear net sa maklik, mei rjochters dy’t úteinlik selsstannich binne, de fusearre rjochtbanken en in algemien tekoart oan rjochters. It Frysk dienen se ‘derby’ en dat wie by eintsjebeslút dus foaral lestich. ‘Wat kunt u dan wel doen?’ frege ien fan de keamerleden. Dêrnei kaam er nochris mei in list fol beswieren en problemen. Der wie in soad geprottel yn de seal oer mr. Van der Winkel syn bydrage. En je krigen yndie net it idee dat de Rjochtbank it Frysk echt hiel wichtich fynt. Want hoe kin it oars sa wêze dat der noch hieltyd rjochters binne dy’t foarroppenen freegje oft se gjin Nederlânsk prate en tolken nei hûs stjoere. Mar neffens mr. Van der Winkel binne rjochters selsstannich en kin er as bestjoerder net garandearje dat hja it Frysk yn de rjochtspraak befoarderje. ‘Hoe sa net? Wolle is kinne’, like de seal te tinken.
Mr. Van der Winkel joech yn syn ferhaal wol hiel terjochte oan dat der noch twa spilers binne datoangeande: it Iepenbier Ministearje (IM) en it Ministearje fan Justysje en Feiligens. It IM wol gjin merkkonfoarme priis oan de tolken betelje (dy kwestje giet lykwols oer alle tolken, net allinnich oer de Fryske tolken) en it Ministearje fan Justysje en Feiligens hat blykber gjin rekken holden mei it Frysk by it – foar it Frysk neidielige – beslút ta in fúzje fan de rjochtbanken. Je freegje je tagelyk ôf oft it Ministearje fan Ynlânske saken en Keninkryksoangelegenheden, ferantwurdlik foar it Frysk, net ek te sliepen sitten hat. Mei in tekoart oan rjochters en in tematyske ferdieling fan saken oer de trije rjochtbanken Assen, Grins en Ljouwert is it yn ‘e praktyk lestich om Frysktalige saken te fasilitearjen en dat is ien fan de redenen om foarroppenen te freegjen om acht dagen yn it foar oan te jaan oft gebrûk makke wurdt fan it rjocht om Frysk te praten yn de rjochtseal. En krekt dat fersyk soarget yn de praktyk foar in hegere drompel. In praktyk dêr’t neffens de nulmjitting fan de provinsje de measte Friezen har dochs al net feilich genôch yn fiele om oan te jaan dat se it Frysk brûke wolle yn de rjochtseal.
Mr. Jonneke Oosting sketste 4 novimber op de Dingtiidlêzing in selde situaasje foar it Hof as foar de Rjochtbank, mar sloech in oare toan oan en like mear te tinken yn oplossings. No wie de situaasje foar it Hof op guon punten ek oars as foar de Rjochtbank, it wie de toan dy’t de muzyk makke. As se witte dat in saak Frysk is, dan besykje se om it sa te regeljen dat de gearstalling fan it Hof hielendal Frysktalich is. Foar kommend jier hawwe se bygelyks al yn it foar in pear data fêstlein foar Fryske saken.
In opfallend punt dat se yn har betooch makke, gie oer de taalfeardigens fan meiwurkers. Want hoewol’t DINGtiid yn syn oanbefellings yn it rûnetafelpetear oanstjoerde op passive taalfeardigens foar alle meiwurkers, – altyd in goeie saak fansels – joech mr. Oosting helder oan dat yn it gefal fan direkte prosesdielnimmers in bytsje taalfeardigens net genôch is foar in goed ferrin fan in saak. Sels hie se ek in kursus dien, mar as je der net deistich of op syn minst wykliks mei in oanrekking komme dan sakket dat fuort. Tolk Fedde Dykstra joech ek yn De Haach al oan dat krekt dy 10 oant 20 persint dy’t je net goed ferstean kinne, krusjaal wêze kin. In Fryske meiwurker fan Rjochtbank of Hof, sa makke er terjochte dúdlik, kin ek net fungearje as tolk, eat dat no wol bart. It is in fak. En foar in goed ferrin fan de saak is goeie kommunikaasje oer en wer needsaaklik. Der hat noch net ien wat oer sein, mar dêr komt fansels noch by dat de measte Friezen harren net betsjinje fan standerdisearre ‘Geef’ Frysk, mar fan harren eigen (regionale) fariant. Sadwaande kin der ek misbegryp ûntstean.
De taalfeardigens en it taalbewustwêzen fan de wichtichste prosesdielnimmers soe dus eins hûndert punten wêze moatte. As net oan dy eask foldien wurde kin, dan soe altyd in tolk ynset wurde moatte. Dat hoecht om Dykstra net acht dagen yn it foar by him of syn kollegatolken oanjûn te wurden: foar in goed taryf steane hja sa op ’e stoepe fan it paleis fan justysje. Op ’en nij joech mr. Oosting oan dat de tolketariven in kwestje is tusken it ministearje en it IM oan de iene kant en de tolken oan de oare kant en dat it net oan de Rjochtbank of it Hof is. Oars as mr. Van der Winkel sei se har dêr yn petearen mei it IM en justysje wol hurd foar te meitsjen en te pleitsjen foar in oplossing fan dizze kwestje, omdat ek it Hof der lêst fan hat.
‘Kinne der net in tal tolken fêst yn tsjinst nommen wurde yn Ljouwert sadat dy altyd beskikber binne’, frege ien fan de oanwêzigen. Dy koenen dan ek moai de proses-ferbalen oersette yn it Frysk, in nije ferplichting fan jannewaris 2024 ôf. Dat like in moaie oplossing, dy’t neffens mr. Oosting net tastien wie, mar dêr’t sy dochs nochris yndûke soe. Wer freegje je je ôf oft it ministearje hjir no wier net wat yn betsjutte kinne soe. It klinkt as in moaie oplossing om fan Ljouwert in twatalige lokaasje te meitsjen en dêr fêste tolken yn tsjinst te hawwen. Mar wêr leit de bal? Wa sil him dêrfoar ynsette?
Dr. Annalies Outhuijse wist yn har lêzing de finger op it seare plak te lizzen en wol seker te wizen nei Hof en Rjochtbank troch de problemen en swierrichheden werom te bringen ta ien punt: ferantwurdlikheid foar de omgong mei de taal. Hof en Rjochtbank moatte in pro-aktive en positive basishâlding oannimme foar it Frysk oer. Hja hawwe dêr nammentlik wol mar wis in ferantwurdlikheid. It is gjin aardichheidsje dat je derby dogge. Outhuijse sei wêr’t it op stie en stelde foarop dat it Frysk gjin útstjerrende taal is en dus net út sympaty wei stipe nedich hat: ‘It (Frysk yn de rjochtspraak, red.) is gjin geunst, gjin privileezje, gjin útsûndering. It is in rjocht.’ In rjocht dat de Rjochtbank en it Gerjochtshof yn de praktyk boargje moatte. Op in fraach út de seal oft dat ekstra boarge wurde moast yn de wet of yn in akkoart lykas de bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK) wie har antwurd dan ek resolút ‘nee’. De wet bestiet al. It Europeesk Hânfêst is ûndertekene en ratifisearre. Wy hawwe in BFTK. Wy ha gjin ferlet fan nije wetjouwing want úteinlik is it mei sizzen (of skriuwen yn dit gefal) net te dwaan. In bettere posysje foar it Frysk yn de rjochtbank moat boarge wurde yn (en troch) de praktyk.
De spiker op syn kop fansels. Oft Rjochtbank en Hof it echt oppakke sille, dat bliuwt de fraach. It is yn alle gefallen net wat dat je ‘derby’ dogge. Elk dy’t him foar it Frysk ynset wit dat je hoekhâlde moatte, dat je op je paad minsken tsjinkomme dy’t oertsjûge wurde moatte. Je hawwe te dwaan mei minsken, en lykas sa faak by it Frysk komt it ek hjir foar in grut part del op taalhâlding. Negative attitudes foar it Frysk oer, ek of somtiden krekt by Friezen sels, hâlde it Frysk marzjinaal en dat komt yn hast alle sektoaren nei foaren. Sûnder gefolgen bliuwt soks fansels net. Want wêrom moat hieltyd wer útlein wurde dat it Frysk yn de rjochtspraak in rjocht is? Wêrom is der gjin rekken holden mei de Fryske situaasje by it werynrjochtsjen fan de rjochtbanken yn Noard-Nederlân? En wêrom wurdt it as in probleem sjoen dat it proses-ferbaal fan jannewaris ôf ek yn it Frysk oerset wurde moat?
Omdat men dit alles net meikrigen of leard hat. Yn stúdzjes dêr’t je it yn ferwachtsje meie lykas rjochten, genêskunde, kommunikaasje of sjoernalistyk liket gjin omtinken jûn te wurden oan taal, meartaligens of rjochten fan minderheden. It tilt yn de provinsje boppedat op fan de griffymeiwurkers, kommunikaasjemeiwurkers en sjoernalisten dy’t gjin Frysk skriuwen leard ha. Dat falt harren net te ferwiten, mar is in gefolch fan it ûnderwiis, dat yn it primêr- en fuortset ûnderwiis yn in soad gefallen te min docht oan taalbewustwêzen en Fryske skriuwfeardigens. It Fryske proses-ferbaal wie neffens mr. Van der Winkel ek hielendal net nedich, om’t de measte Friezen dochs gjin Frysk lêze kinne. Sa beneidielje wy dus ússels. Dat falt it Fryske fjild net te ferwiten, mar is mei in gefolch fan de hiele attitude yn de provinsje. Frysk skriuwen leare op skoalle? Dêr wurdt nuver tsjinoan sjoen en it is suver in polityk ûnderwerp. Lykas by alle minderheidsemansipaasjebewegingen is der altyd de eangst dat it te’n koste giet fan wat oars (de saneamde pie-metaphor). Dat dat hielendal net it gefal is by meartalige geletterdheid hawwe ûndersikers dr. Evelyn Bosma en dr. Remco Knooihuizen foarich jier al útein setten yn it Friesch Dagblad en út ûndersyk en ferlikings mei oare minderheidstalen witte wy gelokkich dat skriuwfeardigens as ûnderdiel fan it taalûnderwiis yn de minderheidstaal ek de gewoanste saak fan de wrâld wêze kin. Om dêr te kommen moatte wy wol de fisieuze sirkel trochbrekke fan de taalhâlding dy’t liedt ta te min ûnderwiis wat wierskynlik liedt ta in negativere taalhâlding ensafuorthinne.
Wat dat oangiet lykje der kânsrikere tiden oanbrutsen te wêzen de lêste jierren, mei in oant no ta ambisjeuze provinsje en in fjild dat him feriene hat yn Taalplan Frysk. Ek it feit dat der yn fakatueres (ek dy fan Hof en Rjochtbank) hieltyd faker frege wurdt om behearsking fan it Frysk helpt. Wa wit hoege wy oer in jier of tsien, tweintich gjinien mear te oertsjûgjen. Foarearst hat de diskusje oer it Frysk yn de rjochtspraak mar wer sjen litten dat der ek bûten de rjochtbank wurk te dwaan is.
Laat een reactie achter