Oer it dichtwurk fan Tine Bethlehem
Tine Bethlehem debutearre, as tweintichjierrige!, yn 1958 yn literêr tydskrift De Tsjerne, ûnder de namme Tineke Bethlehem, mei fiif gedichten.1 Se folge doedestiids, nei de ULO yn Akkrum, de Foarmingsklasse yn Ljouwert. ‘Minsken fan ’e Foarmingsklasse en minsken fan ’e kweek troffen inoar tusken de middei wol yn ’e lunchroom ’t Fêste Doel, op ’e stille kant fan ’e Nijstêd.’ En sy hie tsjin Tjitte Harings Piebenga sein: ‘Ik skriuw ek wolris in gedicht.’2 Dy gedichten stiene yn in skrift en hy stjoerde se nei de redaksje fan De Tsjerne.3
Fan 1958 oant en mei 1961 waarden yn totaal 38 gedichten fan Tineke Bethlehem yn De Tsjerne publisearre! Nei de Foarmingsklasse kaam se op it gemeentehûs yn Akkrum te wurkjen, typwurk benammen. It foldie har net, en op oanrieden fan ’e dûmny socht se kontakt mei it meniste konferinsjesintrum Heerewegen yn Zeist. Se kaam dêr yn ’e keuken te wurkjen, en trof dêr geregeld in âldere frou, juffrou van Dorssen. Dat it de dichteresse Rixt wie, kaam Tine pas folle letter oan ’e weet! Se koene it goed mei-inoar fine, mar oer Fryske poëzy praten se eins net. Al hie Tine wolris sein, dat sy ek skreau. ‘Mar net dat dat op dat momint no sa belangryk wie,’ seit se. It praat gie oer oare dingen. Yn ’e jierren dêrnei folge Tine Bethlehem de sosjaal-kulturele HBU-oplieding Middeloo yn Amersfoart. En op Skylge, by de Folkshegeskoalle, trof se Tjitte Jans Piebenga.4 Sy trouden yn 1962. Yn ’e jierren dêrnei krigen se twa jonges. Bethlehem wurke, benammen jûns, yn buertsintra, mei jeugd en folwoeksenen.5 It wiene drokke jierren, se ferhuzen ek in pear kear. Fan skriuwen kaam net folle en fan publisearjen ek net. Doe’t se yn Enschede wennen, hie se wol kontakt mei it Frysk Studinteselskip dêre. Se begelate it kabaret, want se hie op Middeloo ek in soad oan drama dien.
Yn 1971 wûn se, as Tine Piebenga-Bethlehem, in Rely Jorritsma-priis, mei it gedicht ‘No chance’.6
No chance
Mei myn sinnen yn ’t gelid
nim ik de parade ôf:
eagen delslein
wosken koartknipt
neat te sjen
oan kin en mûle
koel.
Ik saluearje
krij de koarts
ik saluearje
foar dit byld
och man.
Op ’e legere skoalle skreau Tine Bethlehem al gedichtsjes.7 Se hie yn Aldeboarn, dêr’t se hikke en tein is, Paulus Folkertsma as ûnderwizer en dy makke de skoalbern entûsjast foar muzyk en foar it Frysk. ‘Ik haw dêr in goede oplieding hân,’ seit se, oer hoe’t se Frysk skriuwen learde. ‘Mar as der ynspeksje kaam, dan moasten wy it (Fryske) spul gau opromje.’8
Har fersen yn De Tsjerne krige se goede reaksjes op. Fedde Schurer kaam op in gearkomste spesjaal op har ta om te sizzen dat er har fersen moai fûn. Dochs soe it doe noch goed tritich jier duorje foar’t der in bondel fan har fersen útkaam. Se wenne doe wer yn Ljouwert.9 ‘It hie fan mysels net hoegd,’ sei se yn ’e Ljouwerter Krante.10 Har buorfrou joech de oanset derta. Dy frege wolris nei har skriuwen en trune har oan om te publisearjen: ‘Dêr dogge je de minsken in wille mei.’ Bethlehem naam kontakt op mei Goaitsen van der Vliet, dy’t se koe út har tiid yn Enschede, en tegearre makken se in seleksje út har fersen. Har debútbondel, Swietroken & koperblazers, kaam yn 1995 út by De Oare Utjouwerij. Buorfrou krige it earste eksimplaar oanbean, de boargemaster it twadde.11 Wie se ea bang dat it net goed genôch wie wat se skreau, doe’t de bondel der ienkear wie, sei se yn in ynterview mei Jetske Bilker: ‘Ik skriuw myn fersen foar de minsken en net foar de literêre krityk.’12
De bondel hat in ûngewoane opbou: fan 1995 werom nei 1955. It libben ‘omstekeard’, soe men sizze kinne. De bondel is opdield yn 5 skiften: ‘As it libben licht is’ (1995-1990), ‘Net foar de wolkens’ (1989-1980), ‘Al wer ferhúzje’ (1979-1970), ‘Sûnder publyk’ (1969-1961) en ‘Grien’ (1960-1955). Der steane 88 fersen yn, dy’t selektearre binne út de likernôch 200 fersen dy’t der leine, sa seit de flaptekst. De fersen binne faak koart en gauris steane der op ien side 2 fersen. Sa diene se dat foarhinne yn De Tsjerne trouwens ek, papier wie djoer doe. Yn 1995 hiene de fersen faaks wat mear romte fertsjinne. Oan ’e oare kant, no kin men se lêze as in trochgeande stream fan tekst. Foaral de iersten hawwe ek gauris net in titel, as wiene it mar tafallige ympresjes.
In libben ferrint no ienris net ‘omstekeard’, en dêrom begjin ik dochs mei de lêste fersen yn ’e bondel, de âldsten yn ’e tiid. Fan dy fersen yn De Tsjerne binne (mar) 5 opnommen yn Swietroken en koperblazers, de oaren mochten fan ’e dichteresse wol fergetten wurde, seit de binnenkant fan it omkaft. Is dat net wat skande? Gelokkich binne se, by Tresoar op ’e omgong, rjochts fan ’e trep, nei te lêzen, mar ek thús op ’e kompjûter binne se wol te finen.13 Der soe nochris in aparte stúdzje dien wurde kinne nei dizze fersen. Se freegje derom: hoesa ús ferjitte, hawwe wy dan ek net moaie rigels? Jawis, bygelyks yn it fers, dat begjint mei de rigel ‘der is in blom brutsen’, de lêste beide rigels: ‘ik nim myn rokken by elkoar / en flechtsje foar it libben’.14 Of op ’e selde side: ‘juster en moarn / bin twa séen / bistû juster of / bistû moarn’. Of yn ‘Op ’e nij’: ‘forwêzen bin ik en oan ’e ein / is loslitten dochs genêze.’15 Of út it fers ‘Sé-eilân’: ‘koop’ren wetter / oan myn wurge mûle / ’k glyd fierder / en kin dij net bedjipje’.16 Klaes Dykstra neamt har wurk: ‘Dat dimmen lûd fan biidzjend wachtsjen, en fan teare forheardens’ en is ek fan betinken dat it net yn it ferjittersboek bedarje mei.17
In fers dat ál Swietroken en koperblazers helle hat, yn it skift ‘Grien’ (1960-1955), mar net yn De Tsjerne stien hat, is it neikommende. It liket my mear beripe as de oaren út dy tiid, as wie it fan letter datum. Hoe dan ek, moai ís it:
Bewenje it fers as in hûs
doch de finsters op
bewenje it mei leafde
diel de romten yn.
(s. 57)
In nijsgjirrige rigel út it fers ‘Nachtsile’ is: ‘wij lizze sûnder bân fan tiid / fertize yn ús wurden frjemd en nij / en altyd in slach ús hert benefter.’ Foaral dat lêste yntrigearret. It hert lûkt al wer nei oare saken? It hert is it barren in slach foarút?18
It skift ‘Sûnder publyk’ hat 6 fersen. Dat is net folle foar in desennium. It binne de sechstiger jierren. It skift dêrfoar, út ’e santiger jierren, ‘Al wer ferhúzje’, jout mei it fers ‘Dream’ in prachtich tiidsbyld, út in tiid dat de rolferdieling tusken de genders fêster lei as no.
Dream
Ik hie in dream:
it reinde
alle manlju
fagen de stoepen
och hear, tocht ik.
Doe kaam de wyn
en alle manlju
kloppen kleden
en songen
van je hela hola.
Doe kaam de snie
alle manlju
rûnen mei de bernewein
nei ’t konsultaasjeburo
houdt er de moed maar in
songen hja en alle klokken letten.
It wie de wekker.
(s. 44)
It tsjokste skift is ‘Net foar de wolkens’, mei fersen út ’e tachtiger jierren. Mei it fers ‘Soarchhûs’ wurdt in werkenber byld oproppen, foar elk dy’t sa wolris by ien fân ’e âlden sitten hat.
Soarchhûs 15:00-16:00
foar ús mem
Ik streakje dyn hân.
wat sille wij beprate?
gjin dreech petear.
Ik wol sa graach eins
noch fan alles witte
mar it kin net mear,
wolst net omsjen
it is foarbij.
In oere is gau om:
praat oer de bern,
it iten, it waar
wa’t west ha, freegje ik.
En as ik fuortgean
seisto grif: ‘No al?’
(s. 35)
Dêrneist steane yn dit skift ek de skerpste relasjonele fersen. Yn 1989 is Tine Bethlehem skieden. Dat krige ek syn wjerslach yn ’e gedichten. Yn ‘Sokssawat’ kin it noch alle kanten út, mei de lêste rigel ‘sokssawat as / hâlde fan’. (s. 25) Mar yn bygelyks ‘Satyricon’ is it dúdlik dreech: ‘Underúthelle / twing ik myn spieren / te gean / te wurkjen / en wat ik bin / oerein te hâlden’. (s. 32)
It fers ‘Balâns’ sprekt foar himsels:
‘Balâns’
Do net
hja net
hij net
noait
is immen
slútpost.
Iksels
bin de slútpost
op myn balâns.
(s. 29)
Yn it skift mei fersen út ’e iere njoggentiger jierren, is it iepeningsfers fan ’e bondel, ‘As it libben licht is’ (s. 7), tagelyk de positive ôfsluting fan de earste 40 jier dichtsjen. Hoe waard dizze debútbondel ûntfongen? ‘Gauris in bittere toan hawwe de fersen yn it middenpart,’ skreau Sytske de Boer.19 Babs Gezelle Meerburg neamde: ‘It grutste beswier tsjin Swietroken & koperblazers is lykwols wol dat Bethlehem har fersen mear op weromkennen rjochte binne as op ferbreding fan ’e fizy fan ’e lêzer.’ De bondel krijt dêrtroch, neffens Gezelle Meerburg te folle in ‘deiboekeftich karakter’ en soe dêrmei minder nijsgjirrich wêze foar lêzers dy’t yn poëzy mear sykje as identifikaasje.20 Tine Bethlehem tilt dêr net swier oan, en sa heart it ek te wêzen. Men skriuwt wát, en fóár wa’t, men skriuwe moat. It ûndersteande gedicht fan Bethlehem is in moai statement datoangeande:
Dichtsje
Ik dichtsje net foar de wolkens,
de grutte, de skippen.
Ik dichtsje foar de man
op de steger
de balâns op it swypkjende hout
de wrâld tuskens stegers en stiennen
de dûns om de brogge
de lea stikken
tinke oan thús
en aanst yn ’t skoft
de skonken efkes op in stoel
Ik dichtsje net foar de wolkens,
de grutte, de skippen.
Ik dichtsje foar de frou nextdoor
betiid yn ’t spier
de popsinder op lûd
buffer tusken man en bern
mei hurde hannen
en in sêft moed
betrouber punt
as ik wurch thúskom.
Ik dichtsje net foar de wolkens
ik dichtsje foar de man en de frou
soms tichtebij, soms fier fuort.
(s. 19)
Yn 2001 kaam de twadde bondel fan Tine Bethlehem út, Wetter en stien, mei foto’s fan Elske Riemersma. Der steane 19 Fryske fersen yn, 17 Nederlânske. Ien gedicht stiet der yn beide talen yn: ‘Yllúzje’ – ‘Illusie’. De bondel krige de priis foar moaist útjûne bondel (Liuweprint 2001). Hie se de gedichten der apart foar skreaun? ‘Nee,’ seit se, ‘dy leine der.’21 It binne frije fersen. Se hawwe wat mear wurden meast as yn Swietroken & koperblazers. De rigels rinne wat breder oer de siden. Soms is it hast in sonnet (‘Sedum album’ (s. 8) mei 5-4-3-3 rigels.
Mei Akky Kuiper-van der Veer folge Tine Bethlehem in oplieding ta skriuwdosint (1997-1998). Se giene ek tegearre nei Ingelân ta, by de Hadrian’s wall lâns. ‘As Akky op ûndersyk út wie, foar har boek, dan koe ik skriuwe,’ seit Bethlehem.22 Dat smiet ûnder oaren it fers ‘Greenhead’ (s. 30) op. Babs Gezelle Meerburg neamt it fers in ‘dichterlik fonkelstientsje’.23 Moaiste rigels yn dit gedicht, wat my oanbelanget: ‘hjir hat de tiid de tiid / … / en nimmen wit aanst noch datsto hjir wiest’.
Tine Bethlehem hat nei Wetter en stien net mear publisearre. Se skriuwt no ek net mear, seit se.24 Alsa liket it lêste fers út Wetter en stien dus har lêste gedicht te wêzen. Ik sitearje it hjir yn syn gehiel:
Skulp
Tusken it basalt rûgele bin ik ta skulp wurden: de dagen
fan droechte binne foarby, de grauwe stiennen glânzgje wiet.
Oanienwei stjoert de rein-tamtam berjochten nei de see
roffels, rûzjen, streamen, tikjen en gekletter. Ik slút myn skalen
lis myn sear, in sânkerl, te fûnling yn myn oesterhert
lit los en driuw op goed gelok lâns kusten fan in frjemd lân.
(s. 58)
Net in min fers om mei te besluten!
Sa binne der al mei al, foar de minsken, fier fuort of tichterby, yn Tine Bethlehem har twa dichtbondels genôch foarbylden fan moaie rigels, en moaie fersen, dy’t it wurdich binne om bewarre te bliuwen, en om út en troch mei wille nei te lêzen.
Fan Tine Bethlehem is it fers ‘Foar in moedeleaze’,25 opnommen yn de bondel Leave deade – Hûndert fersen oer de dea.26 Datselde fers is hiel resint ek opnommen yn ’e katalogus by de útstalling ‘Als de dood’, Museum Belvedère (11 feb-11 juny 2023).
1 De Tsjerne, nû. 9, 1958, s. 236-237.
2 Yn telefoanpetear 18-04-2023 (n.o.f. oankundiging fan dizze Utljochte yn Letterhoeke, nû. 1, 2023, s. 10-11), hjir fierder nei ferwiisd as ‘telefoanpetear’.
3 Biografy Tine Bethlehem.
4 Yn it ynterview dat ik op 2 maaie l.l. mei har hold yn it ramt fan ’e Ynterviewbondel Fryske dichteressen, hjir fierder oantsjut as YBFD. It is in projekt fan de Literêre Rigen fan de Fryske Akademy. De Afûk sil de bondel útbringe, nei ferwachting yn 2024.
5 Telefoanpetear.
6De Strikel, nû. 8/9, 1971; Swietroken & koperblazers, s. 46.
7 Anja de Vries, ‘Inspirerende ideeën voor prille poëten’, Leeuwarder Courant, 11-03-1999.
8 YBFD.
9 YBFD.
10 De Vries, LC, 11-03-1999.
11 YBFD.
12 Jetske Bilker, ‘Ik bin hiel sunich op moaie rigels‘, LC, 01-09-1995.
13 Sjoch: www.dbnl.nl.
14 De Tsjerne, nû. I, 1959, s. 17.
15 De Tsjerne, nû. VIII, 1959, s. 240.
16 De Tsjerne, nû. III, 1960, s. 73.
17 Klaes Dykstra, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, De Tille, Ljouwert, 1976, s. 134.
18 De Tsjerne, nû. VIII, 1959, s. 238.
19 Sytske de Boer, ‘It debút fan Tine Bethlehem’, LC, 29-08-1995.
20 Babs Gezelle Meerburg, ‘Fata morgana’s fan leafde’, LC, 10-11-1995.
21 Telefoanpetear.
22 YBFD.
23 Babs Gezelle Meerburg, ‘Wurden fan stien, bylden fan wetter’, LC, 11-01-2002.
24 YBFD.
25 Swietroken en koperblazers, s. 22.
26 Leave deade – Hûndert Fryske fersen oer de dea, gearstald troch Baukje Wytsma en Tineke Steenmeijer- Wielenga. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 2003.
Dit stik is earder ferskynd yn Letterhoeke, nû. 1, 2023 en op de webside fan Tresoar.
Laat een reactie achter