Guon meie wol tinke dat dat it Aldfrysk mar in stoffige boel is, mar gelokkich binne der minsken dy’t better wite. “Frisia non cantat”, wurdt gauris sein, “de Friezen sjonge net”. De sanger Bernlef wist wol better. Nee, foar dy âlde Friezen docht it âlde sechje gjin opjild. Hja mochten mei alle wille ris in liet oanheffe at der wat te fieren foel. By brulloften, bygelyks, woene freonen fan it pas troude pear graach in liet hearre lite: “mei winnena sang” hjit dat dan. Dat bart noch altiten wol. Mar doedestiids woene ek ûnderhannelers nei in slagge ûnderhanneling graach har emoasjes fokaal-muzikaal uterje. Dat sjoch ik Arno Brok net fuortendaliks dwaan as er út Den Haach werom komt mei in tazissing fan it regear.
Nim no Magnus, de oanfierder fan de Fryske striders, dy’t Karel de Grutte holpen by it ynnimmen fan Rome. As beleaning wist Magnus allerhanne foarjochten foar de Friezen te betingjen fan de kening. En hy wie pas tefreed doe’t alles yn in dokumint fêststeld wie dat mei in gouden sigel besegele waard. Mei de oarkonde yn ’e hân kearen de Friezen joecheiend nei hûs “mit spile en mit sanghe”. Magnus hellet sels in “loflaysa song” oan: “Kryst unse genathe, kyrieleison!” Dat er dat yn it Leechdútske docht, hoecht ús net bot te fernuverjen. Yn in fremde taal sjongen bekket folle better as yn ’e memmetaal, no?
Hoe’t Magnus syn liet klonken hat, wite wy net krekt – der steane gjin noaten by yn it hânskrift – mar om’t Magnus in tsjerklik liet foar kar naam, kinne wy ús der wol wat by betinke. Der binne hânskriften genôch – ek wol yn Tresoar – dy’t ús dêrby helpe kinne. Dat is oars as’t it wrâldske lieten oanbelanget. Net dat dy der binne yn it Aldfrysk, mar wy hawwe wol gedichten yn dy taal. Wat in útdaging leit der dan om by sa’n gedicht in meldij te meitsjen.
Al in skoftsje lyn hat it muzikaal ensemble Super Librum dy útdaging oangien. Dat selskip, ûnder lieding fan de Grinslanner Jankees Braaksma, hat him talein op it fertolkjen fan âlde muzyk. Dat sadwaande hat Braaksma it gedicht Fon alra Fresena fridome – oerlevere yn twa perkaminten hânskriften út Hunsingo (provinsje Grinslân) út it begjin fan de fjirtjende ieu – wittenskiplik ferantwurd op noaten set. Hoe’t er op dat idee kaam, stiet der net by. Braaksma besiket sa ticht mooglik by de tretsjinde ieu te kommen mei sang en ynstruminten. In útfiering dêrfan kinst hearre op de cd dy’t by in skoander boekje sit: Klinkende Klei (Huizing en Braaksma 2013).
Der sirkulearret hjoed-de-dei noch in oar liet mei de titel Fon alra Fresena fridome, mar dy titel bringt jin wat op ’e doele, want der wurdt songen yn it Frysk fan no. Wol komme allerhanne echo’s út Aldfryske teksten foarby, lykas “sa lang’t de beam bloeit”. De sang en muzyk brûke it idioom fan de tradisjonele folksmuzyk. Der binne twa ferskillende útfieringen fan. De iene, en dat liket my de orizjinele ta, is fan in anonime groep, de oare is fan de Eastfryske groep Wortsatia.
Noch in oanpak om in midsiuwske Fryske tekst ta liet om te foarmjen hat de folkgroep Kapriol’! nommen. Harren each foel op de bekende passaazje yn it Twadde Lânrjocht dêr’t it poerneakene, heiteleaze bern sa byldzjend yn op it aljemint brocht wurdt. Dat mankelyk jonkje hat al folle minsken nei de pinne gripe litten. It moaiste foarbyld is wol it boekje It heiteleaze bern (2010), dêr’t bekende en minder bekende Fryske skriuwers gedichten en koarte ferhalen foar skreaun hawwe. De meinimmende ynlieding fan Oebele Vries jout de kontekst wer en it boekje hat gâns moaie yllustraasjes. It is kreas útjûn en gauris twaddehânsk op ’e kop te tikjen.
Yn ’e simmer fan 2017 krige ik in e-mail fan in Jonathan Posthuma, in komponist út Saint Paul, Minnesota. Ta myn grutte fernuvering dielde er my mei dat er de passaazje oer it heiteleaze bern op muzyk set hie. Syn motivaasje? Posthuma wie der grutsk op dat syn foarâlden oan ’e ein fan njoggentjinde iuw fan Fryslân út nei Amearika ferhuze wiene. Hy hie foar syn komposysje gebrûk makke fan in artikel út 1912 fan de Amerikaanske taalkundige Francis Wood, dy’t besocht om oan te toanen dat dy passaazje ea in alliterearjend gedicht west hat. Dy rekonstruksje hie Posthuma op noaten set, mar hy woe graach rie oer de útspraak fan it Aldfrysk. Dy haw ik him jûn en sa briefken wy in jier wat hinne en wer. Doe waard it stil. Mar ferline wike krige ik ta myn ferrassing wer in brief út Saint Paul, dy’t ik hjir graach werjou:
“Good evening, Prof. Bremmer —
I know it’s been many years since you helped with the pronunciation guide for “An Old Frisian Poem” but I wanted to write to you and share the exciting news that my setting has finally been premiered!
Currently, I am the artistic director of a new music ensemble in Saint Paul, Minnesota and we put together a vocal ensemble to premiere this work — and some others by Minnesotan composers! Finally thrilled to have a recording of “An Old Frisian Poem” which you can hear on my website here:
https://www.jonathanposthuma.com/store/p83/An_Old_Frisian_Poem.html
Sincerely, Jonathan”
Ik soe sizze: klik op de link, harkje nei de fertolking fan it liet en ferwonderje dy oer in notiidske muzikale ynterpretaasje. Wat in stikje Aldfrysk noch altiten dwaan kin!
Everhard Huizing en Jankees Braaksma, Klinkende klei. Middeleeuwse muziek uit Groningen en de Ommelanden. Grins: Passage, 2012.
Jochum Admiraal zegt
Wat in moai stikje skiednis. Tige tank. It soe moai wêze as dy oerlevere lieten noch mear muzyk-wittenskiplik ûndersocht waarden. Efkes mei de provinsje oerlizze, liket my,
Jochum Admiraal.