Hoe seach it libben fan in frije Fryske frou der út yn de midsiuwen? As ûnderdiel fan syn promoasjetrajekt hat dr. Marvin Wiegand in podcast yn trije dielen makke oer dit ûnderwerp, mei gastoptredens fan dr. Oebele Vries en dr. Han Nijdam. Marvin Wiegand promovearre yn oktober oan de Vrije Universiteit op syn proefskrift The Reception of Learned Law in Fourteenth- and Fifteenth-Century Frisia. Wiegand waard begelaat troch promotor prof. mr. Jan Hallebeek (Vrije Universiteit) en de ko-promotors dr. Han Nijdam (Fryske Akademy) en prof. dr. mr. Hylkje de Jong (Vrije Universiteit).
Laat een reactie achter